Springe nei ynhâld

Mainz

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Moguntiacum)
Mainz
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
Stedsyndieling 15 Ortsbezirke
Sifers
Ynwennertal 217.556 (2021)
Oerflak 97,73 km²
Befolkingsticht. 2.226 ynw./km²
Hichte 82-245 m
Oar
Stifting 10 f.Kr.
Koördinaten 50° 0' N 8° 16' E
Offisjele webside
www.mainz.de
Kaart
Mainz (Rynlân-Palts)
Mainz

Mainz is de haadstêd en grutste stêd fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz). De stêd leit op de linkerigge fan de Ryn tsjinoer de útrin fan de Main.

De binnenstêd fan Mainz is it besjen wol wurdich, mei as wichtichste monumint de dom fan Mainz, ien fan de trije Romaanske Kaiserdome oan de Ryn.

Mainz hat in mearsidige ekonomy. It stiet bekend as mediastêd troch de setels fan ZDF, SWR en 3Sat. Ek it haadkantoor fan Railion (earder: Deutsche Bahn Cargo) is yn Mainz fêstige. Yn Mainz is ek in universiteit.

Mainz is, op Keulen nei, de stêd dêr't yn Dútslân it karnaval it meast útskroeven fierd wurdt.

Mainz hat in lange skiednis, dy't werom giet oant de prehistoarje. Op it plak fan in Keltyske delsetting hawwe de Romeinen harren Moguntiacum stifte. Mainz wie al yn de 8e iuw in bisdom, dêr't de biskop ek wrâldske macht hie: hy waard ien fan de sân karfoarsten yn it Hillige Roomske Ryk. De biskop fan Mainz fierde de earetitel fan Primas Germaniae.

Mainz krige yn 1476 foar it earst in universiteit, mar dizze waard yn de 17e iuw sletten. De tsjintwurdige Johannes-Gutenberg-Universität datearret fan 1946. Hy is neamd nei de ferneamde boekprinter Johannes Gutenberg, dy't fan Mainz kaam.

Yn 1792 waard Mainz ynnaam troch Frânske revolúsjonêre troepen, dy't dêrnei de Mainzer Frijsteat útrôpen. Njoggen moanne letter waard de stêd werom ferovere. Yn de Twadde Wrâldkriich waard in grut part fan de stêd ferneatige. Nei de oarloch moast Mainz by de bestjoerlike weryndieling fan Dútslân de wiken oan de oerside fan de Ryn ôfstean oan Wiesbaden, dat sûntiids grutter is. Nei de oarloch waard de binnenstêd restaurearre, wêrby it midsiuwske strjittepatroan behâlden bleau. Bysûnder is het strjitnammesysteem út 1853: Alle strjitten parallel oan de Ryn hawwe blauwe strjitnammebuorden, de strjitten leadrjocht op de Ryn binne mei reade strjitnammebuordsjes oanjûn.

Yn 1958 wie yn Mainz it Universeel Esperantokongres.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]



Stedsgebieten fan Mainz

It stedsgebiet fan Mainz bestiet út 15 Ortsbezirke. Elts Ortsbezirk hat in keazen Ortsbeirat fan 13 leden en in keazen Ortsvorsteher, dy't de Ortsbeirat foarsit. De Ortsbeirat giet oer alle saken fan it Ortsbezirk, mar it definitive beslút oer in maatregel wurdt troch de gemeenteried fan de stêd nommen.

Ortsbezirken

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net mear besteand:

  • Gutenberg Museum
  • Landesmuseum Mainz
  • Kunsthalle Mainz
  • Naturhistorisches Museum Mainz
  • Diozesan Museum
  • Römisch-Germanisches Zentralmuseum
  • Stadthistorisches Museum
  • Fastnachtsmuseum

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rynlân-Palts Flagge fan Rynlân-Palts
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

· · Berjocht bewurkje