Lêste Glasiaal
De Lêste Glasiaal wie in glasiaal dy't duorre fan 117.000 oant 11.700 jier lyn. Dat tiidrek, dat in protte ûnderskate nammen draacht, wurdt troch leken ornaris oantsjut as de lêste iistiid, hoewol't wy eins no ek noch yn deselde iistiid libje: de Kwartêre Iistiid. Glasialen en ynterglasialen binne nammentlik kâldere en waarmere perioaden binnen in iistiid, en de lêste 12.000 jier libje wy yn in ynterglasiaal. De Lêste Glasiaal is it bekendste diel fan 'e Kwartêre Iistiid, en is yngeand ûndersocht yn Jeropa, Noard-Amearika, Sibearje, de Himalaya en oare regio's dy't doe ûnder in iiskape of gletsjer strûpten. Dêr hie fral it Noardlik Healrûn mei te krijen, en mar inkele gebieten op it Súdlik Healrûn, hoewol't de hiele wrâld de effekten fan 'e útwreiding fan 'e iiskapen ûndergie.
Nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e Lêste Glasiaal binne op ferskillende plakken ferskillende nammen jûn: Weichsel op it noardlike fêstelân fan Jeropa; Würm yn 'e Alpen; Devensian yn Grut-Brittanje; Midlandian yn Ierlân; Valdaj yn Jeropeesk-Ruslân; Zyrjanka yn Sibearje; Wisconsinan yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika; Pinedale yn 'e Rocky Mountains; Fraser yn it Pasifysk Kustberchtme; Mérida yn 'e noardlike Andes fan Fenezuëla; Llanquihue yn Sily; en Otira yn Nij-Seelân.
Tiidrek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Lêste Glasiaal ûntstie oan 'e ein fan 'e Foarlêste Ynterglasiaal, ek bekend as de Eem-ynterglasiaal. Dy einige omtrint 117.000 jier lyn en wie de op ien nei lêste ynterglasiaal yn in oanhâldende ôfwikseling fan glasialen en ynterglasialen sûnt de Kwartêre Iistiid 2.588.000 jier lyn úteinsette mei de foarming fan in Arktyske iiskape. Likernôch 22.000 jier lyn berikte de Lêste Glasiaal syn glasiaal maksimum, de grutste útwreiding fan it lâniis. Omtrint 11.700 jier lyn kaam der in ein oan 'e glasiaal, en begûn de hjoeddeistige ynterglasiaal, dy't gearfoel mei it Holoseen, it hjoeddeistige geologysk tiidrek.
Noardlik Healrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Lêste Glasiaal wreide it de Skandinavyske iiskape him út oer it Baltikum, it noarden fan Dútslân, Poalen en Jeropeesk-Ruslân en ek oer it noarden fan 'e Britske Eilannen. Yn it easten rikte it lâniis oant it Tajmyr-skiereilân yn westlik Sibearje. It glasiaal maksimum waard yn Sibearje tusken 18.000 en 17.000 jier lyn berikt, in stik letter as yn Jeropa, dêr't it omtrint 22.000 jier lyn plakfûn. Yn noardlik Dútslân lei de uterste grins fan it lâniis op 'e lâningte fan Sleeswyk-Holstein en by Elbe by Hamburch lâns. Nederlân wie ûnder de Lêste Glasiaal frijwarre fan lâniis, hoewol't it dêr yn 'e Foarlêste Glasiaal en de Foarfoarlêste Glasiaal wol ûnder strûpt wie. Yn 'e Lêste Glasiaal wie Nederlân lykwols in toendragebiet, krekt as it meastepart fan Noardwest- en Midden-Jeropa.
It noardeasten fan Sibearje lei yn 'e Lêste Glasiaal net ûnder in grutskalige lâniiskape, hoewol't ferskate berchtmen yn it gebiet, lykas it Kamtsjatka-berchtme op it Kamtsjatka-skiereilân, wol oerdutsen waarden troch grutte gletsjers. Bûten de oaniensletten iiskape yn it noarden kaam yn 'e Lêste Glasiaal yn Jeraazje op in protte plakken fergletsjering fan heechberchtmen foar. De grutste isolearre iiskapen wiene te finen yn 'e Himalaya yn Aazje, yn 'e Alpen yn Jeropa en yn 'e Kaukasus op 'e grins fan dy beide wrâlddielen. Ek de Pyreneeën, de Karpaten, de Tatra, it Balkanberchtme en it Sagrosberchtme yn wat no Iraan is, wiene oerdutsen troch gletsjers. Guon saakkundigen ornearje dat it glasiaal maksimum yn 'e Himalaya en op it Tibetaansk Plato tusken 47.000 en 27.000 jier lyn berikt waard, mar dy datearring is kontroversjeel, krekt as de teory dat it hiele Tibetaansk Plato mei in trochrinnende iiskape oerdutsen wie.
Yn Noard-Amearika wie it grûngebiet fan wat no Kanada is, frijwol hielendal oerdutsen troch de ûnbidich grutte Laurentidyske iiskape. Datselde gou foar it noardlike diel fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten: Nij-Ingelân, New York, Pennsylvania, it hegere Midwesten en dielen fan Montana, Idaho en Washington. Alaska bleau lykwols, krekt as it oangrinzgjende noardeastlik Sibearje, troch oanhâldende drûchte frij fan iis. De Rocky Mountains en it Pasifysk Kustberchtme hiene yn Noard-Amearika har eigen grutte iiskapen, en in beheindere gletsjerfoarming fûn plak yn û.m. de Sierra Nevada fan Kalifornje. Under ynfloed fan 'e Lêste Glasiaal feroare de geografy fan 'e eastlike helte fan Noard-Amearika benoarden de rivier de Ohio op radikale wize. Troch it útskraabjen fan sêfte grûn troch it iis en it gearrinnen fan teiwetter doe't it iis him werom begûn te lûken, ûntstiene de Grutte Marren. De ferneamde wetterfal Niagara Falls is ek in produkt fan 'e Lêste Glasiaal, en itselde jildt foar de rin fan 'e rivier de Ohio, dy't yn it plak kaam foar de eardere rivier de Teays.
Yn oare dielen fan it Noardlik Healrûn kamen gjin grutte iiskapen foar, mar wol pleatslike gletsjers yn heechleine gebieten. Sa rekken de Japanske Alpen en dielen fan Taiwan ferskate kearen fergletsjere. Yn beide kriten soe it glasiaal maksimum tusken 60.000 en 30.000 jier lyn berikt wêze. Yn mindere mjitte krong de gletsjerfoarming sels troch yn Afrika, dêr't gletsjers ûntstiene yn 'e Hege Atlas fan Marokko, it Atakormassyf fan súdlik Algerije en op ferskate bergen yn Etioopje.
De Noardlike Iissee tusken de grutte iiskapen fan Jeraazje en Noard-Amearika wie yn 'e Lêste Glasiaal net folslein beferzen, mar waard nei alle gedachten krekt as hjoed de dei oerdutsen troch in relatyf tin iisdek, dat bleat stie oan feroarings mei de jiertiden. By 't maitiid en simmerdeis soe it foar in part fuortteid wêze, om hjerstmis en winterdeis wer oan te groeien. Yn it gebiet soe it optild hawwe fan iisbergen dy't ôfkealle wiene fan 'e omlizzende iiskapen. De sedimintgearstalling yn acht nommen fan meunsters dy't út 'e seeboaiem helle binne, moatte der sels tiden west hawwe dat de Noardlike Iissee in diel fan it jier hast iisfrij wie.
Súdlik Healrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it Súdlik Healrûn wie de ynfloed fan 'e Lêste Glasiaal folle beheinder fanwegen de lizzing fan 'e kontininten. Antarktika wie fansels hielendal oerdutsen mei iis, mar dat is it no ek. Troch de brede seeën om dat wrâlddiel hinne koe de Antarktyske iiskape him net nei oare lânmassa's útwreidzje. Yn Súd-Amearika bestie yn 'e súdlike Andes de Patagoanyske iiskape, dy't yn Sily tusken 33.500 en 13.900 jier lyn seis kear ta in maksimum oanwoeks en dêrnei wer ynkromp. Yn it Méridaberchtme fan 'e noardlike Andes yn Fenezuëla befûn him in folle lytsere gletsjer, dy't ferlykber wie mei wat der yn 'e Karpaten barde.
Op it fêstelân fan Austraalje rekke mar in hiel lyts gebiet om 'e Mount Kosciuszko hinne oerdutsen troch gletsjers, mar op Tasmaanje wie de fergletsjering folle algemiener. Yn Nij-Seelân foarme him in oanienslette iiskape oer de Nijseelânske Alpen op it Sudereilân, dêr't it iis him teminsten trije kear útwreide en wer weromloek. Ek yn westlik Nij-Guineä (no diel fan Yndoneezje) waard in frij grut gebiet oerdutsen troch gletsjers, dêr't hjoed de dei op trije plakken noch restanten fan besteane.
Yn Súdlik Afrika ûntjoegen har lytse gletsjers yn inkele heechleine gebieten dy't dêr gaadlik foar wiene, lykas de Heechlannen fan Lesoto yn 'e Drakensbergen. Ut ûndersyk hat bliken dien dat gletsjers yn Súdlik Afrika oer it algemien yn 'e waarme jiertiden frijwol hielendal fuortteiden, mar yn 'e kâldere jiertiden wer oanwoeksen. It gebiet soe doedestiden in temperatuer hân hawwe dy't ferlykber wie mei dy fan Tasmaanje en Patagoanje yn deselde perioade. Ek op 'e Kilimanjaro en de Mount Kenya, yn East-Afrika ûntstiene iiskapen, en itselde gou foar it Rûwenzoary-berchtme fan Sintraal-Afrika, dêr't men ek tsjintwurdich noch de restanten fan inkele gletsjers oantreft.
Argeology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut argeologysk eachpunt foel de Lêste Glasiaal yn it Paleolitikum en it iere Mesolitikum. Doe't de glasiaal begûn, wie Homo sapiens, de moderne minske, yn syn fersprieding beheind ta Afrika, en brûkte er ark dat ferlykber wie mei it ark dat ek oare minskesoarten brûkten, lykas de neändertalers yn Jeropa en de Homo erectus yn Aazje. Under de Lêste Glasiaal migrearre Homo sapiens nei Jeraazje en Austraalje, en mooglik úteinlik ek nei de Amearika's, hoewol't de krekte datearring fan dy lêste migraasje kontroversjeel is. Omtrint 40.000 jier lyn stoar de neändertaler út of waard er troch Homo sapiens assimilearre (ek wer in kontroversjeel punt). Argeologyske en genetyske gegevens lykje oan te jaan dat de wichtichste populaasjes paleolityske minsken de glasiaal oerlibben yn gebieten dy't licht beboske wiene, dêr't se yn lytse groepkes relatyf fier útinoar wennen.
De ein fan 'e Lêste Glasiaal, omtrint 11.700 jier lyn, gie mank mei de saneamde Holoseenske ekstinksje: it útstjerren fan in protte bisten dy't earder rûnom foarkamen. Dat barren wurdt benammen assosjearre mei de Pleistoseenske megafauna, bisten dy't oer it algemien grutter fan stal wiene as harren hjoed de dei noch besteande sibben. Men kin dan tinken oan 'e wolhierrige mammoet, de Amerikaanske mammoet, de wolhierrige noashoarn, de hoalebear, de hoaleliuw, de Amerikaanske liuw, de hoalehyena, it reuzehart, de reuzewolf en de reuzegrûnloaiert. Ferskate teoryen binne oanfierd om dizze massa-ekstinksje te ferklearjen, wêrûnder klimaatferoaring, sykten, oerbejaging troch de minske, in ûnderstelde asteroïdeynslach yn it Jonge Dryas, en sa mear. De massa-ekstinksje op 'e oergong fan it Pleistoseen nei it Holoseen is lykwols mar ien út in hiele rige megafauna-ekstinksjes dy't tebekgiet oant it begjin fan it libben op 'e Ierde. Sels yn 'e lêste 50.000 jier hawwe der ferskate fan sokke foarfallen west.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side. |