Springe nei ynhâld

Lytse boskmûs

Ut Wikipedy
lytse boskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus uralensis
Pallas, 1811
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De lytse boskmûs of Oeralboskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus uralensis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn hast hiel East-Jeropa en dielen fan Midden-Jeropa, Lyts-Aazje, de Kaukasus, súdlik Sibearje en Sintraal-Aazje.

It ferspriedingsgebiet fan 'e lytse boskmûs omfiemet de Baltyske steaten, súdlik Poalen, Tsjechje, Slowakije, dielen fan Eastenryk en Dútslân, Lychtenstein, Hongarije, dielen fan Kroaasje, Servje, Montenegro en Bulgarije, noardlik Roemeenje, Moldaavje, de Oekraïne, Wyt-Ruslân, westlik Ruslân, de Koeban-regio, de Russyske Kaukasus, Abgaazje, Súd-Osseesje, Georgje, Armeenje, Azerbeidzjan, noardeastlik Turkije, noardwestlik Iraan, eastlik Kazachstan, Kirgyzje, Tadzjikistan, noardeastlik Afganistan, de Russyske Altai en dielen fan Mongoalje, Oezbekistan, noardlik Pakistan en noardwestlik Sina.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse boskmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7-9⅔ sm, mei in sturtlingte fan 6½-9½ sm en in gewicht fan 17 g. De sturt is hast like lang as it lichem. De lytse boskmûs is behindiger en grizer fan kleur as de (gewoane) boskmûs (Apodemus sylvaticus), mei lytsere earen en eagen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse boskmûzen libje it leafst yn gebiet mei strewelleguod, lang gers of ûndergroei. Hy yt fral gers, sied, nôt, krûden en ynsekten, oanfolle mei fruchten en beien, woartels en blommen. Wat syn hâlden en dragen oanbelanget, wykt de lytse boskmûs net folle ôf fan 'e boskmûs (Apodemus sylvaticus). De peartiid duorret by lytse boskmûzen fan maart oant augustus. Eltse smeet bestiet út 3-8 jongen.

De lytse boskmûs waard foar it earst beskreaun (en erkend as selsstannige soarte) yn 1811, troch Peter Simon Pallas. Akseptearre synonimen binne Apodemus microps Pallas 1811 en Sylvaemus microps Kratochvil & Rosicky 1952. De lytse boskmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.