Springe nei ynhâld

Liudger

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Liudgers)
Liudger
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 742
berteplak Zuilen
stjerdatum 809
stjerplak Billerbeck

Liudger (Zuilen by Utert, 742 - Billerbeck 26 maart 809) wie yn de 8e iuw in misjonaris en biskop yn it gebiet fan 'e Friezen en 'e Saksen. Hy makke it wurk ôf fan 'e evangeeljeprekers Willibrord en Bonifatius en wurddt wol as de "apostel fan de Saksen" oantsjut. [1] Liudger is de patroanhillige fan Balk. Syn feestdei is op 26 maart.

Liudger syn pake Wursing wie in Fryske ealman, dy't in 'e tiid fan kening Redbad de kant fan de Franken keas en nei Luik flechte. Dêr kaam er yn kontakt mei it kristendom en bekearde him ta dat leauwen. Syn soan Thiadgrim troude mei Liafburg, in fromme kristen fan de Fryske adel en út dat houlik waard Liudger berne. Liudger folge syn oplieding yn Utert by Gregoarius fan Utert en letter stjoerden syn âlden him nei York yn Ingelân. Yn dy tiid stie de ferneamdste skoalle fan Westlik-Jeropa ûnder lieding fan Ealwyn. Letter soe dy gelearde persoan de hofskoalle fan Karel de Grutte ûnder syn hoede krije.

Sint-Liudger as biskop yn 'e Klús fan Us Leaffrou fan de Besletten Tún, Warfhuzen.

In 777, yn de âldens fan 43 jier, begûn Liudger syn apostelwurk yn Dimter. Fan derút wreide er syn wurk út nei it noarden, oant de fierste úthoeken fan de Fryske wrâld. Oan 'e ein fan eltse simmer sylde er fan Starum út nei Utert, om dêr yn 'e hjerst les te jaan oan de kleasterskoalle.

Syn foargongers, benammen Bonifatius, hienen net folle sukses hân yn 'e noardlike kontreien. Liudger hie it grutte foardiel dat er de Fryske lânstaal prate. Neffens de oerlevering hat de genêzing fan 'e bline bard Bernlef, foar in grut part bydroegen oan syn sukses. Op ien fan syn reizen troch Grinslân kaam Liudger de bline bard tsjin yn Helwerd. Hy besocht om Bernlef ta it kristendom te bekearen. Bernlef soe doe tsjin Liudger sein hawwe, "as jo God sa almachtich is, toan my dan in teken". Liudger lei dêrop de hannen op 'e eagen fan Bernlef en nei it sprekken fan in gebed koe de bline bard wer sjen. It nijs fan dy genêzing gie doe as diggelfjoer troch it lân fan de Friezen.

Nei it delslaan fan de opstân fan Unno en Eilrad yn Rjustringen waard Liudger foar missywurk nei de eastlike Fryske gebieten en de Saksen yn Múnsterlân stjoerd. Yn 796 stifte Liudger yn Mimigernaford (Múnster) in kanunnikenkleaster oan 'e rivier de Roer. Om fan dat kleaster in sintrum fan beskaving en kennis te meitsjen, joech er al syn besit oan it kleaster. Neitiid waard Liudger biskop fan Múnster. Liudger ferstoar yn de âldens fan 67 jier.

Liudgerskryn yn Werden.

De reliken fan Liudger wurde yn in skryn yn 'e krypte fan 'e abdijtsjerke Sint-Ludgerus yn Werden by Essen.[2]

Liudger wurdt fakentiden as biskop út- en ôfbylde. As attribút hat er somtiden in pear guozzen by him. Dy guozzen ferwize nei syn útstel om yn ûnrêstige tiden guozzen te hâlden, dy't by need as iten brûkt wurde kinne.[3]

  • Dirk Otten "Ludger, woorden en daden"
  • H. Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, Utert, 2000, s. 290–292 en 294.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Liudger fan Wikimedia Commons.