List fan treinûngelokken yn Fryslân

Ut Wikipedy
17 desimber 1869, Feanskieding, passazjierstrein bedarret op in iepene beweechbere brêge.

Yn dit oersjoch fan treinûngelokken yn Fryslân is in sa folslein mooglik oersjoch jûn fan treinûngelokken yn Fryslân. De definysje fan in treinûngelokken is in spoarwei besibbe ûngelok. Fan in treinramp is sprake by in grut tal deaden. Fan ûngemakken op oerwegen wurde allinnich útsûnderlike gefallen neamd.

Datum Plak/Trajekt Deaden Ferwûnen Omskriuwing
31 maart 1868 Harns
Steatsline B
1 1 De trein fan 7 oere nei Grins stie klear foar it ôfreizgjen doe't de tsjettel fan lokomotyf 8 ûntplofte op it stasjon fan Harns.[1]
17 desimber 1869 Feanskieding
Ljouwert - Swol
3 Nei stasjon It Hearrenfean ried in passazjierstrein oer in iepene beweechbere brêge. De brêgewipper fergeat troch omstannichheden de brêge op tiid te sluten. Doe't er de stoomfluit hearde fan de trein dy't fuortgong fan it stasjon, draafde er nei bûten om de brêge dochs noch te sluten, mar dat slagge net goed. Dêrnei woe er de masinist warskôgje mei in warskôgingsflagge, mar pakte by fersin de ferkearde en seine dêrtroch dat alles feilich wie. De trein ried de brêge op, ûntspoarde, mar foel net yn it wetter, omdat de lokomotyf de lânhaad oan 'e oare kant berikt hie en de trein hingjen bleau boppe de feart. De brêge oer de Feanskieding waard folslein fernield.
23 jannewaris 1912 Hurdegaryp
Ljouwert - Grins
By stasjon Hurdegaryp botste in passazjierstrein efterop in rangearjende frachttrein.
6 febrewaris 1912 Bûtenpost
Ljouwert - Grins
By stasjon Bûtenpost botste in passazjierstrein efterop in rangearjende frachttrein. Troch de klap kantele de lêste frachtwagon en ek de foarste lokomotyf fan de reizgerstrein ûntspoarde en rôle fan it spoar.
27 jannewaris 1927 It Hearrenfean
Ljouwert - Swol
1 Op It Hearrenfean botste in flugge trein op in oantal frachtwagons. Troch in stoarm waarden op stasjon It Hearrenfean trije frachtwagons troch de rem blaasd. De wagons kamen ta stilstân yn it wiksel nei it haadspoar, dêr't krekt de flugge trein út Ljouwert binnen kaam. De trein botste tsjin de wagons oan.
19 juny 1927 Hallum
Eanjum - Ljouwert
4 By Hallum ûntspoarde in lokomotyf mei folle gong en ried de feart yn. In losse lokomotyf fan de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij wie mei in gong fan 80 km/o ûnderweis rjochting Ljouwert, doe't de lokomotyf ynienen ûntspoarde. De lokomotyf ried earst in tal dwerslizzers stikken, botste tsjin in telegraafpeal en foel úteinlik fan in brêge ôf. De lokomotyf sonk daliks en kaam ûnderstboppe yn 'e feart telâne. De oarsaak fan de ûntspoaring is nea efterhelle. Yn earste ynstânsje gie de spoarweimaatskippij dêrfan út dat de masinist te hurd riden hie en waard foar straf trije dagen lean ynhâlden. De rjochter achte dat lykwols net bewiisd en liet de masinist rehabilitearje.
21 as 22 septimber 1944 Nijesyl
Ljouwert - Starum
2 By Nijesyl ried in "Dútske trein" ûnder de spoarweistaking op 21 as 22 septimber 1944 yn tichte mist tsjin de iepene spoarbrêge oer de Wide Wimerts oan.
1 juny 1948 Holwert
Eanjum - Ljouwert
1 Op it stasjon fan Holwert waardt in koalewagon lost doe 't in passearjende frachttrein ûntspoarde. De lokomotyf ramde de stilsteande reau, dy't út de rails drukt waard en dêrnei rekke waard troch de fjouwer frachtreauwen fan de passearjende trein. De ûntspoaring waard nei alle gedachten feroarsake troch de minne tastân fan it spoar.
25 febrewaris 1969 It Deel
Ljouwert - Swol
Yn de flugge trein Ljouwert-Swol bruts nei it passearjen fan stasjon Akkrum brân út yn de efterste bak. In passazjier dy't de brân ûntduts, luts oan de needrem en sloech alarm. De trein kaam ta stilstân op 'e hichte fan de brêge oer It Diel, wêrtroch't de brânwacht de grutste muoite hie om de trein te berikken. Uteinlik giene twa fan de fjouwer bakken folslein ferlern. Letter die bliken dat der yn de trein in lytse hoemannichte radio-aktive isotopen ferfierd waard, wat doedestiids wol faker barde by passazjierstreinen. De brânwacht krige dit lykwols pas in dei nei de brân te hearren, wêrop't tsien brânwachtminsken en de kondukteur opnaam waarden yn it sikehûs. Net ien fan de manlju bliek wat oprûn te hawwen.
16 septimber 1994 Kammingabuorren
Grins - Ljouwert
Om kertier foar twaen hinne wie in konfoai fan fjouwer stellen DH-materieel (Waadrinners) en in ICM (Koprinner) ûnderweis fan Stasjon Grins nei Ljouwert. Tusken Tytsjerk en Ljouwert krekt foar Kammingabuorren botste de trein op in keppel kij, dy't losbrutsen wiene út in oanbuorjende greide. Troch de klap ûntspoarden alle fjouwer DH-stellen, wêrby't trije stiks it spoar ferlieten en yn de njonkelizzende sleat en greiden ta stilstân kamen. It lutsen ICM-stel bleau op it spoar. De masinist fan de trein rekke net ferwûne, mar fiif kij kamen om it libben.
13 augustus 1995 Spoar fan Ljouwert nei Starum Tusken Hylpen en Warkum botste in trein op twa grutte betonblokken, dy't op it spoar lein wiene. De trein rekke swier skansearre en moast fuortsleept wurde.
25 july 2010 Starum
Ljouwert - Starum
2 Op de jûn fan 25 july 2010 om 23:30 oere hinne, ried in Italjaanske wurktrein mei hege gong troch de stjitblokken fan stasjon Starum. Nei de stjitblokken ramd te hawwen skode de trein noch tsientallen meters troch, wêrby't in tankwein meinaam waard en in wettersportwinkel trochboarre waard. De trein kaam úteinlik op in pleintsje efter de winkel ta stilstân. De skea rûn yn de miljoenen euro's.
11 jannewaris 2019 Ljouwert
Ljouwert - Grins
6 Op de jûn fan 11 jannewaris 2019 parkearde in Tsjechyske frachtweinsjauffeur syn frachtauto laden mei molkpoeier dwers op in oerwei by FrieslandCampina yn Ljouwert. De oanstoarmjende flugge trein nei Grins koe net mear op 'e tiid remje en ried de tankwein, dwerstroch. De trein ûntspoarde, mar nettsjinsteande grutte skea oan de kabine fan de trein, rekke de masinist mar licht ferwûne. De oerwei ynstallaasje waard foar in grut part út de grûn riden. De frachtweinsjauffeur bliek net bekend te wêzen en tocht dat it spoar in net-brûkt fabryksspoar wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De tender fan lokomotyf 8 is, nei de ûntploffing mar kwealik skansearre rekke en hat noch oant 1932 tsjinst dien as tender fan lokomotyf 13, sawol lokomotyf 13 as de tender dy't ea ta lokomotyf 8 hearde binne bewarre bleaun, en steane hjoed de dei yn it spoarweimuseum yn Utert. de tender hat op de efterkant noch altyd syn eardere nûmer 8 stean.