Springe nei ynhâld

Warner Bros. Studios, Leavesden

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Leavesden Studios)
Warner Bros. Studios, Leavesden
De yngong fan 'e studiotoer The Making of Harry Potter.
De yngong fan 'e studiotoer The Making of Harry Potter.
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Leavesden (Hertfordshire)
oprjochte 1994
mem Warner Bros. Studios
offisjele webside
www.wbsl.com
kaart
Warner Bros. Studios, Leavesden (Ingelân)
Warner Bros. Studios, Leavesden
Lokaasje yn Ingelân.

De Warner Bros. Studios, Leavesden, foarhinne de Leavesden Studios, binne in studiokompleks yn it Ingelske doarp Leavesden, by Watford, yn Hertfordshire, dêr't de opnamen foar in protte films plakfine. It kompleks is eigendom fan 'e Amerikaanske filmstudio Warner Bros., mar de fasiliteiten binne te hier foar eltse filmstudio. Foarhinne stie op itselde plak it Leavesden Aerodrome.

Warner Bros. Studios, Leavesden binne ien fan 'e mar in pear lokaasjes yn it Feriene Keninkryk dêr't grutskalige filmopnamen dien wurde kinne. It studiokompleks omfiemet sa'n 50.000  fleksibele filmromte, wêrûnder ferskate reuseftige soundstages en ien fan 'e grutste filtrearre en ferwaarme wettertanks fan Jeropa. Dêropta is der op lokaasje kantoarromte beskikber en teffens wurkplakken foar it meitsjen fan filmsets en in bûtenromte mei in oerflak fan 32 ha en in ûnûnderbrutsen hoarizon fan 180°. Hoewol't it studiokompleks eigendom is fan 'e Amerikaanske filmstudio Warner Bros., is it te hier foar eltse filmprodusint of -studio. De Warner Bros. Studio Tour London – The Making of Harry Potter is in algemien tagonklike rûnlieding troch it diel fan it kompleks dêr't yn 'e 2000-er jierren de Harry Potter-films makke waarden. Dêr komme op drokke dagen wol 6.000 besikers deis op ôf. De rûnlieding en de wurkromten foar de opnamen fan nije films wurde sekuer útinoar holden.

It Leavesden Aerodrome wie in fleanfjild dat yn 1940 oan 'e râne fan Grut-Londen oanlein waard troch de De Havilland Aircraft Company en it Britsk Ministearje foar de Loftfeart yn it doarp Leavesden, tusken Watford en Abbots Langley yn it Ingelske greefskip Hertfordshire. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie it Leavesden Aerodrome in sintrum fan 'e Britske fleantúchfabrikaazje. It bleau oant de iere 1990-er jierren yn gebrûk, mar kaam doe leech te stean.

Yn 1994 socht filmstudio Eon Productions in plak om 'e filmsets oan te lizzen foar de opnamen fan 'e binnendoarsênes fan 'e James Bond-film GoldenEye. It studiokompeks dat ornaris foar films út 'e James Bond-rige brûkt waard, de Pinewood Studios yn Buckinghamshire, wie nammentlik folboekt mei oare produksjes. Mei't Eon net ree wie om te wachtsjen oant der romte frij kaam, seach men oars om. De reuseftige leechsteande hangaars fan Leavesden wiene tige gaadlik om omboud te wurden ta soundstages. Dat waard dien, en GoldenEye waard de earste film dy't grutdiels yn Leavesden opnommen waard.

De Leavesden Studios, sa't it nije studiokompleks kaam te hjitten, waard al rillegau ûntdutsen troch oare filmprodusinten. Yn 'e folgjende jierren waarden der û.m. Sleepy Hollow en Star Wars: Episode I – The Phantom Menace opnommen. Yn 2000 bespriek Heyday Films it gebrûk fan it kompleks foar de Amerikaanske filmstudio Warner Bros., wêrnei't yn in tiidsbestek fan likernôch tsien jier alle Harry Potter-films der filme waarden, te begjinnen mei Harry Potter and the Philosopher's Stone (2001) en einigjend mei Harry Potter and the Deathly Hallows – Part 2 (2011).

Yn novimber 2010 kocht Warner Bros. it studiokompleks yn Leavesden oan, dat doe 'Warner Bros. Studios, Leavesden' kaam te hjitten. Dêrtroch waard Warner Bros. de iennichste Hollywood-studio mei in permaninte opnamelokaasje yn Jeropa. Oer de folgjende tsien jier ynvestearre de filmstudio mear as £100 miljoen yn ferbetterings oan it kompleks. Warner Bros. iepene yn 2012 yn it kompleks ek in algemien tagonklike rûnlieding mei as namme de Warner Bros. Studio Tour London – The Making of Harry Potter, wêrmei't 300 nije banen skepen waarden.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Leavesden Studios opnommen binne:


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.