Darkest Hour (film)
Darkest Hour | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joe Wright | |
produsint | Tim Bevan Lisa Bruce Eric Fellner Anthony McCarten Douglas Urbanski | |
senario | Anthony McCarten | |
kamerarezjy | Bruno Delbonnel | |
muzyk | Dario Marianelli | |
filmstudio | Perfect World Pictures Working Title Films | |
distribúsje | Focus Features (Feriene Steaten) Universal Pictures (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Gary Oldman | |
byrollen | Kristin Scott Thomas Lily James Stephen Dillane Ronald Pickup Samuel West Ben Mendelsohn | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 22 novimber 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske biografyske dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 125 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30 miljoen | |
opbringst | $150,3 miljoen | |
prizen | 2 × Oscar 1 × Golden Globe 2 × BAFTA 1 × SAG Award 1 × Satellite Award |
- Net te betiizjen mei Churchill, in oare film oer Winston Churchill út 2017.
Darkest Hour is in Britsk-Amerikaanske histoaryske biografyske dramafilm út 2017 oer Winston Churchill, ûnder rezjy fan Joe Wright, mei yn 'e haadrollen Gary Oldman, Kristin Scott Thomas en Lily James. De titel betsjut "Tsjusterste Oere" en ferwiist nei de iere faze fan 'e Twadde Wrâldoarloch (sjoen fanút it Britske perspektyf). It ferhaal folget Churchill yn 'e moanne maaie 1940, as er premier fan it Feriene Keninkryk wurdt wylst nazy-Dútslân mei syn Blitzkrieg West-Jeropa ûnder de foet rint. Hy stiet ûnder swiere druk binnen syn eigen partij en moat kieze tusken it fuortsetten fan 'e oarloch of it iepenjen fan fredesûnderhannelings. Darkest Hour waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride fan 2017 en ûntfong oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. Darkest Hour wûn ferskate wichtige prizen, wêrûnder twa Oscars, in Golden Globe, twa BAFTA's, in Screen Actors Guild Award en in Satellite Award.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin maaie 1940, trijefearns jier nei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch, easket de opposisjonele Labour Party fan Clement Attlee it ôftreden fan 'e Britske premier Neville Chamberlain, mei't dy himsels te swak opstelt foar de agresje troch nazy-Dútslân oer. Neitiid is de Labour Party ree om sit te nimmen yn in regear fan nasjonale ienheid. Chamberlain fertelt nei it ûnlijige debat yn it Legerhûs yn in besletten gearkomste oan 'e kopstikken fan syn eigen Konservative Partij dat er gjin oare mooglikheid sjocht as om oan 'e eask ta te jaan en syn ûntslach oan te bieden as premier, om't dat it bêste foar it lân is. Hy wol graach dat boarchgreve Halifax, de minister fan Bûtenlânske Saken, him opfolget, mar dy fynt dat syn tiid noch net kommen is. Dêrtroch en troch druk fan Labour wurdt Chamberlain twongen om 'e minister fan Marine as opfolger te kiezen: Winston Churchill.
Nettsjinsteande it feit dat dyselde de iennichste is dy't fan it begjin ôf oan sekuer foarsein hat hokker gefaar Adolf Hitler foarme, hat er him yn 'e eigen partij net botte populêr makke mei syn eigensinnich hâlden en dragen. Behalven dat noch altyd it fiasko fan 'e Gallipoli-kampanje út 'e Earste Wrâldoarloch oan him klibbet, dêr't tsientûzenen soldaten by omkamen, is Churchill yn it Ynterbellum ek noch twa kear oerrûn, fan 'e Konservativen nei de Liberale Partij en wer werom. Syn oanstelling as premier wurdt dêrom troch de opposysje mei mear entûsjasme ûnthelle as troch de leden fan syn eigen partij. Ek foar kening George VI is de beneaming fan Churchill in bittere pil, mei't er dyselde noch altyd wantrout fanwegen Churchill syn stipe oan syn broer en foargonger Edwert VIII by dy syn houlik mei Wallis Simpson, dat ta syn abdikaasje late.
Op 10 maaie, de deis dat de kening him mei tsjinnichheid útnûget om in nij regear te foarmjen, feecht Churchill syn nije sekretaresse Elizabeth Layton de mantel út en besiket har te ûntslaan om't se him net goed ferstien hat by it diktearjen fan in brief. It ûntslach wurdt foarkomd troch syn frou Clementine, dy't har man beskrobbet om syn gebrek oan manieren. Dyselde deis falle Dútske troepen Nederlân en ek Belgje binnen. Nei't er de útnûging fan 'e kening oannommen hat, stalt Churchill it regear fan nasjonale ienheid gear, dêr't er opposysjelieder Attlee yn opnimt, mar ek syn persoanlike fijannen Chamberlain (as foarsitter fan 'e ministerried) en Halifax (as minister fan Bûtenlânske Saken). De ynaugurale taspraak fan Churchill foar it Briske Parlemint, wêryn't er syn taharkers "bloed, bodzjen, triennen en swit" ûnthjit, wurdt troch de Konservative Partij koeltsjes ûnthelle. Der wie ôfpraat dat Chamberlain in sinjaal jaan soe as der jûchheid wurde moast troch mei in wite bûsdoek syn foarholle ôf te feien, mar oan 'e ein fan 'e taspraak berget er de bûsdoek op sûnder dy brûkt te hawwen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Fuort neitiid begjinne Chamberlain en Halifax it premierskip fan Churchill te ûndermynjen mei as doel om him te ferfangen troch Halifax. Om't se oprjocht ûntsteld binne troch de wegering fan Churchill om mei Hitler oer frede te ûnderhanneljen, besykje se dat punt as brekizer te brûken. Se prate ôf dat se besykje sille om Churchill op papier fêstlizze te litten dat er net oer frede ûnderhannelje wol, wêrnei't sy beiden har ûntslach út it regear oankundigje sille om sa yn it Legerhûs in moasje fan wantrouwen út te lokjen dy't it hiele regear ûnder fuotten helje sil.
Underwilens bringt Churchill in besyk oan 'e Frânske premier Paul Reynaud, dy't fan miening is dat er himsels foar de gek hâldt as er net tajaan wol dat de Alliëarden de Slach om Frankryk oan it ferliezen binne. Churchill, op syn beurt, ûntstekt yn grime as bliken docht dat de Frânsen gjin plannen foar in tsjinoanfal hawwe. Letter skillet er mei presidint Franklin D. Roosevelt fan 'e Feriene Steaten, dy't sympaty hat foar de sitewaasje dêr't Churchill en it Feriene Keninkryk har yn befine, mar amper help biede kin troch de beheinings dy't him datoangeande oplein binne troch it Amerikaanske Kongres, dêr't foarstanners fan it isolasjonisme noch foar master opslane. Om't er it Britske folk in hert ûnder de rym stekke wol, liicht Churchill yn in taspraak foar de BBC-radio dat de Alliëarden yn Frankryk optsjogge wylst se eins inkeld tebekwike, wat him op in beskrobbing fan kening George VI komt te stean.
Halifax en Chamberlain fiere de druk op Churchill op om yn te stimmen mei it iepenjen fan ûnderhannelings mei nazy-Dútslân fia Giuseppe Bastianini, de Italjaanske ambassadeur yn it Feriene Keninkryk. Churchill sjocht dêr neat yn, mar is te slûchslim om syn wegering yn 'e gearkomste fan it oarlochskabinet út te sprekken, sadat dy fia de notulist op papier komme soe te stean. Underwilens lûkt it Britske Ekspedysjeleger, beselskippe fan Frânske en Belgyske troepen, him yn noardlik Frankryk werom nei de kust fan It Kanaal. By dy weromlûking kom Elizabeth Layton har broer om. Oan 'e kust komme de Britten fêst te sitten yn 'e havenstêd Dúntsjerk.
Wylst der prikken yn it wurk steld wurde om 'e troepen dêrwei te evakuëarjen nei Ingelân, jout Churchill brigadegeneraal Claude Nicholson befel om mei it 4.000 man tellende garnizoen fan Calais op te tsjen tsjin 'e Dútsers, om tiid te winnen foar de evakuaasje. Dat liedt ta in krisis yn it oarlochskabinet, om't Halifax, Chamberlain en harren oanhingers it beskôgje as it weismiten fan 4.000 libbens. As de Britske 30e Ynfanterybrigade fan Nicholson neitiid yndie hast oan 'e lêste man ta sneuvelet, liedt dat ta nije opskuor yn it oarlochskabinet. Under ekstreme druk stimt Churchill dermei yn om fia Bastianini te fernimmen nei de betingsten dy't Hitler stelle soe foar in eventuele frede. Neitiid slagget it him lykwols net om dêroer in brief te diktearjen oan Layton, mei't er der sels alhiel net efter stiet. Underwilens wurde by Operaasje Dynamo, de Evakuaasje fan Dúntsjerk troch in reuseftige float fan boargerfartugen, op inisjatyf fan Churchill mear as 338.000 Alliëarde militêren nei Ingelân evakuëarre.
Wylst er der de oare moarns, nei in sliepeleaze nacht, noch altyd mei ompakt, kriget Churchill ûnferwachts besite fan kening George VI. Dyselde hat syn eigen dilemma: om yn ballingskip yn Kanada te gean of yn it Feriene Keninkryk te bliuwen, en by it beprakkesearjen fan dat fraachstik is er in ûnfermoede razernij oer de sitewaasje by himsels gewaar wurden. Hoewol't er Churchill noch altyd net bot lije mei, treastget er him mei de gedachte dat Hitler Churchill noch folle minder lije mei. Hy is dêrom kommen om 'e premier te fertellen dat er fan no ôf oan fjouwerkant efter him stean sil en fiteret him oan om net ta te jaan oan 'e druk om fredesûnderhannelings te iepenjen. As Churchill noch altyd wifket, riedt de kening him oan om nei it folk te harkjen.
Churchill, in man út 'e Ingelske hegerein dy't inkeld omgiet mei oaren út itselde maatskiplike fermidden, hat gjin idee oer wat it folk wol. Underweis nei in nije gearkomste fan it oarlochskabinet stapt er dêrom ympulsyf út 'e auto om it lêste ein ôf te lizzen mei de London Underground. Mei't er noch nea mei de metro reizge hat, is er de oanwizings fan in lyts famke nedich om 'e juste line te nimmen. Ienris yn 'e metro befreget er de ferbjustere passazjiers oer harren miening oer de oarloch. Hja wolle allegear trochfjochtsje, by need oan 'e bittere ein ta. As er harren it plan foarleit om fredesûnderhannelings mei nazy-Dútslân oan te knoopjen, binne se ûntsteld en wolle se dêr neat fan witte.
Yn it parlemintsgebou arrivearre, giet Churchill net nei de gearkomste fan it oarlochskabinet, dy't al lang en breed oan 'e gong is, mar ropt er ynstee op in oar plak de folsleine ministerried gear (minus de leden fan it oarlochskabinet, dy't er net warskôgje lit). Hy leit de leden fan 'e grutte ministerried de sitewaasje foar en ek de reäksjes dy't er krigen hat fan 'e metropassazjiers. Mei in beskate mjitte oan manipulaasje wit er de grutte ministerried oan syn kant te krijen, wêrnei't er in mienskiplike sitting fan it Legerhûs en it Hegerhûs gearropt. Yn 'e koarte tuskentiid wurket er sels mei Layton koartseftich oan 'e taspraak dy't er dêr hâlde sil. Underwilens is Halifax fan doel om 'e sitting fan it parlemint te brûken om syn ûntslach as minister oan te bieden en te besykjen om Churchill as premier te wippen. Chamberlain is foarsichtiger en stiet derop om earst te hearren wat Churchill te sizzen hat.
Yn syn fjurrige taspraak wiist Churchill eltse ûnderhanneling oer frede mei de Dútsers ôf en swart er dat er oan 'e bittere ein ta trochfjochtsje sil. De taspraak berikt syn hichtepunt as de premier it parlemint foarhâldt dat it Britske folk yn it gefal fan in Dútske ynvaazje op 'e strannen en by de lâningsplakken fjochtsje sil, ta lûd applaus fan 'e opposysje. Chamberlain hellet syn wite bûsdoek wer foar 't ljocht, en faget dêr syn foarholle mei ôf, wêrnei't ek de Konservativen yn applaus útbarste. Halifax sjocht it allegear mei ûlseagen oan. As him troch in meistanner frege wurdt wat der no krekt eins bard is, antwurdet er dat Churchill "de Ingelske taal mobilisearre en nei it front stjoerd" hat. Churchill ferlit it Legerhûs ûnderwilens ûnder lûd jûchhei.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Winston Churchill | Gary Oldman |
- byrollen
De rol fan Neville Chamberlain wie oarspronklik tabedield oan John Hurt, dy't lykwols siik rekke en yn jannewaris 2017 oan kanker kaam te ferstjerren. De fertolking fan sir Samuel Hoare wie foar Benjamin Whitrow de lêste rol, mei't er yn 'e âlderdom fan 80 jier koart nei de premiêre fan Darkest Hour ferstoar.
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Darkest Hour waard regissearre troch Joe Wright nei in orizjineel senario fan Anthony McCarten. As produsinten wiene McCarten, Tim Bevan, Lisa Bruce, Eric Fellner en Douglas Urbanski by it projekt belutsen foar de filmstudio's Perfect World Pictures en Working Title Films. Foar de film, dy't in Britsk-Amerikaanske ko-produksje wie, waard in budget beskikber steld fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bruno Delbonnel, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dario Marianelli. De opnamen setten op 16 novimber 2016 útein en fûnen foar in diel plak yn Manchester, dêr't sawol de Town Hall (it stedhûs) as de John Rylands Library, in bibleteek, brûkt waarden foar (binnendoar)sênes yn it Paleis fan Westminster, it Britske Parlemintsgebou. Oare binnendoarsênes waarden filme yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn Hertfordshire.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Darkest Hour waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Focus Features en yn 'e measte oare lannen en territoaria troch Universal Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 1 septimber 2017 op it Filmfestival fan Telluride yn Colorado, en wie letter dy moanne ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto yn Kanada. Op 22 novimber 2017 gie Darkest Hour yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn it Feriene Keninkryk kaam de film pas op 12 jannewaris 2018 út. Darkest Hour waard op 6 febrewaris 2018 útbrocht op dvd en blu-ray.
Historisiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sa't mei de measte histoaryske films bart, is ek yn Darkest Hour op guon plakken in loopke mei de wurklikheid nommen foar dramatysk effekt. Sa binne it roppen en razen oer en wer yn 'e gearkomsten fan it oarlochskabinet hielendal fiktyf, en datselde jildt foar Churchill syn rit yn 'e metro. Fierders bestiet der gjin wetterticht bewiis dat Chamberlain en Halifax derop út wiene om mei in moasje fan wantrouwen Churchill te wippen as premier, hoewol't de driging dêrta wol deeglik bestie en oanhold oant fjildmaarskalk Montgomery yn oktober 1942 yn 'e Twadde Slach by El Alamein ôfweefde mei it Afrikakorps fan Erwin Rommel. En Elizabeth Layton begûn pas yn maaie 1941 as Churchill syn sekretaresse (net yn maaie 1940), wylst de dea fan har broer by de weromlûking nei Dúntsjerk ek neat fan wier is.
Wat lykwols mear krityk loek, wie it negearjen troch de film fan 'e rol dy't de Britske Labourpartij spile by it foarkommen fan fredesûnderhannelings mei nazi-Dútslân. Sa skreau sjoernalist en publisist Adam Gopik yn it Amerikaanske tydskrift The New Yorker: "[…] ein maaie 1940, doe't de Konservative pommerant lord Halifax Churchill útdage troch fol te hâlden dat it noch altyd mooglik wie om, nei bemiddeling troch Mussolini, mei ûnderhannelings ta oerienstimming mei Hitler te kommen, brocht it stânhefte anty-nazisme fan Attlee en syn amtgenoaten fan 'e Labourpartij rêding [troch soks te blokkearjen]." Adrian Smith, emearitus-heechlearaar skiednis oan 'e Universiteit fan Southampton, skreau yn 'e New Statesman dat Darkest Hour "op 'e nij de krúsjale rol oer de holle sjocht dy't de Labourpartij spile op it gefaarlikste momint yn 'e skiednis fan dit lân. […] Yn maaie 1940 joegen de lieders fan dy partij Churchill sûnder betingst de stipe dêr't er ferlet fan hie by syn wegering om te kapitulearjen."
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Darkest Hour oer it algemien positive resinsjes. Der wie fral lof foar de rol fan Gary Oldman as Winston Churchill. Sa skreau Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone: "Begjin alfêst mar mei it gravearjen fan Oldman syn namme op in Oscar." Dêr heakke er oan ta: "Dy't bang binne dat Darkest Hour neat oars is as in saai tablo […] sille ferromme sykhelje kinne as ik fertel dat se in libben, provokatyf histoarysk drama temjitte sjen kinne dat sûnder ophâlden fuortbrûst op syn eigen kreätive fjoer."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Darkest Hour in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 314 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] wurdt droegen troch it besieljende optreden fan Gary Oldman, dat Winston Churchill ta libben bringt sels op plakken dêr't it filmsenario it ôfwitte lit." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Darkest Hour in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 50 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Darkest Hour brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $56,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $93,8 miljoen (wêrûnder $33,4 miljoen yn it Feriene Keninkryk). Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $150,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $120,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Darkest Hour waard yn 2018 nominearre foar seis Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste kamerarezjy (Bruno Delbonnel), bêste kostúmûntwerp (Jacqueline Durran) en bêste produksje-ûntwerp (Sarah Greenwood en Katie Spencer). De film wûn de Oscars foar bêste akteur (Gary Oldman) en bêste fisazjy en hierstilearring (Kazuhiro Tsuji, David Malinowski en Lucy Sibbick). By de Golden Globes waard Darkest Hour nominearre foar ien priis, dy't de film ek wûn: de Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm (Gary Oldman).
By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Darkest Hour nominearre yn njoggen kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste Britske film, bêste byrol fan in aktrise (Kristin Scott Thomas), bêste kamerarezjy, bêste filmmuzyk, bêste kostúmûntwerp en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn twa BAFTA's, foar bêste akteur (Gary Oldman) en bêste fisazjy en hier. Darkest Hour wûn ek de Screen Actors Guild Award foar bêste manlike haadrol (Gary Oldman) en de Woastynpalm foar bêste akteur op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs. Fierders waard de film nominearre foar fiif Satellite Awards (ien wûn); twa Britske Empire Awards (net ien wûn), fjouwer Critics' Choice Movie Awards (twa wûn); en twa Australyske AACTA International Awards (ien wûn).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Darkest Hour
- (in) Ynformaasje oer Darkest Hour yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Britske histoaryske film
- Britske biografyske film
- Britske dramafilm
- Amerikaanske histoaryske film
- Amerikaanske biografyske film
- Amerikaanske dramafilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Focus Features
- Film fan Perfect World Pictures
- Film fan Joe Wright
- Film út 2017
- Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika
- Film oer polityk yn it Feriene Keninkryk
- Film oer in politikus
- Film oer in monarch
- Film oer in bekend persoan
- Werjefte fan Winston Churchill yn keunst en kultuer
- Werjefte fan Franklin D. Roosevelt yn keunst en kultuer
- Werjefte fan George VI fan it Feriene Keninkryk yn keunst en kultuer
- Werjefte fan Neville Chamberlain yn keunst en kultuer
- Film basearre op wiere foarfallen