Springe nei ynhâld

Kommanderije Muhde

Ut Wikipedy
Pleatsen op it plak fan it eardere kleaster

De kommanderije Muhde wie in kommanderije fan de Johanniteroarder yn East-Fryslân. Hy lei oan de mûning fan de Leda yn de Iems foar Leerort oer by Lier. De namme Muhde komt fan it Aldfryske mutha, itjinge "mûning" betsjut. Muhde hearde njonken de kommanderijen Abbingwehr en Jemgum ta de wichtichste hûzen fan de Oarder yn East-Fryslân. Hoewol't foar it earst yn 1490 oardersusters neamd waard, koe Muhde, lykas de oare kommanderijen fan de Oarder yn East-Fryslân in dûbelkleaster west hawwe.

De Johanniters stiften de kommanderije yn 1284 op it eardere besit fan it Kleaster Werden, dy't de oarder kocht hie. De kommanderije waard by it Akkoart fan Grins tusken it Johanniter-kapittel yn Burgsteinfurt en de Fryske kommanderijen op 8 septimber 1319 foar it earst as Lethemuda neamd. Dy namme ferwiisde nei it plak dêr't de Leda yn de Iems útmûnet. Der bestie foartiids al in delsetting dy't om 900 hinne yn it grûnboek fan de Abdij Werden neamd waard.

Troch syn lizzing wie Muhde in woltierich plak. De mûning fan de Leda yn de Iems wie in wichtich stopplak foar de skipfeart op de Iems. De kommanderije Muhde wie in ferbining fan de kommanderijen Boukeläsk en Langholt nei Jemgum. Dêrtroch hie Muhde it patronaatsrjocht en dêrmei mooglik ek grûn yn besit yn Petkum (sûnt 1408) en Mitling (sûnt it begjin fan de sechtjinde iuw). Fierders behearden de Johanniters de foarwurken Petkumermönken en Coldemüntje en fan 1420 ôf de foarwurken fan Halte, Tergast, Steenfelde en Rhaude en in gêrshûs yn Muhde. It besit fan it lânguod, dy't foar in part fier bûten it Oerledingerlân leine, krige de kommanderije ynearsten troch skinkings. Dat foarme it ekonomysk grûnwurk foar de kommanderije. In part fan it lân bewurken de Johanniters sels, wylst fierder lân ferpachte waard. Dêrmei wie Muhde finansjeel tige begoede. Neffens in oerlevering waard der yn Muhde in jiermerke holden. Dêr waarden mooglik fee, lânbouprodukten en houtprodukten út it Múnsterlân wei ferhannele. Dúdlike boarnen binne dêr lykwols net foarhannen.

By it belegerjen fan de Fêsting Leerort waard Muhde yn 1514 troch troepen fan Hindrik I fan Breunswyk-Wolfenbüttel yn 'e brân stutsen.

Nei't guon jierren letter, yn 1520 Eastfryslân oergie op de Reformaasje betsjutte dat stadichoan de ein fan de kommanderije. Greve Enno II eigene him yn 1528 in grut part fan it besit ta. De kommanderije bleau dêrnei mei in beheinde selsstannigens ûnder tafersjoch fan de Eastfryske greve bestean.

Op 28 jannewaris 1561 ferkocht de lêste kommandeur fan Muhde, Berend fan Hage, it besit fan de kommanderije, mei 180 hektare lân ynbegrepen, foar it meagere bedrach fan 200 thaler en in jierlikse rinte fan 100 thaler. De gebouwen fan de kommanderij, de kapellen, it ûnderkommen en de pleatsen fertutearzen stadichoan. Fan 1556 ôf waarden se stik foar stik omreden boufalligens ôfbrutsen. Yn 1562 waard de kapel ôfbrutsen, en de stiennen dêrfan waarden foar de tsjerkebou yn Jemgum brûkt. Yn 1566 wie de kommanderije folslein ôfbrutsen.

It lâneigendom fan de kommanderije waard greeflik besit en waard yn pacht en erfpacht útjûn. It doarp Muhde bestiet hjoed-de-dei út trije grutte pleatsen en in stikmannich priveehûzen. Fan de kommanderijgebouwen binne der hjoed-de-dei gjin oerbliuwsels mear oer, allinnich in pear kelderfûneminten yn de boaiem binne der noch fan oer. It begraafplak fan de kommanderije waard yn 1908 by graafwurk ûntdutsen.

Der is oant hjoed-de-dei gjin ôfbyld fan de kommanderije bekend. Nei alle gedachten wiene de kapel en in trijewjukkige klausuer rjochthoekich, dêr't yn it binnenhôf it kleasterlibben plakfûn. Om dy gebouwen hinne stiene de pleatsen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Marc Sgonina: Muhde. Yn: Josef Dolle unter Mitarbeit von Dennis Knochenhauer (Hrsg.): Niedersächsisches Klosterbuch. Verzeichnis der Klöster, Stifte, Kommenden und Beginenhäuser in Niedersachsen und Bremen von den Anfängen bis 1810. Teil 3, Bielefeld 2012, ISBN 3895349593, S. 1066 ff.
  • Enno Schöningh: Der Johanniterorden in Ostfriesland, Band LIV yn: Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands (werútjûn troch it Ostfriesische Landschaft yn de mande mei it Niedersächsischen Staatsarchiv yn Auwerk), Auwerk 1973, S. 46–48
  • Hemmo Suur: Geschichte der ehemaligen Klöster in der Provinz Ostfriesland: Ein Versuch. Hahn, Emden 1838. S. 119 ff. (werprintinge fan de útjefte fan 1838, Verlag Martin Sändig, Niederwalluf 1971, ISBN 3-500-23690-1). Online bei archive.org.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: