Kommanderije Jemgum
De kommanderije Jemgum wie in kommanderije fan de Johanniteroarder justjes bewesten it hjoeddeistige doarp Jemgum yn East-Fryslân. Mei syn mânsk lânbesit wie de kommanderije ien fan de wichtichste kommanderijen fan de Oarder yn East-Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johanniters fan de kommanderije Steinfurt stiften de kommanderije yn Jemgum yn it midden fan de trettjinde iuw as in dûbelkleaster. Mooglik hinget de stifting gear mei de Fyfde Krústocht dêr't de Friezen it wurk fan de Oarder yn learden te wurdearjen en de Johanniters soene noch foar 1240 mei skinkings oerwage te hawwen. De kommanderije wie dêrmei ien fan de âldste fan de Johanniteroarder yn East-Fryslân. Yn 1284/85 waard er foar it earst yn in oarkonde neamd. Yn dy snuorje bemachtige de kommandeur fan Steinfurt foar de kommanderije de rjochten fan de tsjerke fan Holtgaste en liet dêr in foarwurk oprjochtsje. Ynearsten wie it lânbesit noch tige lyts, mar waard stadichoan hieltyd mear útwreide. De lizzing tichteby de Iems wie geunstich foar de ekonomyske ûntjouwing fan de kommanderije. Feehâlderij wie nei alle gedachten de wichtichste boarne fan ynkommen.
Jemgum ûntjoech him ta in foaroansteande posysje ûnder de Eastfryske kommanderijen. De Jemgumer kommanderije wie de iennige Eastfryske fertsjintwurdiger fan de Oarder dy't yn 1338 meiwurke oan it besljochtsjen fan in tsierderij tusken Grins en Fryslân. Twaris stelde Jemgum de Fryske kommissaris oan. Yn 1401 waard de Jemgumer parochytsjerke mei al syn lânguod stifte. Yn 1482 wie Jemgum gasthear foar it Frysk provinsjaal kapittel, it bekoepeljend orgaan fan alle Fryske kommandeurs.
Nonnen waarden yn 1456 foar it earst neamd. Yn 1496 moast it kleaster nei it trije kilometer fierderop lizzende foarwurk Jemgumkleaster ferpleatst wêze. Nei de Reformaasje stie de tsjerke fan de Johanniters yn Jemgeum leech. Yn 1528 eigene de Eastfryske greve Enno II Jemgum en de oare Johanniterkommanderijen yn Eastfryslân him ta. By de Earste Slach by Jemgum ferbaarnden soldaten fan Karel fan Gelre de kommanderije en ferdreaune de lêst oerbleaune bewenners, dy't nei de Kommanderije Muhde flechten. Muhde naam dêrnei it foarwurk yn Holtgaste oer, dy't er yn 1561 wer ferkocht.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kleastertsjerke moast nei alle gedachten al yn de trettjinde iuw ûntstien wêze. It kleaster hie ek noch in kapel yn it doarp. Dy waard yn 1492 oan de tsjerkegemeente Jemgum ôfstien, sa't it kleaster net mear ferantwurdlik foar it ûnderhâld hoegde te wêzen. Der binne bewizen dat der fuortendaliks njonken it kleaster in sustershûs foar nonnen stien hat, dy't dúdlik fan it preestershûs fan de kommanderije skaat waard. Yn Holtgaste stie in foarwurk.
De oardertsjerke njonken it sustershûs ûntstie nei alle gedachten al yn de trettjinde iuw.
De eardere kapel, dy't yn 1402 oan de tsjerkegemeente Jemgum ôfstien waard, tsjinnet hjoed-de-dei as de grifformearde tsjerke. Hy waard nei in brân yn 1930 fannijs opboud en baarnde op 12 maaie 2004 fannijs ôf. Yn itselde jier folge de restauraasje yn de styl fan foar 1930.
De Sint-Liudgertsjerke yn Holtgaste, troch Benediktiners yn de earste helte fan de trettjinde iuw boud, waard yn 1284 troch de biskop fan Múnster oan de Johanniteroarder ferkocht. Letter hearde de tsjerke ta de proasdij Hatzum yn it Bisdom Múnster.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Marc Sgonina: Jemgum – Johanniter-Doppelkommende. In: Josef Dolle unter Mitarbeit von Dennis Knochenhauer (Hrsg.): Niedersächsisches Klosterbuch. Verzeichnis der Klöster, Stifte, Kommenden und Beginenhäuser in Niedersachsen und Bremen von den Anfängen bis 1810. Diel 1–4. Bielefeld 2012, ISBN 3-89534-956-9. S. 1–3.
- Enno Schöningh: Der Johanniterorden in Ostfriesland, Bd. LIV in der Reihe Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands (hrsg. fan it Ostfriesische Landschaft yn de mande mei it Niedersächsischen Staatsarchiv Aurich), Auwerk 1973
- Hemmo Suur: Geschichte der ehemaligen Klöster in der Provinz Ostfriesland: Ein Versuch. Hahn, Emden 1838, S. 117 ff. (werprintinge fan de útjefte fan 1838, Verlag Martin Sändig, Niederwalluf 1971, ISBN 3-500-23690-1).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |