Springe nei ynhâld

Slach by Jemgum (1533)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Earste Slach by Jemgum)
Slach by Jemgum (1533)
Part fan de Gelderske Krigen
datum: 14 oktober 1533
plak: Jemgum, Eastfryslân
útkomst: Gelderske oerwinning
konfliktpartijen
rand Hartochdom Gelre rand Greefskip Eastfryslân
befelhawwers
rand Meindert fan Ham rand Enno en Jehan fan Sirksena
sterkte
2.000 hiersoldaten 15.000 bewapene soldaten
ferliezen
400
Dizze side giet oer de Slach by Jemgum yn 1533. Foar de Slach by Jemgum yn 1568, sjoch: Slach by Jemgum.

De earste Slach by Jemgum (Dútsk: Schlacht von Jemgum, Nederlânsk: Slag bij Jemmingen) fûn plak op 14 oktober 1533 by it Eastfryske Jemgum plak en wie part fan it Gelderske Skeel. Yn dy kriich besocht Baltasar fan Esens mei help fan hartoch Karel fan Gelre, syn hearskippij werom te krijen yn it Eastfryske Harlingerlân. De mankrêften fan Baltasar en Karel fan Gelre, likernôch 2.000 oefene hiersoldaten ûnder lieding fan Meindert fan Ham, krongen Eastfryslân yn en ferskânzen harren yn de tsjerke fan Jemgum. De oplûkende greeflike Eastfryske striidmacht wiene lykwols net folslein traind, mar wie mei 15.000 manlju folle grutter yn oantal. De Eastfryske greven Enno II en Jehan I Sirksena sloegen sels in oanbod del fan de Gelderske striidkrêften om harren oer te jaan en sûnder striid út Eastfryslân wei werom te lûken. As gefolch fan de slach waarden Lier en Oldersum yn 'e brân stutsen en plondere. Oan de ein fan de kriich hie Baltasar syn macht fannijs weromkrigen, dochs as fazal fan Gelre.