Johanniterkommende Boukeläsk
De Johanniterkommende Boukeläsk, of Kommanderije fan de Johanniters, is in eardere delsetting fan de Johanniteroarder, dêr’t de kleasterkapel fan bewarre bleaun is. De kommanderije omfettet de doarpen en buorskippen Boukeläsk, Idafean-Noard, Elisabethfean-Noard, Ubbehuzen, Easterhuzen en Roagebierich mei in oerflak fan yn totaal 8000 hektare.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1132 fêstigen Benediktynske mûntsen har foar it earst op Fryske grûn. Rillegau dêrnei komme de augustinen, sistersjinzers, premonstratinzers en dominikanen. Yn de 13e iuw lutsen dan ek de ridderoarden, lykas de johanniters en de timpeliers, nei Fryslân ta. Ut ûndersyk hat bliken dien dat oan ’e ein fan de 13e iuw op it plak fan de hjoeddeistige kleasterkapel in tsjerke stien hat.[2] It krekte stiftingsjier fan it kleaster is net bekend. Yn de 13e iuw waard it as dûbelkleaster stifte troch de Johanniters út Burgsteinfurt. Oare kant de Seelter Äi, yn Easterhuzen, wie it nonnekleaster. De earste kear dat it kleaster neamd wurdt, wie yn in oarkonde út it jier 1319. Yn de 15e iuw waard de kleasterkapel yn goatyske styl omboud. De krekte reden dêrfan is net wis. Troch de ombou waarden ûnder oaren de finsters grutter makke sadat der mear ljocht yn de kleasterkapel skine koe.[3]
Yn 1587 binne alle bruorren en susters fan it kleaster ferdwûn. De lêste kommandeur fan Boukeläsk, Melchior Droste, ferhierde al it guod fan it kleaster oan twa Nederlanners en beëinige dêrmei de hast 300 jier lange skiednis fan it kleaster. Kommandeur Melchior Droste waard yn Senden by Münster ombrocht.[4] Doe’t de bewenners fan it kleaster allegear fuort wienen, rekke it bouwurk yn ferfal. Lang om let bleau allinnich de kleasterkapel oerein stean. Yn ’e tiid fan de Tritichjierrige Oarloch rekke in part fan de kleasterkapel skansearre. Pas yn it jier 1676 krige de kleasterkapel in nij dak en waard foar in grut part renovearre.[3]
Yn 1803 waard it eigendom fan de kleasterkapel oerdroegen fan de Johanniteroarder oan de lokale oerheden. Sûnt 1974 falt de kleasterkapel ûnder de gemeente Sealterlân.
Ynformaasjesintrum en kleastertún
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2011 is der njonken de Johanniterkapel in nij ynformaasjesintrum mei in ytkafee boud en der is in kleastertún oanlein.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biskop Johannes Lück SCJ: Die Johanniter-Kommende Bokelesch. Friesische Blätter, Rhauderfehn 1977.
- Hanne Klöver: Spurensuche im Saterland: Ein Lesebuch zur Geschichte einer Gemeinde friesischen Ursprungs im Oldenburger Land. SKN Druck & Verlag GmbH & Co., Saterland 1998, ISBN 3-928327-32-1.
- Pyt Kramer: Lound un Noomen. Mildaam 1994.
- Annette Heese: Das Saterland, Ein Streifzug durch die Geschichte. Vechtaer Druckerei und Verlag GmbH & Co., Vechta 1998, ISBN 3-9801728-0-5.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|