Koekoekfûgels
Koekoekfûgels | ||
In Sineeske spoarkoekoek (Centropus sinensis) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
sûnder rang: | trapfoarmigen (Otidimorphae) | |
skift | koekoekeftigen (Cuculiformes) | |
famylje: | koekoekfûgels (Cuculidae) | |
Vigors, 1825 | ||
De koekoekfûgels of koekútfûgels (wittenskiplike namme: Cuculidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves), de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae) en it skift fan 'e koekoekeftigen (Cuculiformes). Ta dizze famylje heart û.m. de gewoane koekoek (Cuculus canorus), mar ek de rinkoekoeken, malkoha's en anys. De koekoekfûgels falle útinoar yn seis ûnderfamyljes mei yn totaal 149 ferskillende soarten. Fan alle koekoekfûgels bedriuwe inkeld de briedparasitêre koekoeken (Cuculinae) nêstparasitisme, wêrby't se harren jong grutbringe litte troch fûgels fan oare soarten troch harren aai temûk yn it nêst fan dy fûgels te lizzen en it al oanwêzige aai fuort te smiten.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koekoekfûgels binne oer it algemien middelgrutte, ranke fûgels mei in lange sturt, in kromme snaffel en puntige wjukken. Se komme yn alle waarme en tuskenbeiden streken fan 'e wrâld foar, en binne sadwaande lânseigen yn alle wrâlddielen útsein Antarktika. De mearderheid fan 'e soarten libbet lykwols yn 'e tropen. Guon soarten binne trekfûgels. Koekoekfûgels frette ynsekten, larven en in grut ferskaat oan oar lyts dierte, mar dêrnjonken ek wol fruchten. Se libje oer it algemien yn 'e beammen, mar guon soarten, lykas de rinkoekoeken, libje op 'e grûn. De bekendste soarte is de gewoane koekoek (Cuculus canorus), dy't ek yn Fryslân foarkomt, maar wol as "kwetsber" op de nederlânske Reade list fan fûgels stiet. Yn Súd-Jeropa komt noch de toefkoekoek (Clamator glandarius) foar. Yn Jeropa libbet fierders ek noch de boskkoekoek (Cuculus optatus), mar dy syn ferspriedingsgebiet is beheind ta East-Jeropa fan Wyt-Ruslân ôf nei it easten ta oant yn Aazje. Fossilen fan koekoekfûgels binne bekend fanôf it let Eoseen yn sawol Jeropa as Noard-Amearika.
Koekoekfûgels yn 'e minsklike kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koekoeken steane yn 'e Westerske wrâld benammentlik bekend om harren rop ("koekoek!"), dy't oanlieding jûn hat ta û.m. de ûntwikkeling fan 'e koekoeksklok, en om harren nêstparasitisme, wêrby't se harren jongen troch oarsoartige fûgels grutbringe litte (eat dat trouwens de measte koekoeksoarten net dogge). Fierders hat de rinkoekoek model stien foar it tekenfilmfiguer Roadrunner, en is de koekoek yn 'e Grykske mytology hillich yn 'e ferearing fan Heara, de goadinne fan it houlik, en yn it hindoeïsme yn 'e ferearing fan Kamadeva, de god fan begearte en langstme. Yn 'e Angelsaksyske lannen stiet de koekoek foar oerhoer, benammen yn it neidiel fan 'e manlike houlikspartner (cuckoldry), wylst er yn Japan it symboal is foar ûnbeäntwurde leafde.
Famylje-opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](Soms wurde de spoarkoekoeken (Centropodinae) en/of de anys (Crotophaginae) as aparte taksonomyske famyljes beskôge, dy't dan de Centropodidae, resp. de Crotophagidae neamd wurde.)
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |