Katya Sambuca
Katya Sambuca | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Екатерина Михаилова Jekaterina Michailova | |
nasjonaliteit | Russysk | |
berne | 27 augustus 1991 | |
berteplak | Leningrad (Sovjet-Uny) | |
etnisiteit | Russysk Estysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, aktrise, sjongster, presintatrise | |
jierren aktyf | 2011 – no | |
offisjele webside | ||
www.sambuca.nu |
Katya Sambuca (de troch harsels oanholden Ingelske transliteraasje fan it Russyske Катя Самбука), echte namme: Jekaterina Michailova (Russysk: Екатерина Михайлова), (Leningrad, 27 augustus 1991) is in Russysk neakenmodel, stripper, mainstream-aktrise, sjongster en tillefyzjepresintatrise. Hja briek yn 2011 troch as ien fan 'e populêrste neakenmodellen fan Ruslân en oanbuorjende lannen. Sambuca is troud mei Bob Jack, in regisseur fan pornografyske films.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Katya Sambuca waard yn 1991 berne yn Leningrad, yn 'e Sovjet-Uny, in stêd oan 'e eastlike útein fan 'e Finske Golf dy't in pear jier letter syn oarspronklike namme fan Sint-Petersburch weromkrige. Har heit wie boufakker en har mem, in eardere turnster, wie húsfrou. Sambuca har beppe oan memmekant wie in etnyske Estse. Hja genoat middelber ûnderwiis oan Skoalle Nû 216 yn Sint-Petersburch, dêr't se û.m. Poalsk learde. Neitiid folge se in jier lang in kulinêre oplieding.
As bybaantsje wurke Sambuca yn dy snuorje as servearster yn in restaurant yn Sint-Petersburch, dêr't se op in dei sjonger Mick Jagger fan The Rolling Stones betsjinne. Dyselde murk har skientme op en rette har oan om model te wurden ynstee fan kok. Ek nûge er har út om mei him nei Noard-Amearika te gean, mar dêr gie Sambuca net op yn. Wol folge se Jagger syn rie op, en mei 15 jier fûn se wurk as model yn reklameboadskippen foar Bobby, in merk pop foar famkes.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei 16 jier troude Sambuca mei har freon Sergej Michailov, dy't letter bekend wurde soe as pornografysk regisseur ûnder de skûlnamme Bob Jack. Dyselde joech har de bynamme 'Sambuca'. Hja krigen in dochter, Zvana, neamd nei it hotel yn Volchov dêr't se oanset waard.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2011 setten Sambuca en har man ôf foar in lang toernee wêrby't Sambuca optredens fersoarge as stripper. Dat die se op poadia yn grutte sealen ynstee fan op 'e catwalk yn stripklubs. Se diene santich stêden oan yn Ruslân, de Oekraïne, Wyt-Ruslân, Estlân, Poalen en Syprus, en hiene grut súkses. Sambuca groeide út ta ien fan 'e meast opsochte entertainers op 'e Russyske siikmasine Yandex. Yn 'e Oekraïne stie se op 'e omslach fan it neakenblêd XXL, en yn Estlân pronke se op 'e cover fan Qoqo, de opfolger fan 'e Estyske edysje fan 'e Playboy.
Nei ôfrin fan har grutte toernee sette Sambuca har karriêre as stripper en neakenmodel fuort. Dêrnjonken begûn se ek in wurkpaad as sjongster, en yn 2013 waard se presintatrise fan it tillefyzjeprogramma Fashionable Device, op it Russyske tillefyzjekanaal 2×2. Fierders hie se as aktrise byrollen yn twa Russyske mainstream-films: Silicone (2012) en Egor Shilov (2016). Katya Sambuca figurearret ek as personaazje yn 'e roman Por-no!, dy't skreaun waard troch har man. Fierders spilet hja de dwersfluit en hat hja optreden mei in orkest.
Yn augustus 2014 iepene Sambuca by wize fan goeddiedichheidsprojekt in gesinspsychologysk sintrum yn 'e Estyske stêd Haapsalu, dêr't se in santjinde-iuwsk hûs besit. Doe't der datselde jiers bylden yn 'e Estyske media opdoeken fan Evelin Ilves, de frou fan presidint Toomas Hendrik Ilves, dy't mei in oare man omsloech, bea Sambuca de presidint en syn frou fergees houliksterapy oan yn har sintrum.
Yn 'e hjerst fan 2014 brocht de Dútske moade-ûntwerper Philipp Plein in kolleksje T-shirts út mei dêrop ôfbyldings fan in neakene Katya Sambuca. Om't dat sûnder har tastimming dien wie, drige Sambuca mei in rjochtsaak as de T-shirts net fan 'e merk helle waarden.
Yn desimber 2014 makke de Moskovyske byldhouwer Aleksander Vroblevski in brûnzen byld fan 'e lytse seemearmin fan 1.25 m heech en 175 kg swier, wêrfoar't er Sambuca as model brûkte. Sambuca skonk it byld letter oan 'e stêd Haapsalu en suggerearre dat it Russyske toeristen oanlûke kinne soe. De boargemaster woe it net op it plak hawwe dat sy derfoar útkeazen hie, op in promenade fuortby it tinkteken foar de komponist Pjotr Iljitsj Tsjaikovsky, mar sei ta dat er der in oar gaadlik plak foar sykje soe.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Katya Sambuca
- (in) Katya Sambuca op Twitter
- (in) Katya Sambuca har YouTube-kanaal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|