De Lytse Wetterfaam
De Lytse Wetterfaam | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Den Lille Havfrue | |
auteur | Hans Christian Andersen | |
taal | Deensk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1837, Kopenhagen | |
oarspr. útjwr. | C.A. Reitzels Forlag | |
bondel | Eventyr, Fortalte for Børn: Tredje Hefte | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Lytse Wetterfaam | |
publikaasje | 1943, Assen | |
útjouwer | Van Gorcum & Co. | |
oersetter | Douwe Tamminga |
De Lytse Wetterfaam, yn it oarspronklike Deensk: Den Lille Havfrue (Nederlânsk: De Kleine Zeemeermin; Ingelsk: The Little Mermaid), is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1837, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Tredje Hefte ("Mearkes, Ferteld foar Bern: Trêde Boek"), tegearre mei ien oar mearke (De Nije Klean fan de Keizer). De Lytse Wetterfaam is ien fan Andersen syn bekendste mearkes en waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset nei it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It mearke fertelt it ferhaal fan in lytse wetterfaam (wy soene hjoed de dei ûnder ynfloed fan it Nederlânsk en it Ingelsk grif sizze fan "lytse seemearmin", mar "wetterfaam" is feitliks in bettere oersetting fan it Deenske havfrue). Hja is de dochter fan 'e seekening en libbet mei har heit, beppe en fiif âldere susters yn in paleis op 'e seeboaiem. Likemin as al it wetterfolk hat se in siel of útsjoch op in libben nei de dea. Se is alhiel sljocht nei de wrâld boppe it wetter, nammenste mear om't se pas boppe it wetter út kypje mei as se fyftjin jier is. De ferhalen dêr't har susters mei weromkomme, meitsje har noch helte nijsgjirriger. As it dan úteinlik safier is en se nei boppen ta mei om boppe de see út te sjen, is der in stoarm en fergiet der in skip mei in knappe jonge prins derop. De lytse wetterfaam is fuortendaliks smoar op him en rêdt syn libben troch him de holle boppe de weagen te hâlden en him nei de kust ta te bringen, dêr't se him op it strân delflijt. Ticht by dat plak stiet in timpel dêr't jonge fammen tahâlde, en ien fan harren fynt him op it strân. De prins, dy't bewusteleas wie, wit neat fan 'e wetterfaam ôf en, yn 'e ferûnderstelling dat de timpeltsjinneresse him rêden hat, wurdt hy fereale op hàr.
De lytse wetterfaam kin it no ûnder de weagen net mear fine en op 't lêst giet se nei de âld seehekse ta, om har fiskesturt feroarje te litten yn skonken, dat se oan lân gean kin om 'e prins te sykjen. De seehekse warskôget har lykwols dat se skonken krije kin, mar dat eltse stap op har nije fuotten oanfiele sil as rint se messen. Boppedat sil se nea ûnder de weagen weromkeare kinne, en as it har net slagget om it hert fan 'e prins te winnen, en hy trout mei in oar, dan sil se foar de moarntyd stjerre en ta skom op 'e see wurde. Mar as se syn leafde al wint, dan sil syn siel oerrinne nei har, sadat se sawol siel as libben nei de dea kriget. Yn ruil foar de tsjoendersdrank dy't de feroaring fan stal bewurkmasterje sil, easket de seehekse it prachtige stimlûd fan 'e wetterfaam op. De wetterfaam is sa fan 'e prins besleifere dat se oeral mei ynstimt. Dat de seehekse snijt har de tonge út en brout yn ruil dêrfoar de tsjoendersdrank. De lytse wetterfaam swimt nei de kust ta, nimt de drank yn en fynt har prins. En alle pine dy't se by eltse stap lijt is it har wol wurdich. Mar se kin him net fertelle wa't se is of dat sy it wie dy't him rêden hat, en de prins behannelet har as wie se syn suske. Mar se mient dat se de tiid wol hat, want hy is fereale op in timpeltsjinneresse en sokken trouwe net.
Mar dan wurdt de prins útnûge oan it hof fan 'e kening fan in oar lân om dy syn dochter te moetsjen, en syn heit en mem steane der by him tige op oan dat er mei dat fanke trouwe sil. As er dêr oankomt, docht bliken dat it de faam is dy't him op it strân fûn hat, mei't se gjin timpeltsjinneresse wie, mar inkeld har ûnderrjocht yn 'e timpel genoaten hat. De prins en syn prinsesse trouwe, en de wetterfaam riedt har ta op har dea. Mar op 'e jûn fan 'e brulloft bringe de wetterfaam har susters har in betsjoend mês, dat se fan 'e seehekse krigen hawwe yn ruil foar harren hier. As se dêr de prins mei deastekt ear't de dei daget, sil har sturt wer werom groeie en kin se har wer by har folk yn 'e see jaan. De wetterfaam stiet eefkes yn bestân, mar smyt it mês dan fuort. By it lemieren springt se yn 'e see en mient se ta skom te wurden, mar dan blykt dat se as beleanning foar har goede dieden ta in dochter fan 'e lucht makke is. De oare dochters fan 'e lucht fertelle har dat se mei noch mear goede dieden yn trijehûndert jier in siel winne kin.
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Lytse Wetterfaam is sûnder mis ien fan 'e meast ta de ferbylding sprekkende mearkes fan Andersen, en sûnt de earste útjefte yn 1837 is it dan ek adaptearre ta in ferskaat oan oare media, lykas film, tillefyzje, poëzij, toaniel, opera, stripferhaal, animaasje, anime, musikal, ballet en muzyk. Fierwei de bekendste adaptaasje is sûnder mis de Disney-tekenfilm The Little Mermaid, út 1989. Dy film ferskilt lykwols op safolle punten en yn safolle details mei Andersen syn oarspronklike mearke (bgl. it happy end wêryn't de wetterfaam en de prins inoar krije, om mar wat te neamen), dat er bekritisearre is om't er Andersen syn ferhaal ferriede soe. Yn 2000 brocht Disney in eigenoptocht ferfolch op 'e merk ûnder de titel The Little Mermaid II: Return to the Sea, mei yn 'e haadrol de minsklike dochter fan 'e lytse wetterfaam en de prins, dy't derop longeret om in seemearmin te wurden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|