Jules Verne
Jules Verne | ||
skriuwer | ||
Jules Verne (foto Nadar). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jules Gabriel Verne | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 8 febrewaris 1828 | |
berteplak | Nantes (Frankryk) | |
stoarn | 24 maart 1905 | |
stjerplak | Amiens (Frankryk) | |
etnisiteit | Bretonsk Skotsk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | aventoereromans & -ferhalen, SF, toaniel, poëzij, essay's, non-fiksje | |
perioade | 19e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Voyage au Centre de la Terre Vingt Mille Lieues sous les Mers De la Terre à la Lune Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours | |
jierren aktyf | 1850 – 1905 | |
offisjele webside | ||
www.jules-verne.nl |
Jules Verne (útspr.: [ʒyl vɛʁn]; folút: Jules Gabriel Verne; Nantes, 8 febrewaris 1828 – Amiens, 24 maart 1905) wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, dichter, essayist en publisist, dy't it bekendst wurden is mei aventoereromans as Voyage au Centre de la Terre ("Reis nei it Mulpunt fan 'e Ierde"), Vingt Mille Lieues sous les Mers ("Tweintichtûzen Milen ûnder See"), De la Terre à la Lune ("In Reis nei de Moanne") en Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours ("In Wrâldreis yn Tachtich Dagen"). Verne wurdt beskôge as ien fan 'e grutte figueren fan 'e Frânske en Jeropeeske literatuer fan 'e njoggentjinde iuw, en hie in grutte ynfloed op 'e literêre avant-garde en op it surreälisme. Dêrnjonken wurdt er algemien as ien fan 'e grûnlizzers fan it science fiction-sjenre sjoen. Yn 'e Angelsaksyske wrâld hawwe ynkoarte edysjes en "bewurke" oersettings ôfbrek dien oan syn reputaasje, en sadwaande wurdt er dêr mear as in sjenre-auteur en skriuwer fan berneboeken beskôge. Sûnt 1979 is Verne de op ien nei meast oersette auteur fan 'e wrâld, efter William Shakespeare en foàr Agatha Christie.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jules Verne waard yn 1828 berne op it Île Feydeau, in lyts eilantsje yn 'e rivier de Loire dat binnen de beboude kom leit fan 'e stêd Nantes, yn súdeastlik Bretanje. Hy wie de âldste soan yn it gesin fan Pierre Verne, dy't út in juristefamylje kaam, en Sophie Allotte de la Fuÿe, in telch út in âld en foaroansteand pleatslik laach fan seefarders en reders, mei fiere Skotske foarâlden. Verne hie ien jongere broer en trije jongere susters: Paul (1829) Anna (1836), Mathilde (1839) en Marie (1842). Mei seis jier waard er nei in ynternaat yn Nantes ta stjoerd dat dreaun waard troch in madame Sabin, de widdo fan in seekaptein waans skip oft tritich jier earder op see weiwurden wie. Hja fertelde har learlingen geregeldwei dat har man as skipbrekkeling op in ûnbewenne eilân fêst kommen wie te sitten, en dat er úteinlik weromkeare soe, krekt as Robinson Crusoe. Dat tema soe Verne syn libben lang bybliuwe, en hy ferwurke it yn in grut tal fan syn boeken, wêrûnder L'Île Mystérieuse, L'École des Robinsons en Seconde Patrie.
Yn 1836, doe't er acht jier wie, waard Verne nei de École Saint-Stanislas ta stjoerd, in roomske skoalle dy't syn fromme heit foar him útsocht hie. Dêr ûnderskate er him al rillegau yn fakken as mémoire (opsizzen út it ûnthâld wei), ierdrykskunde, Gryksk en Latyn. Fakânsjes brocht er troch yn syn heite fakânsjehúske yn it doarp Chantenay (dat sûnt troch it úttynjende Nantes opslokt is), oan 'e Loire, dêr't er in grut part fan 'e tiid trochbrocht mei it sjen nei foarbysilende keapfarders. Teffens útfanhûze er wol by syn omke oan memmekant Prudent Allotte de la Fuÿe, in eardere reder en seekaptein dy't om 'e wrâld reizge wie en fan 1828 oant 1837 boargemaster fan Brains wie. Verne soe de man letter ferivigje yn twa fan romans, Le Testament d'un Excentrique en Robur-le-Conquérant.
Doe't er in jier as alve wie, rekke Verne smoar op syn folle nicht Caroline. Neffens it ferhaal soed er doe op eigen manneboet as skipsjonge oanmeunstere hawwe op 'e trijemêster de Coralie, mei de bedoeling om nei West-Ynje te reizgjen en in koraalkeatling foar Caroline mei werom te nimmen. It skip sylde mei it jûnstij, mar makke noch in tuskenstop te Paimbœuf, dêr't Pierre Verne krekt op 'e tiid arrivearre om syn soan fan board ôf te bonsjoeren en fan him in ûnthjit ôf te twingen dat er tenei inkeld noch yn syn fantasij reizgje soe. Tsjintwurdich is bekend dat Verne syn earste biografe, syn omkesizzer Marguerite Allotte de la Fuÿe, dizze anekdoate út har tomme sûgde, mar Verne-kenners achtsje it hiel goed mooglik dat it ferhaal ynspirearre waard troch in echt, sij it wierskynlik lang net sa fermaaklik ynsidint.
Yn 1842 waard Verne nei in oare religieuze skoalle ta stjoerd, it Petit Séminaire de Saint-Donatien, dêr't er ynskreaun waard as lekestudint. Yn syn ûnfoltôge roman Un Prêtre en 1839 ("In Preester yn 1839"), dy't er skreau yn syn tinerjierren en dy't syn ierst oerlevere proaza omfiemet, besloech er de omstannichheden en syn leararen oan dat seminaarje mei de gek. Fan 1844 ôf learden Verne en syn broer Paul fierder oan it Lycée Royal ("Keninklik Lyseum") yn Nantes, dat no it Lycée Georges-Clemenceau hjit. Tsjin 'e tiid dat er dêr yn 1846 ôfstudearre, wied er ûnder ynfloed fan it oeuvre fan fral Victor Hugo begûn mei it skriuwen fan langere wurken, lykas it al neamde Un Prêtre en 1839, dat ûnfoltôge bleau, en twa trageedzjes yn fersen, Alexandre VI en La Conspiration des Poudres ("It Buskrûdkomplot"), dy't er wol ôfmakke.
Stúdzjetiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar syn heit stie it lykwols fêst dat Verne, as de âldste soan, syn abbekatepraktyk oernimme soe. Yn 1847 stjoerde er him dêrom nei Parys ta, yn it foarste plak om útein te setten mei syn rjochtestúdzje, mar neffens it ferhaal ek om him út Nantes wei te krijen, mei't syn nicht Caroline, dêr't er nei acht jier noch altyd fan besleifere wie, op 27 april fan dat jier úthylke waard oan in Émile Dezaunay, in man fan fjirtich mei wa't hja tweintich jier skeelde.
Doe't Verne nei Nantes weromkearde nei't er yn Parys slagge wie foar syn earstejiersrjochte-eksamen, kaam er dêr yn 'e kunde mei Rose Herminie Arnaud Grossetière, in fanke dat in jier âlder wie as hysels. Op 'e nij rekke er smoarfereale, en hy droech in tritich leafdesdichten oan har op. Hoewol't hja syn hertstocht beäntwurde, woene har âldelju neat witte fan in houlik mei in jonge rjochtestudint mei literêre opstigings, en hylken se har yn 1848 ynstee út oan 'e tsien jier âldere grutgrûnbesitter Armand Terrien de la Haye. Dizze affêre rekke Verne djip, en yn syn lettere romans komme oates en toates jonge froulju foar dy't tsjin harren wil úthylke wurde, lykas Gérande yn Maître Zacharius, Sava yn Mathias Sandorf en Ellen yn Une Ville Flottante. De skriuwer skipe der teffens in wrokkerigens tsjin syn bertestêd Nantes en ynwenners fan, dy't er utere yn it gedicht La Sixième Ville de France ("De Sechsde Stêd fan Frankryk").
Yn july 1848 gie Verne werom nei Parys, om op oanstean fan syn heit dêr syn rjochtestúdzje ôf te meitsjen sadat er de praktyk oernimme kinne soe. Hoewol't er him dêr al op talei en yn jannewaris 1851 ôfstudearre, hied er mear belangstelling foar de Paryske literêre fermiddens, dêr't er him yntrodusearje liet troch syn omke Francisque de Châteaubourg. Njonken syn stúdzje skreau er yn dy snuorje withoefolle toanielstikken, dêr't op 'e nij dúdlik de ynfloed fan Victor Hugo út bliek. Hy waard by syn skriuwen oanfitere troch de jonge komponist Aristide Hignard, ien fan syn buorlju yn it appartemintegebou dêr't er tahold. Se rekken befreone, en Verne skreau ferskate teksten dy't Hignard dêrnei op muzyk sette as chansons.
Yn dyselde tiid hie Verne te krijen mei in rige hommels opdûkende, tige slimme oanfallen fan maachkramp, dêr't er de rest fan syn libben periodyk troch tramtearre wurde soe. Sels hied er der gjin idee fan wat dêr de oarsaak fan wêze mocht, mar moderne wittenskippers hingje oer ta de teory dat er oan in groanyske grouwe-termûntstekking litte. Yn 1851 waard er dêropta nochris troffen troch de earste fan yn totaal fjouwer oanfallen fan gesichtsferlamming dy't er yn syn libben krije soe. Hjirfan is no bekend dat sokke oanfallen feroarsake wurde troch in ûntstekking fan it midden-ear, mar ek dat wie doe ûnwitten. Datselde jiers waard Verne ta syn grutte opluchting útlotte foar de Frânske tsjinstplicht. Syn anty-oarlochsgefoelens soene him, ta syn heite ûntsetting, syn hiele libben bybliuwe.
Iere karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tanksij syn geregelde besiken oan beskate literêre salons kaam Verne yn 1849 yn 'e kunde mei de ferneamde skriuwer Alexandre Dumas. Teffens rekke er befreone mei Dumas syn soan, Alexandre Dumas de Jongere, dy't ek skriuwer wie. Doe't er oan dyselde syn komeedzje Les Pailles Rompues sjen liet, holp dy him om dat toanielstik wat by te skaven, wêrnei't Dumas de Jongere it mei help fan syn heit yn 1850 opfiere liet troch de Opéra-National yn it Théâtre Historique yn Parys.
Yn 1851 mette Verne in oare skriuwer út Nantes, Pierre-Michel-François Chevalier, dy't bekendstie as "Pitre-Chevalier". Dat wie de haadredakteur fan it tydskrift Musée des Familles, wêrfoar't er altyd op 'e sneup wie nei artikels oer geografy, skiednis, wittenskip en technology. Mei't Verne der grutte aardichheid oan hie om yn 'e biblioteek sekuer ûndersyk te dwaan foar syn ferhalen, woe Pitre-Chevalier wol graach dat er wat foar syn blêd skreau. Verne bea him doe it koarte aventoereferhaal Les Premiers Navires de la Marine Mexicaine ("De Earste Skippen fan 'e Meksikaanske Marine") oan, dat er skreaun hie yn 'e styl fan James Fenimore Cooper, waans boeken oft him sterk beynfloede hiene. Pitre-Chevalier publisearre it datselde jiers noch ûnder de titel Un Drame au Mexique, en akseptearre ek noch in oar ferhaal, Un Voyage en Ballon ("In Reis mei in Luchtballon"), dat ferskynde as Un Drame dans les Airs. Dat lêste ferhaal, mei syn kombinaasje fan in aventoerlike fertelling, it reistema en detaillearre histoarysk ûndersyk, wurdt no sjoen as de earste foarútwizing foar Verne syn lettere sjenre. Verne gie troch mei koarte ferhalen, novelles en komeedzjes yn Musée des Familles te publisearjen oant er yn 1856 in slimme rûzje krige mei Pitre-Chevalier, wêrnei't er wegere noch foar dy syn tydskrift te skriuwen oant Pitre-Chevalier yn 1863 stoar en der in nije haadredakteur oansteld waard.
Fia Dumas de Jongere kaam Verne fierders yn kontakt mei Jules Seveste, in toanielregisseur dy't it Théâtre-Historique oernommen hie en omneamd hie ta it Théâtre-Lyrique. Seveste bea him in baan oan as siktarieel meiwurker, en hoewol't dêr frijwol gjin salaris oan ferbûn wie, griep Verne it mei beide hannen oan. Hy brûkte syn post om ferskate fan syn eigen toanielstikken en operettes op 'e planken te krijen en skreau teffens oan 'e rinnende bân noch nijen, wêrby't er gauris gearwurke mei Hignard en de librettist Michel Carré. Nei't Seveste yn 1854 by in útbraak fan goalera omkommen wie, bleau Verne noch ferskate jierren by it Théâtre-Lyrique, ek al rûn syn kontrakt yn 1855 ôf.
Underwilens besocht syn heit Verne mei almar swierder wurdende twang safier te krijen dat er ophold mei ompielen en oan it wurk gie as abbekaat. Dat proses berikte syn hichtepunt doe't er Verne yn jannewaris 1852 syn eigen praktyk oanbea. Doe't er op dy manear foar in soarte fan ultimatum pleatst waard, besleat Verne lykwols foargoed foar syn skriuwwurk te kiezen. Yn dyselde tiid begûn Verne it plan foarm te jaan om in nij soarte fan ferhaal te skriuwen, in roman de la science, in wittenskiplike roman, dêr't in grutte hoemannichste feitlike ynformaasje yn bemjukse wurde soe. Hy oerlei dêroer mei Dumas de Aldere, dy't sels mei in ûnfoltôge wurk, Isaac Laquedem, ek alris soks prebearre hie, en him entûsjast oanfitere.
Húshâlding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maaie 1856 reizge Verne nei Amiens, yn Noard-Frankryk, foar de brulloft fan Auguste Lelarge, in maat fan him út Nantes, dy't dêr troude mei in frommeske út Amiens, Aimée du Fraysse de Viane. Mei't er de tsjûge fan 'e brêgeman wie, waard Verne útnûge om te útfanhûzjen by de famylje fan 'e breid, en dêr kaam er yn 'e kunde mei Honorine de Viane Morel, de suster fan 'e breid, in widdo fan 26 jier mei twa lytse bern. Se rekken fereale opinoar, en om har ûnderhâlde te kinnen, gie Verne yn op in útstel fan har broer om tegearre in effektemakelderij op te rjochtsjen. Hy en Honorine boasken op 10 jannewaris 1857 oaninoar. Verne naam har beide dochterkes oan en sette him mei syn nije gesin nei wenjen yn Parys, dêr't er ôfskie naam fan syn wurk by it Théâtre-Lyrique om in foltiidsbaan oan te nimmen op 'e Paryske beurs.
Hy gie moarns ektra betiid fan bêd ôf om 'e tiid te hawwen om te skriuwen ear't er nei de beurs gie. Yn syn krappe frije tiid wied er yn 'e regel yn 'e bibleteek te finen foar syn ûndersykswurk. Yn july 1858 griepen Verne en Aristide Hignard de kâns om fergees in seereis te meitsjen nei Ingelân en Skotlân, op 'e kosten fan Hignard syn broer. Dy reis fiksjonalisearre Verne yn it semy-autobiografyske Voyage à Reculons en Angleterre et en Écosse, dat lykwols pas yn 1989 foar it earst útjûn waard. Wylst er yn 1861 mei Hignard op in soartgelikense reis nei Sweden, Noarwegen en Denemark wie, berikte him it berjocht dat Honorine yn 'e weeën lei. Hy reizge halje-trawalje werom nei Frankryk, mar miste de berte fan syn iennichste biologyske bern, Michel Jules Verne, op 3 augustus 1861.
Lettere karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underwilens hie Verne it wurk oan syn idee fan 'e roman de la science fuortset. It naam, neffens eigen sizzen troch grutte leafde foar lânkaarten en ûntdekkingsreizgers, de foarm oan fan in reis oer Afrika yn in hjitte-luchtballon, mei as oarspronklike titel Voyage en Ballon ("Reis mei in Ballon"). Fia fia kaam er yn 1862 yn 'e kunde mei de útjouwer Pierre-Jules Hetzel, dy't er oanspriek om it boek út te jaan. Hetzel, útjouwer fan literêre reuzen as Victor Hugo en Honoré de Balzac, hie al lange tiid fan doel west om in tydskrift te begjinnen dat fermaaklike fiksje kombinearje soe mei ynteressante wittenskiplike artikels, en hy seach Verne as in ideäle skriuwer foar dat Magasin d'Éducation et de Récréation. Sadwaande sleat er mei Verne in langjierrich kontrakt dat de auteur ferplichte ta it leverjen fan bydragen oan syn tydskrift, wylst er sels oant trije boeken jiers foar in fêste priis opkeapje en publisearje soe. Verne wie al lang bliid dat er syn boeken útjûn krije koe en der ek noch in fêst salaris foar krige, en stimde dêr daliks mei yn, mar letter soed er troch de fêste priis in soad ynkomsten misrinne.
Voyage en Ballon waard troch Hetzel oan Verne weromjûn mei in listke dingen dy't better koene, en Verne naam alle oanwizings oer en hie de oanpaste ferzje yn fjirtjin dagen klear. Ein jannewaris 1863 waard dizze earste fan Verne syn romans publisearre ûnder de troch Hetzel oanrette titel Cinq Semaines en Ballon ("Fiif wiken mei in Ballon"). Dit boek betsjutte Verne syn grutte trochbraak, en waard yn ferskate talen publisearre. Neitiid brocht er yn 'e regel twa boeken jiers út, wêrfan't de measten earst as fúljeton publisearre waarden yn Hetzel syn tydskrift, te begjinnen mei Voyages et Aventures du Capitaine Hatteras. Doe't dy roman (Verne syn twadde) yn 1866 yn boekfoarm útkaam, kundige Hetzel oan dat er in trochgeande romanrige fan Verne útbringe soe ûnder de titel Voyages Extraordinaires ("Bûtengewoane Reizen"), wêrfan't de boeken ûnderling mei-inoar ferbûn wêze soene troch de ynkorporaasje fan alle bekende geografyske, geologyske, natuerkundige, en astronomyske kennis fan 'e moderne wittenskip.
Hetzel hie in grutte ynfloed op Verne syn romans, yn it bysûnder yn 'e earste pear jier fan harren gearwurking, want Verne wie yn 't earstoan sa bliid dat er in útjouwer fûn hie, dat er frijwol al Hetzel syn suggestjes klakkeleas oernaam. Sa fûn Hetzel de oarspronklike ein fan Voyages et Aventures du Capitaine Hatteras, wêryn't de haadpersoan oan syn ein kaam, mar neat, dat Verne skreau in folslein nije ein, wêryn't Hatteras yn 't libben bleau. Fierders wiisde Hetzel Verne syn folgjende boek, Paris au XXe Siècle, ôf om't er fûn dat it in te pessimistysk byld fan 'e takomst bea en om't er bang wie dat Verne der syn prille karriêre mei skansearje soe. It boek gie oer in jongeman yn it Parys fan 'e tweintichste iuw, dy't in troch technyk fan alle gemakken foarsjoen bestean liedt (mei glêzene wolkekliuwers, hege-snelheidstrams, auto's dy't op gas ride, rekkenmasines en in wrâldwiid kommunikaasjenetwurk), mar dochs net gelokkich wurde kin en úteinlik tragysk oan syn ein komt. Hetzel beprate Verne om tweintich jier te wachtsjen mei de publikaasje, en Verne sloech it op yn bankklûs, en fergeat it meitiid blykber, want it waard pas yn 1989 ûntdutsen doe't syn oerpakesizzer de oangeande klûs iepene. Yn 1994 waard it dochs noch útjûn.
De relaasje tusken Verne en Hetzel feroare om 1869 hinne yngeand, doe't se in konflikt krigen oer it manuskript fan Vingt Mille Lieues sous les Mers. Verne hie de dûkboatkaptein Nemo earst in foarskiednis tatocht as in Poalske wittenskipper waans famylje oft by de Jannewarisopstân fan 1863-1865 troch de Russen útmoarde wurden wie. Hetzel makke dêr beswier tsjin om't er de lukrative Russyske merk net fan him ferfrjemdzje woe, en stelde út om fan Nemo in bestrider fan 'e slavehannel te meitsjen ynstee fan in fijân fan it tsareryk. Verne fersette him lykwols fûleindich tsjin 'e feroaring. Op 't lêst waard der in kompromis berikt wêrby't de foarskiednis fan Nemo dizenich holden waard. Neitiid begûn Verne geregeldwei op- en oanmerkings fan Hetzel oer syn romans fan 'e hân te wizen.
No wie it fansels sa dat Verne ek in stik mear selsfertrouwen krige troch grutte súksessen lykas Voyage au Centre de la Terre (1864), De la Terre à la Lune (1865), Vingt Mille Lieues sous les Mers (1869), Autour de la Lune (1869) en Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours (1872). Hy koe no fan syn skriuwwurk libje, al kaam it grutste part fan syn rykdom fan 'e toanieladaptaasjes fan Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours (1874) en Michel Strogoff (1876), dy't er makke yn gearwurking mei Adolphe d'Ennery. Yn 1870 krige Verne it Légion d'honneur, de heechste Frânske ûnderskieding.
Lettere jierren en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Verne syn soan Michel wie ûnderwilens tsjin syn heite wil mei in aktrise troud, wylst er dêrnjonken twa bern oansette by in minderjierrige mêtresse. Troch sokke babbelegûchjes wie Verne syn relaasje mei syn soan jierrenlang tige min. Neigeraden dat Michel âlder waard bettere de deilisskip lykwols oer. Op 9 maart 1886, doe't Verne thúskaam, waard er twaris troch syn 25-jierrige omkesizzer Gaston besketten mei in pistoal. De earste kûgel miste him, mar de twadde rekke him yn 'e lofterskonk, en makke dat er de rest fan syn libben oer de side gie. Dit ynsidint waard yn 'e dôfpôt stoppe, en Gaston brocht de rest fan syn libben troch yn in gesticht.
Nei de dea fan sawol syn mem as Hetzel, begûn Verne wurken te skriuwen dy't dûnkerder fan toan wiene. Hy hie him yn 1871 mei syn gesin yn Amiens fêstige, dêr't er de rest fan syn libben wenjen bleau. Yn 1888 waard er dêr yn 'e gemeenteried keazen. Hy hold him yn it bysûnder dwaande mei saken op kultureel mêd, lykas teäters (bgl. it stedssirkus, it tsjintwurdige Cirque Jules Verne), skoallen en stedsûntjouwing. Hy waard trije kear werkeazen (yn 1892, 1896 en 1900), en wie yn totaal fyftjin jier gemeenteriedslid. Op jierren rekke Verne oanhelle mei sûkersykte, dêr't er op 24 maart 1905 yn syn hûs yn Amiens oan ferstoar. Hy waard 77 jier, en syn grêf is noch altyd te sjen yn Amiens. It oan him en syn wurk wijde Musée Jules Verne is fêsige yn Nantes.
By Verne syn dea hied er noch laden fol mei manuskripten lizzen, en syn soan, Michel Verne, hie it tafersjoch oer de publikaasje dêrfan, dy't noch ferskate jierren mei deselde faasje fan twa boeken it jier trochgie. Pas folle letter kaam oan it ljocht dat Michel Verne yngeande feroarings yn 'e teksten fan syn heit oanbrocht hie. Tusken 1985 en 1989 brocht it Frânske Jules Verne Genoatskip (Société Jules Verne) fan 'e romans Le Secret de Wilhelm Storitz, La Chasse au Météore en Le Volcan d'Or de oarspronklike ferzjes út, wylst fan twa oare boeken, Le Pilote du Danube en Les Naufragés du Jonathan ek de titel weromferoare waard, nei Le Beau Danube Jaune, resp. En Magellanie.
Reputaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't Verne tige populêr wie by de gewoane lêzers, krige er by syn libben nea de wurdearring út Frânske literêre fermiddens dy't er sa graach hawwe woe. Iroanysk genôch wie it krekt syn kommersjele súkses dat literatuerkritisy derfan wjerhold om him as in serieus literator te sjen. Dy ûntkenning naam ferskate foarmen oan, wêrûnder de ôfwizende literêre resinsjes fan syn boeken, de lytsachtsjende hâlding dy't "literêre" skriuwers, lykas Émile Zola, foar him oer oannamen, en it feit dat Verne nea foardroegen waard foar it lidmaatskip fan 'e prestizjeuze Académie Française. Nei syn dea fûn der lykwols in werwurdearring fan syn wurk plak, en tsjintwurdich wurdt er yn Frankryk en op it fêstelân fan Jeropa frij algemien sjoen as ien fan 'e grutte figueren fan 'e njoggentjinde-iuwske literatuer.
Yn 'e Angelsaksyske wrâld, lykwols, wurdt Verne noch altyd beskôge as in berneboekeskriuwer en in naïve propagandamakker foar wittenskip en technology. As er yn literatuerkrityske wurken al neamd wurdt, is dat eins inkeld as ferliking fan Ingelsktalige amt- en tiidgenoaten as Edgar Allen Poe en H.G. Wells. Dizze ôfwikende sjenswize is feroarsake troch de tige frije Hollywood-ferfilmings fan Verne syn boeken, en fral ek troch de tige minne Ingelske oersettings fan syn wurk. Oars as yn Frankryk en oare Jeropeeske lannen, besleaten de útjouwers yn Grut-Brittanje en de Feriene Steaten om har foar Verne syn Voyages Extraordinaires inkeld op bern en tiners te rjochtsjen. Sadwaande brochten se ynkoarte en "bewurke" ferzjes fan syn boeken op 'e merk, in marketingstrategy dy't duorjend ôfbrek dien hat oan Verne syn reputaasje yn 'e Ingelsktalige lannen.
De skriuwer Michael Crichton skreau yn 2001 yn in foaropwurd by in nije oersetting fan Voyage au Centre de la Terre: "Verne syn proaza sit gjin wurd tefolle oan en rint as in trein, op in nuveraardich modern oandwaande manear [...] [mar] syn Ingelske oersetters hawwe Verne in bysûnder minne tsjinst bewiisd. Op syn bêsten hawwe se ús in rattelich, hobbelich toandôf proaza taskood. Op syn minsten – lykas yn it gefal fan 'e beruchte "fertaling" [fan Voyage au Centre de la Terre] dy't yn 1872 publisearre waard troch Griffith & Farran – hawwe se dealeuk de tekst feroare, Verne syn personaazjes nije nammen jûn en hiele siden mei har eigen optinksels tafoege, en alsa de betsjutting en toan fan Verne syn orizjineel effektyf ferneatige."
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ferskynd by Vernes libben
- 1863 – Cinq Semaines en Ballon (Ned. fert.: Vijf Weken in een Luchtballon, 1864 en 1985)
- 1864-65 – Voyages et Aventures du Capitaine Hatteras (Ned. fert.: Reizen en Lotgevallen van Kapitein Hatteras, 1869, 2 dielen)
- 1864 – Voyage au Centre de la Terre (Ned. fert.: Naar het Middelpunt der Aarde, 1866)
- 1865 – De la Terre à la Lune (Ned. fert.: Van de Aarde naar de Maan, 1985)
- Fryske oersetting: In Reis nei de Moanne (fert.: Syt Palma, 2015)
- 1865-67 – Les Enfants du Capitaine Grant (Ned. fert.: De Kinderen van Kapitein Grant, 1868, 1985 en 1992, 3 dielen oer Súd-Amearika, Austraalje en de Stille Súdsee)
- 1869-70 – Vingt Mille Lieues sous les Mers (Ned. fert.: Twintigduizend Mijlen onder Zee, 1870 en 1985, 2 dielen)
- 1869 – Autour de la Lune (Ned. fert.: De Reis om de Maan, 1985; yn 1871 tegearre mei De la Terre à la Lune útbrocht as De Reis naar de Maan in 28 Dagen en 12 Uren)
- 1870 – Une Ville Flottante (Ned. fert.: Een Drijvende Stad, 1873)
- 1871-72 – Aventures de Trois Russes et de Trois Anglais (Ned. fert.: Avonturen van Drie Russen en Drie Engelsen, 1873)
- 1872-73 – Le Pays des Fourrures (Ned. fert.: Het Land der Buitenste Duisternis, 1880, 2 dielen)
- 1872 – Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours (Ned. fert.: De Reis om de Wereld in Tachtig Dagen, 1874 en 1984)
- Fryske oersetting: In Wrâldreis yn Tachtich Dagen (fert.: Syt Palma, 2010)
- 1874-75 – L'Île Mystérieuse (Ned. fert.: Het Geheimzinnige Eiland, 1877, 2 dielen)
- 1874-75 – Le Chancellor (Ned. fert.: De Schipbreuk van de Chancellor, 1875 en 1984)
- 1876 – Michel Strogoff (Ned. fert.: Michael Strogoff, de Koerier van de Tsaar, 1877; Michael Strogoff, 1984, 2 dielen: Van Moskou naar Kolyvan en Van Kolyvan naar Irkoetsk)
- 1877 – Hector Servadac (Ned. fert.: Hector Servadac, 1878, 2 dielen)
- 1877 – Les Indes Noires (Ned. fert.: Het Zwarte Goud , 1878)
- 1878 – Un Capitaine de Quinze Ans (Ned. fert.: Een Kapitein van Vijftien Jaar , 1879, 2 dielen)
- 1879 – Les Cinq Cents Millions de la Bégum (Ned. fert.: Eldorado en het Monsterkanon van Staalstad, 1880; De 500 Miljoen van de Begum, 1983)
- 1879 – Les Tribulations d'un Chinois en Chine (Ned. fert.: Wonderlijke Avonturen van een Chinees, 1879; Een Chinees Drama, 1983)
- 1879-80 – La Maison à Vapeur (Ned. fert.: Het Stoomhuis, 1880/1881, 2 dielen)
- 1881 – La Jangada (Ned. fert.: Een Vlotreis, 1881-82, 2 dielen)
- 1882 – L'École des Robinsons (Ned. fert.: Een Leerschool voor Robinsons, 1882; Het Eenzame Eiland, 1983)
- 1882 – Le Rayon Vert (Ned. fert.: De Wonderstraal, 1882; De Geheimzinnige Straal, 1982)
- 1883 – Kéraban-le-Têtu (Ned. fert.: Keraban de Stijfhoofdige, 1883-84, 2 dielen)
- 1884 – L'Étoile du Sud (Ned. fert.: De Zuidster, 1884)
- 1884 – L'Archipel en Feu (Ned. fert.: Een Archipel in Brand, 1884 en 1984)
- 1884 – L'Épave du Cynthia (Ned. fert.: De Vondeling van het Fregat Cynthia, 1885)
- 1885 – Mathias Sandorf (Ned. fert.: Mathias Sandorf, 1886-87, 3 dielen)
- 1886 – Un Billet de Loterie (Ned. fert.: Het Loterijbriefje, 1887 en 1984)
- 1886 – Robur-le-Conquérant (Ned. fert.: Robur de Veroveraar, 1887 en 1985)
- 1887 – Nord contre Sud (Ned. fert.: De Strijd tusschen Noord en Zuid, 1888, 2 dielen)
- 1887 – Le Chemin de France (Ned. fert.: 1792, Op weg naar Frankrijk, 1888)
- 1888 – Deux Ans de Vacances (Ned. fert.: Twee Jaar Vacantie, 1888)
- 1889 – Famille-sans-Nom (Ned. fert.: De Familie zonder Naam, 1889, 2 dielen)
- 1889 – Sans Dessus Dessous (Ned. fert.: Een Schot in de Lucht, 1890)
- 1890 – César Cascabel (Ned. fert.: Cesar Cascabel, 1890-91, 2 dielen)
- 1891 – Mistress Branican (Ned. fert.: Mrs. Branican, 2009)
- 1892 – Le Château des Carpates (Ned. fert.: Het Kasteel in de Karpaten, 1893; Het Spookkasteel, 1983)
- 1892 – Claudius Bombarnac (Ned. fert.: Claudius Bombarnac, 1894)
- 1893 – P'tit-Bonhomme (Ned. fert.: P'tit Bonhomme, 1893)
- 1894 – Mirifiques Aventures de Maître Antifer (Ned. fert.: De Wonderlijke Avonturen van Kapitein Antifer, 1899)
- 1895 – L'Île à Hélice (Ned. fert.: Het Bestuurbare Eiland, 1900)
- 1896 – Face au Drapeau (Ned. fert.: Uit Liefde voor de Vlag, 1948; De Gevaarlijke Uitvinding, 1982)
- 1896 – Clovis Dardentor (Ned. fert.: Op de Grenzen der Woestijn, 1902)
- 1897 – Le Sphinx des Glaces (Ned. fert.: De IJs-sphinx, 1899; yn 2 dielen: Het Verlaten Land en De IJssfinx, 1983)
- 1898 – Le Superbe Orénoque (Ned. fert.: De Korporaal en Zijn Pleegkind, 1900)
- 1899 – Le Testament d'un Excentrique (Ned. fert.: Het Testament van een Zonderling, 1901)
- 1900 – Seconde Patrie (gjin Ned. fert.)
- 1901 – Le Village Aérien (ek La Grande Forêt; Ned. fert.: In de Oer-wouden van Afrika, 1901)
- 1901 – Les Histoires de Jean-Marie Cabidoulin (Ned. fert.: Met een Walvischvaarder over den Stillen Oceaan, 1902; De Verschrikkelijke Reis, 1982)
- 1902 – Les Frères Kip (gjin Ned. fert.)
- 1903 – Bourses de Voyage (Ned. fert.: De Muiters van de James Cook, 1903)
- 1904 – Un Drame en Livonie (Ned. fert.: Een Drama in Lijfland, 2001)
- 1904 – Maître du Monde (Ned. fert.: Meester der Wereld, 1908)
- 1905 – L'Invasion de la Mer (Ned. fert.: Een Zee voor de Sahara, 1969)
- postúm ferskynd
- 1905 – Le Phare du Bout du Monde (Ned. fert.: De Piraten van het Vuurtoreneiland, 1956)
- 1906 – Le Volcan d'Or (publisearre yn oanpaste foarm troch Michel Verne; yn oarspronklike ferzje fan Jules Verne yn 1989; Ned. fert.: De Goudschat van Klondyke, 1908)
- 1907 – L'Agence Thompson and Co. (gjin Ned. fert.)
- 1908 – La Chasse au Météore (publisearre yn oanpaste foarm troch Michel Verne; yn oarspronklike ferzje fan Jules Verne yn 1986; Ned. fert.: De Jacht op de Meteoor, 1909 en 1983)
- 1908 – Le Pilote du Danube ( publisearre yn oanpaste foarm troch Michel Verne; yn oarspronklike ferzje fan Jules Verne, ûnder de oarspronklike titel Le Beau Danube Jaune, yn 1988; Ned. fert.: De Schrik van de Donau, 1911 en 1983)
- 1909 – Les Naufragés du Jonathan (publisearre yn oanpaste foarm troch Michel Verne; yn oarspronklike ferzje fan Jules Verne, ûnder de oarspronklike titel En Magellanie, yn 1987; Ned. fert.: De Schipbreukelingen van de Jonathan, 1947)
- 1910 – Le Secret de Wilhelm Storitz (publisearre yn oanpaste foarm troch Michel Verne; yn oarspronklike ferzje fan Jules Verne yn 1985; gjin Ned. fert.)
- 1914 – L'Étonnante Aventure de la Mission Barsac (Ned. fert. yn 2 dielen: De Stad in de Sahara, 1973 en Een Missie naar Niger, 1974)
- 1989– Voyage à Reculons en Angleterre et en Écosse (skreaun yn 1860; gjin Ned. fert.)
- 1993 – L'Oncle Robinson (skreaun yn 1870; gjin Ned. fert.)
- 1994 – Paris au XXe Siècle (skreaun yn 1863; Ned. fert.: Parijs in de Twintigste Eeuw, 1995 en 1997)
Koarte ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1851 – Un Drame au Mexique (oarspr. titel: Les Premiers Navires de la Marine Mexicaine; Ned. fert.: Een Drama in Mexico, 1878)
- 1851 – Un Drame dans les Airs (oarspr. titel: Un Voyage en Ballon; gjin Ned. fert.)
- 1852 – Martin Paz (gjin Ned. fert.)
- 1854 – Maître Zacharius (gjin Ned. fert.)
- 1855 – Un Hivernage dans les Glaces (gjin Ned. fert.)
- 1864 – Le Comte de Chanteleine (gjin Ned. fert.)
- 1871 – Les Forceurs de Blocus (gjin Ned. fert.)
- 1872 – Une Fantaisie du Docteur Ox (gjin Ned. fert.)
- 1875 – Une Ville Idéale (Ned. fert.: Een Ideale Stad: Amiens in het Jaar 2000, 1999)
- 1879 – Les Révoltés de la Bounty (mei Gabriel Marcel; gjin Ned. fert.)
- 1881 – Dix Heures en Chasse (Ned. fert.: Tien Uren op Jacht, 1882)
- 1884 – Frritt-Flacc (gjin Ned. fert.)
- 1887 – Gil Braltar (gjin Ned. fert.)
- 1891 – La Journée d’un Journaliste Américain en 2890 (gjin Ned. fert.)
- 1891 – Aventures de la Famille Raton (gjin Ned. fert.)
- 1893 – Monsieur Ré-Dièze et Mademoiselle Mi-Bémol (gjin Ned. fert.)
Toanielstikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1850 – Les Pailles rompues
- 1852 – Les Châteaux en Californie, ou: Pierre Qui Roule n’Amasse pas Mousse
- 1852 – Monna Lisa
- 1853 – Le Colin-Maillard (mei Michel Carré en Aristide Hignard)
- 1853 – Un Fils Adoptif (mei Charles Wallut)
- 1855 – Les Compagnons de la Marjolaine (mei Michel Carré en Aristide Hignard)
- 1858 – Monsieur de Chimpanzé (mei Michel Carré en Aristide Hignard)
- 1860 – L’Auberge des Ardennes (mei Michel Carré en Aristide Hignard)
- 1861 – Onze Jours de Siège (mei Charles Wallut en Victorien Sardou)
- 1873 – Un Neveu d’Amérique (mei Charles Wallut en Édouard Cadol)
- 1874 – Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours (mei Adolphe d'Ennery)
- 1878 – Les Enfants du Capitaine Grant (mei Adolphe d'Ennery)
- 1880 – Michel Strogoff
- 1882 – Voyage à Travers l'Impossible (Ned. fert.: De Reis door het Onmogelijke, 2007)
- 1883 – Kéraban-le-Têtu
Essay's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1857 – Portraits d'Artistes: XVIII
- 1857 – Salon de 1857
- 1863 – A Propos du Géant
- 1864 – Edgar Poe et Ses Œuvres
- 1873 – Les Méridiens et le Calendrier
- 1873 – Vingt-quatre Minutes en Ballon
- 1876 – Note pour l’Affaire J. Verne contre Pont Jest
- 1890 – Souvenirs d’Enfance et de Jeunesse
Oare non-fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1866-68 – Géographie Illustrée de la France et de Ses Colonies (atlas; mei Théophile Lavallée)
- 1870-80 – Découverte de la Terre: Histoire Générale des Grands Voyages et des Grands Voyageurs (skiednis fan ûntdekkingsreizen; mei Gabriel Marcel)
- 18?? – Grands Navigateurs du XVIIIe Siècle (skiednis fan grutte seefarders út 'e 18e iuw)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Offisjele webside fan it (Nederlânske) Jules Verne Genoatskip
- (in) Webside fan 'e Ynternasjonale Jules Verne databank
- (in) Wurk fan Jules Verne yn it Projekt Gutenberg
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar fierdere boarnen en literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Frânsk administratyf meiwurker
- Frânsk romanskriuwer
- Frânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Frânsk science fiction-skriuwer
- Frânsk skriuwer fan aventoerefiksje
- Frânsk toanielskriuwer
- Frânsk dichter
- Frânsk essayist
- Frânsk publisist
- Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne
- Frânsk politikus
- Bretonsk persoan
- Frânsk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan berne yn 1828
- Persoan stoarn yn 1905