Joadsk begraafplak (Teakesyl)
Joadsk begraafplak Teakesyl | ||
Alde leechlizzend gedielte | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Teakesyl | |
oare ynformaasje | ||
behear | It Fryske Gea |
It Joadske begraafplak Teakesyl (ek: Joadetsjerkhôf Teakesyl) leit by Teakesyl.
Der is in âld en in nij diel. It âldste part waard om 1802 hinne foar de Joadske mienskip yn De Lemmer oankocht en lei deun efter de seedijk. Omdat it leechlizzende begraafplak geregeldwei ûnderstrûpte en dêrtroch net te brûken wie, hat de boargemaster yn 1876 in oanswettend heger lizzend perseel skonken. Dêr waard in nij begraafplak ynrjochte. Yn 2010 binne der noch 29 grêfstiennen. Op it âlde part 21 en op it nije 8. De âldste stien is fan 1817. Yn 1938 wie de lêste begraffenis.
Yn 1989 waard de stichting Joodse Begraafplaats Tacozijl troch in groep Lemsters oprjochte. It doel wie om it tige fertutearzge hôf te renovearjen. De stichting soarget noch altyd foar it ûnderhâld. Ut namme fan eigner it Nederlânsk-Israelitysk Tsjerkgenoatskip wurdt it hôf troch It Fryske Gea beheard.
Om it âlde begraafplak, ûnderoan de Iselmardyk) fan 0,2 hektare leit in beamwâl. Der steane tsientallen sarken en op in tinkplaat steane de nammen fan trije joadske Lemsters dy't op transport setten binne nei Auschwitz en dêr ombrocht binne. Doe't de âlde hege iperen mantel troch de ypsykte oantaaste wie, is dy rûge en binne der nije beammen plante wêrtroch it tsjerkhôf in opfallend punt yn it platte lânskip wurden is.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Fan de dyk ôf sjoen
-
Monumint 1940 - 1945
-
Tagong
-
Nije gedielte
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|