Jesse Jackson

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jesse Jackson
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Reverend Jesse Jackson speaking at the UN crop.jpg
echte namme Jesse Louis Jackson sr.
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
bertedatum 8 oktober 1941
berteplak Greenville (Súd-Karolina)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
partij Demokratyske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 2000
Skaadsenator fan it Distrikt Kolumbia
amtsperioade 19911997
foargonger nimmen (amt bestie net)
opfolger Paul Strauss

Jesse Jackson (folút: Jesse Louis Jackson sr.; Greenville (Súd-Karolina), 8 oktober 1941), is in Amerikaansk boargerrjochte-aktivist, baptistysk predikant, politikus, publisist en presintator fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy is benammen bekend wurden as ien fan 'e meast promininte wurdfierders en foaroanlju fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip yn 'e Feriene Steaten. Yn it ferlingde dêrfan stelde er him yn 1984 en 1988 kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip. Letter wied er fan 1991 oant 1997 skaadsenator foar it Distrikt Kolumbia. Fan 1992 oant 2000 hied er fierders in eigen praatprogramma op CNN.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jackson waard yn 1941 berne yn Greenville, yn 'e steat Súd-Karolina, as Jesse Louis Burns. Hy wie de soan fan Helen Burns, in 16-jierrige learlinge op 'e middelbere skoalle, en har 33-jierrige troude buorman Noah Louis Robinson, in earder profesjoneel bokser en wurknimmer by in tekstylhannel. In jier nei syn berte troude syn mem mei Charles Henry Jackson, in ûnderhâldsman op it postkantoar, dy't him as soan oannaam, sadat er de efternamme Jackson krige. Jackson hold lykwols ek kontakt mei Robinson, en beskôge beide manlju as syn heit.

Yn syn jonkheid waard Jackson in protte narre troch leeftydsgenoaten, om't er in oerwûn bern wie. Letter seid er dat dy ûnderfining him motivearre hie om te slagjen yn it libben. Jackson groeide op yn it Suden fan 'e Feriene Steaten, dêr't yn syn jonkheid noch in strikte rasseskieding gou. Nei't er yn 1959 syn middelbere-skoaldiploma helle hie, learde er fierder oan 'e Universiteit fan Illinois te Urbana-Champaign, mar nei twa semesters liet er him oerpleatse nei de Agraryske en Technyske Steatsuniversiteit fan Noard-Karolina (ornaris ôfkoarte ta A&T), in swarte universiteit yn Greensboro. Neffens eigen sizzen wie de reden dêrfoar dat er yn Illinois net yn 'e posysje fan quarterback spylje koe yn it Amerikaansk footballtiim fan 'e universiteit, mar oaren hawwe suggerearre dat Jackson yn Illinois bleatstie oan diskriminaasje en te krijen hie mei in kultuerskok doe't er him foar it earst yn syn libben oan 'e blanke kultuer oanpasse moast.

Jackson (mei afrokapsel) by in demonstraasje yn 1975.

Under syn stúdzje oan A&T wie Jackson quarterback yn it universiteitstiim, en teffens waard er keazen ta foarsitter fan 'e studinterie. It wie yn dy tiid dat er foar it earste belutsen rekke by de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, fia protestaksjes tsjin rasseskieding yn iepenbiere bibleteken en yn teäters en restaurants. Yn 1964 studearre er ôf mei in bachelorstitel yn sosjology, wêrnei't er mei in stúdzjebeurs fierder learde oan it Teologysk Seminaarje fan Chicago. Yn 1966 briek er syn stúdzje dêr ôf (hoewol't er noch mar foar trije kolleezjes hoegde te slagjen om syn masterstitel te heljen), om't er him folslein talizze woe op 'e boargerrjochtestriid. Yn 1968 waard er ta predikant wijd en yn 2000 waard him syn masterstitel dochs noch ferliend, op grûn fan 'e kolleezjes dêr't er al foar slagge wie mei dêropta syn libbensûnderfining en alle lettere wurk.

Boargerrjochte-aktivisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1964 ôf waard Jackson in nau meiwurker fan 'e grutte swarte boargerrjochte-aktivist Martin Luther King. Yn 1965 died er mei oan 'e Mars fan Selma nei Montgomery, yn it súdlike Alabama. King, dy't ûnder de yndruk wie fan Jackson syn organisatoarysk talint, joech him in rol yn 'e Súdlike Kristlike Liederskipskonferinsje (SCLC), in organisaasje dy't in protte fan 'e boargerrochteprotesten beävensearre. Sa krige Jackson yn 1965 de opdracht om in SCLC-kantoar yn Chicago te iepenjen, en yn 1967 waard er promovearre ta nasjonaal direkteur fan Operation Breadbasket ("Operaasje Bôlekoer"), de ekonomyske ôfdieling fan 'e SCLC. Yn dy funksje lei er him ta op it organisearjen fan algemiene boykots troch swarten en har blanke meistanners fan bedriuwen dy't yn it Suden de rasseskieding hantearren, wylst er de lju ynstee nei bedriuwen ta besocht te stjoeren dy't yn eigendom wiene fan 'e swarte ûndernimmers.

Doe't Martin Luther King op 4 april 1968 op it balkon fan 'e earste ferdjipping fan in motel yn Memfis delsketten waard, befûn Jackson him op it parkearplak fan dat motel. Hy fertelde de gearstreamde parse letter dat er de lêste persoan wie dy't noch mei King praat hie en dat de man yn syn earms stoarn wie, mar dat ferhaal waard troch ferskate oare assistinten fan King ûntstriden. Nei de moard naam Jackson de organisaasje fan 'e Earmeljuskrústocht yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. op him, mar al rillegau kaam er yn botsing mei Ralph Abernathy, dy't King opfolge wie as foarsitter fan 'e SCLC. Hja wiene it op ferskillende punten ûniens. Sa pleite Jackson foar in fermoedsoening mei de blanken en it ferskowen fan in grut diel fan 'e politike aginda fan 'e Boargerrjochtebeweging fan in rassestriid nei in klassestriid, wylst Abernathy in folle militantere posysje ynnaam.

Jesse Jackson yn 1983.

Yn it foarjier fan 1971 oardere Abernathy Jackson om it nasjonaal haadkantoar fan Operation Breadbasket te ferpleatsen fan Chicago nei Atlanta, mei as doel om dan in oar yn Jackson syn posysje fan direkteur te beneamen. Jackson wegere lykwols, en organisearre ynstee yn it neijier fan 1971 yn Chicago it saneamde Black Expo, in fiif dagen duorjende fakbeurs dêr't swarte sakelju út 40 Amerikaanske steaten gearkamen om ûnderling nije konneksjes te lizzen. Yn desimber rekken Jackson en Abernathy iepentlik deilis doe't Abernathy Jackson beskuldige fan ûngerjochtichheden by de finânsjes fan it Black Expo en him doe skorste as direkteur fan Operation Breadbasket. Jackson, de hiele stêf fan Operation Breadbasket en 30 fan 'e 35 leden fan it bestjoer fan 'e SCLC stapten doe út protest op en rjochten har eigen organisaasje op, People United to Save Humanity, oftewol Operation PUSH.

Fan it begjin ôf oan besocht Jackson Operation PUSH in mear politike lading te jaan as de âlde SCLC. Ynstee fan sels alles dwaan te wollen, besocht er om blanke politisy sasear ûnder druk te setten dat dy ree waarden om har foar de Afro-Amerikanen en oare earmen yn te setten. Yn 1984 rjochte Jackson de Rainbow Coalition op, in koepelorganisaasje dêr't Operation PUSH en ferskate lyksinnige organisaasjes yn gearwurken. Datselde jiers joech er syn posysje fan foarsitter fan Operation PUSH op om yn 'e polityk te gean.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 3 novimber 1983 stelde Jackson him as lid fan 'e Demokratyske Partij yn alle fyftich Amerikaanske steaten ferkiesber foar it amt fan presidint fan 'e Feriene Steaten, wêrmei't er de twadde Afro-Amerikaan út 'e Amerikaanske skiednis wie dy't dat die, nei Shirley Chisholm. Hy hie gjin reälistyske mooglikheid om 'e Demokratyske foarferkiezings te winnen, mar inkeld al troch it synjaal ôf te jaan dat in swarte man de ambysje hawwe koe en wurdt presidint, wie syn kampanje in súkses. Jackson krige 18,1% fan 'e Demokratyske kiezers efter him, en moast dêrmei Walter Mondale en Gary Hart foargean litte. Fjouwer jier letter, yn 1988, wie Jackson op 'e nij fan 'e partij. Dy twadde kears died er it noch better, en in skoft lang liek it as soed er de Demokratyske nominaasje winne. Mar úteinlik bleau er op 29,1% fan 'e stimmen stykjen, en moast er it ôflizze tsjin Michael Dukakis, dy't 42,5% helle.

It nasjonale haadkertier fan 'e Rainbow Coalition, yn Chicago.

Yn beide ferkiezings hie Jackson in programma dat foar Amerikaanske begripen tige "liberaal" (yn Amearika bedoelt men dêrmei: links) wie. Sa woed er de útjeften oan Definsje mei 15% tebekbringe; in universeel syktekostefersekeringsstelsel ynfiere; de belestingkoarting fan 'e superriken weromdraaie om mei it ekstra belestingjild projekten foar de earmen te bekostjen; in amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet tafoegje wêryn't fêstlein waard dat froulju rjocht hiene op in gelikense behanneling as manlju; en de saneamde Oarloch tsjin Drugs omdraaie sadat net de drugsferslaafden oanpakt waarden, mar de bankiers dy't oan it wytwaskjen fan drugsjild fertsjinnen. Op bûtenlânsk mêd woed er ûnderhannelings begjinne mei de Sovjet-Uny, om in ein te meitsjen oan 'e Kâlde Oarloch; in algemiene boykot tsjin Súd-Afrika ynstelle oant dat lân de apartheid ôfskafte; en de foarming fan in Palestynske steat stypje.

Fral dat lêste punt brocht Jackson yn oanfarring mei de machtige Israelyske lobby yn 'e Feriene Steaten. Dat makke er noch minder troch ferskate denigrearjende útlittings te dwaan oer joaden. Sa neamde er New York ris Hymietown (hymie is in Amerikaansk-Ingelsk skelwurd foar "joad"), doe't er miende mei in sjoernalist frijút prate te kinnen om't it petear off the record wie (wat it mei sjoernalisten nea is). Ek seid er ris dat er "kotsmislik wie om altyd en ivich oer de Holokaust te hearren," en dat der "frijwol gjin Joadske sjoernalisten binne dy't by steat binne om objektyf nei Arabyske saken te sjen."

Yn 1991 stelde Jackson him ferkiesber foar it doe krekt kreëarre amt fan "skaadsenator" foar it Distrikt Kolumbia. Mei't it federale distrikt yn it Amerikaanske Kongres net fertsjintwurdige is, wie dy (ûnbetelle) post benammen bedoeld om te lobbyen foar mear foech of sels de status fan Amerikaanske steat foar it distrikt. Jackson ferfolle dy funksje oant 1997, doe't er him net wer ferkiesber stelde. Yn dyselde snuorje hie Jackson fan 1992 oant 2000 in eigen praatprogramma, Both Sides with Jesse Jackson, op 'e nijsstjoerder CNN.

Ynternasjonale belutsenens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meitiid bejoech Jackson him ek wat langer wat mear op it ynternasjonale toaniel. Sa reizge er yn 1983 nei de Syryske haadstêd Damaskus, dêr't er nei in dramatyske oprop oan diktator Hafez Al-Assad de Amerikaanske piloat Robert Goodman frijkrige, dy't yn Syrje finzen holden waard nei't er boppe Libanon delsketten wie by in Amerikaansk bombardemint fan Syryske militêre posysjes yn dat lân. It jiers dêrop ûnderhannele Jackson mei súkses mei Fidel Castro om 22 Amerikanen frij te krijen dy't op Kuba fêstholden waarden.

Yn 1991 gied er nei Bagdad om der by Saddam Hussein op oan te stean en lit de bûtenlânske gizelders frij dy't dêr fêstsieten en as minsklik skyld brûkt waarden oan 'e foarjûn fan 'e Earste Golfoarloch. En yn maaie 1999 sette Jackson nei de Joegoslavyske haadstêd Belgrado ta om dêr by presidint Slobodan Milošević te pleitsjen foar it frijlitten fan trije Amerikaanske soldaten dy't troch de Joegoslaven kriichfinzen makke wiene ûnder de Kosovo-oarloch. Hoewol't er net út namme fan 'e regearing-Clinton spriek en folslein op eigen manneboet hannele, rêde er it ek diskear op en bring de soldaten thús.

Jackson by in anty-oarlochsdemon-straasje yn 2007.

Lettere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de iuwwiksel wie Jackson û.m. belutsen by de protesten tsjin 'e ynfaazje fan Irak, yn 2003, en brocht er yn 2005 in besyk oan 'e Fenezolaanske presidint Hugo Chávez, doe't yn 'e Feriene Steaten troch tillefyzjedûmny Pat Robertson oproppen waard om dyselde út 'e wei te romjen. By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2004 hold Jackson him op 'e flakte, mar nei ôfrin fan 'e ferkiezings levere er skerpe krityk op 'e ûnregelmjittichheden dy't har fral yn 'e steat Ohio foardien hiene, dêr't guon Afro-Amerikaanske kiezers bgl. mear as seis oeren yn 'e rein stien hiene te wachtsjen oant se har stim útbringe koene.

Yn maart 2006 stie Jackson in jonge Afro-Amerikaanske frou by dy't úthold dat se troch trije blanke leden fan it manljuslacrossetiim fan 'e Duke Universiteit fan Noard-Karolina ferkrêfte wie, mar de rjochtsaak tsjin 'e sporters waard neitiid fanwegen gebrek oan bewiis ûnûntfanklik ferklearre. Letter dat jier wie it Jackson, as fertsjintwurdiger fan 'e swarte minderheid yn 'e Feriene Steaten, oan wa't de blanke akteur Michael Richards syn ekskuzes oanbea nei't er it wurd nigger brûkt hie en dêrmei de hiele Afro-Amerikaanske mienskip tsjin him yn it harnas jage hie. Yn juny 2007 waard Jackson arrestearre by in protestaksje dy't er organisearre hie by in wapenhannel yn Riverdale, in earme foarstêd fan Chicago, om't de útbater fan 'e winkel mienens en wittens fjoerwapens oan bindeleden ferkocht hawwe soe, en dêrtroch neffens Jackson yndirekt ferantwurdlik wie foar in weach fan dea en ferdjer yn 'e pleatslike mienskip.

Jackson yn 2009.

By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008 spriek Jackson syn stipe út foar Barack Obama, mar de beide mannen hawwe in drege relaasje, mei't Jackson neitiid ferskate kearen skerpe krityk op 'e presidint útoefene hat om't dy "docht as wied er blank." Jackson syn ûnfrede oer Obama gie safier dat er yn 'e simmer fan 2008 oan in meistanner tafertroude: "Ik wol him de kloaten ôfsnije." Doe't dat flústere petear opfongen waard troch in iepensteande mikrofoan wiene de poppen oan it dûnsjen, en wie Jackson twongen om ûntskuldigings te meitsjen. Njonken gelikense rjochten foar Afro-Amerikanen en oare etnyske groepen hat Jackson him ek altyd ynset foar frouljusrjochten en homorjochten. Sûnt 2005 hat er ferskate kearen de striid fan homo's foar it rjocht om te trouwen ferlike mei de striid foar de ôfskaffing fan 'e slavernij en it rjocht om ynterrasiale houliken te sluten.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jackson trouden op 31 desimber 1962 mei Jacqueline Lavinia Brown (1944), en krige mei har fiif bern: Santita (1963), Jesse jr. (1965), Jonathan Luther (1966), Yusef DuBois (1970) en Jacqueline Lavinia (1975). Santita is in sjongster en polityk kommentatrise, Jesse jr. is in politikus en âld-lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en Jonathan is in bekend aktivist. Jackson is in frijmitselder by de grutlôzje fan Illinois, en waard yn 1987 ferheft ta "mastermitselder". Yn augustus 2000 waard oan him troch Bill Clinton de Presidinsjele Frijheidsmedalje útrikt, de heechste Amerikaanske ûnderskieding foar boargers. Yn 2001 kaam oan it ljocht dat Jackson in affêre hân hie mei Karin Stanford, in meiwurkster fan Rainbow Coalition, en dat út dy relaasje yn 1999 in dochter berne wie, Ashley Laverne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.