Homohoulik
It homohoulik is in houlik tusken twa persoanen fan itselde geslacht. Oarspronklik wie it boargerlik houlik formeel allinnich mooglik tusken twa persoanen fan ferskillend geslacht. Dat rjocht wie inte op de Napoleonistyske Code civil des Français, it Frânske boargerlik wetboek dat ek in juridyske regeling befette foar relaasjes tusken twa persoanen en faak troch religy opleine tradysjes bestindige. Sûnt 2001 stelle stadichoan oan hieltyd mear lannen it houlik iepen foar twa persoanen fan itselde geslacht.
Juridysk sjoen bestiet it homohoulik net. As persoanen fan gelikens geslacht ûnder it boargerlik rjocht trouwe kinne, is dat troch it iepenstellen fan it houlik foar pearen fan itselde geslacht. Ek is it heterohoulik gjin apart juridysk konsept. Elk houlik is lykweardich, nettsjinsteande it geslacht fan'e partners en nettsjinsteande harren seksuele foarkar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|