Springe nei ynhâld

Jerry Rawlings

Ut Wikipedy
Jerry Rawlings
politikus
echte namme Jerry John Rawlings
nasjonaliteit Ganeesk
bertedatum 22 juny 1947
berteplak Accra (Goudkust)
stjerdatum 12 novimber 2020
stjerplak Accra (Gana)
etnisiteit Ewee
Skotsk
partij NDC
presidint fan Gana
(1e presidint fan 'e 4e Republyk)
amtsperioade 19932001
foargonger himsels (as steatshaad)
opfolger John Kufuor
steatshaad fan Gana
(foarsitter fan 'e Provisjonele Nasjonale Ferdigeningsried PNDC)
amtsperioade 19811993
foargonger Hilla Limann
opfolger himsels (as presidint)
steatshaad fan Gana
(foarsitter fan 'e Revolúsjonêre Ried fan 'e Striidkrêften AFRC)
amtsperioade 4 juny24 septimber 1979
foargonger Fred Akuffo
opfolger Hilla Limann

Jerry Rawlings (folút: Jerry John Rawlings, mar berne as Jerry Rawlings John; Accra, 22 juny 1947 – dêre, 12 novimber 2020) wie in Ganeesk militêr en politikus, dy't yn 1979 lieding joech oan 'e Ganeeske steatsgreep wêrby't diktator Fred Akuffo ôfset waard. Hy droech dêrnei de macht oer oan in boargerlik regear, mar doe't de saken him net nei it sin giene, naam er de macht yn 1981 werom en joech dêrnei lieding oan in militêre gûnta dy't oant en mei 1992 it lân regearre. By frije en demokratyske ferkiezings waard Rawlings doe ta presidint keazen, sadat er noch fan 1993 oant 2001 oan 'e macht bleau. Nei syn ôftreden ûntjoech Rawling him yn Afrika ta in respektearre steatsman, dy't ferskate kearen frege waard en ûndernim in diplomatike misje.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rawlings waard yn 1947 berne as Jerry Rawlings John yn Accra, de haadstêd fan 'e Britske koloanje Goudkust, yn West-Afrika. Hy wie de soan fan James Ramsey John, in etnysk Skotske skiekundige út Castle Douglas yn Kirkcudbrightshire, en dy syn frou Victoria Agbotui, in etnyske Ewee út Dzelukope yn 'e Goudkustske provinsje Keta. Doe't Rawlings tsien jier wie, waard de Goudkust yn 1957 ûnôfhinklik ûnder de namme Gana. Hy folge fuortset ûnderwiis oan it Achimota Kolleezje yn Accra, dêr't er yn 1967 slagge foar syn eineksamens.

Neitiid learde Rawlings fierder oan 'e Ganeeske militêre akademy te Teshie en melde er him oan foar de Ganeeske Loftmacht. By dy oanmelding waard by fersin syn namme feroare troch dat syn middelnamme, Rawlings, dy't yn it Ingelsk eins mear in efternamme liket, en syn efternamme, John, dy't folle mear foarkomt as foarnamme, omwiksele waarden. Sûnt stied er bekend as Jerry John Rawlings. Yn maart 1968 waard er stasjonearre yn Takoradi, yn 'e Westlike Regio fan Gana, dêr't er syn oplieding fuortsette. Yn jannewaris 1969 studearre er mei goed gefolch ôf oan 'e militêre akademy en kaam er by de loftmacht as piloat-ofsier en fleander fan 'e Sûchoj Sû-7-strieljager.

Militêre karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn tiid as loftmachtofsier naam Rawlings waar hoe't de militêre dissipline en it moreel fan 'e troepen ferslappe troch de oanboazjende korrupsje fan 'e Opperste Militêre Ried, de militêre gûnta dy't Gana yn 'e 1970-er jierren regearre. Befoardering yn rang ta kaptein brocht him mear yn kontakt mei de hegerein, sadat er beide kanten fan maatskiplik ûnrjocht seach. Dy ûnderfining ferhurde syn politike mienings. Rawlings rekke behelle yn 'e Frij Afrika Beweging, in losse ûndergrûnske beweging fan legerofsieren yn ferskate Afrikaanske lannen dy't troch in rige steatsgrepen ien grut feriene Afrikaansk lân oprjochtsje woene. Wat it militêre regear fan Gana oanbelange, naam Rawlings net inkeld oanstjit oan 'e wielderich tierende korrupsje, mar ek oan it feit dat de gûnta de ôfhinklikheid fan it lân fan 'e Jeropeeske grutmachten yn stân hold, mei ekonomyske malêze en ferearmoeding ta gefolch.

Op 15 maaie 1979, fiif wiken foar't der demokratyske ferkiezings yn Gana útskreaun wiene, fierden Rawlings en seis oare ofsieren in kûp út tsjin it regear fan generaal Fred Akuffo. Harren opset mislearre lykwols, en se waarden arrestearre. Rawlings waard foar de kriichsried brocht en yn it iepenbier ta de deastraf feroardiele, mar mei syn útspraken oer maatskiplik ûnrjocht wûn er de sympaty fan 'e befolking. Ear't er eksekutearre wurde koe, waard er op 4 juny troch in groepke ofsieren befrijd, wêrnei't daliks in twadde steatsgreep prebearre waard, dy't diskear wol slagge. Akuffo waard ôfset en Rawlings waard steatshaad fan Gana as foarsitter fan 'e Revolúsjonêre Ried fan 'e Striidkrêften (AFRC). Hy regearre 112 dagen en beävensearre yn dy tiid de terjochtstelling troch it fjoerpeloton fan acht leden fan 'e gûnta, ûnder wa trije eardere presidinten: Akuffo, Ignatius Kutu Acheampong en Akwasi Afrifa.

Koart nei de steatsgreep waarden der demokratyske ferkiezings organisearre, wêrby't Hilla Limann ta presidint keazen waard. Op 24 septimber droech Rawlings de macht oan him oer. Neitiid hie Rawlings in protte kontakten mei de studinten oan 'e Universiteit fan Gana, as gefolch wêrfan't er linksere politike opfettings ûntwikkele. Goed twa jier letter, op 31 desimber 1981, fierde er op 'e nij in steatsgreep út, wêrby't er it demokratysk regear fan Limann oan 'e kant skode en de macht weromnaam. Neffens him wie Limann in swak bestjoerder dy't de Ganeeske ekonomy fertutearzje liet. De nije steatsgreep gie mank mei de dea fan trije rjochters fan it Heechgerjochtshôf fan Gana (Cecilia Koranteng-Addow, Frederick Sarkodie en Kwadjo Agyei Agyepong) en fan 'e ofsieren majoar Sam Acquah en majoar Dasana Nantogmah. Oars as de eksekúsjes yn 1979, dy't alteast in skyn fan earlike berjochting hiene, waarden de fiif neamde lju temûk fermoarde nei't se ûntfierd wiene, en is nea fêststeld waard efter de moarden siet. Joachim Amartey Kwei en fjouwer oaren waarden yn 1982 feroardiele en terjochtsteld foar de moarden op 'e trije rjochters en Acquah.

Nei de steatsgreep waard Rawlings op 'e nij steatshaad fan Gana, diskear yn 'e hoedanichheid fan foarsitter fan 'e Provisjonele Nasjonale Ferdigeningsried PNDC). Hy fierde in links belied troch dat Gana yn 'e ynfloedssfear fan 'e Sovjet-Uny brocht. Dêrta knope er bannen oan mei revolúsjonêren yn oare lannen, lykas Daniel Ortega yn Nikaragûa, Sam Nujoma yn Namybje en Desi Bouterse yn Suriname. Yn desimber 1982 kundige de PNDC in ekonomysk fjouwerjierreplan oan. In wichtich ûnderdiel dêrfan wie de fêstiging fan in steatsmonopoalje op ymport en eksport, mei as doel om 'e korrupsje oangeande de ferstrekking fan fergunnings op dat mêd te eliminearjen. Fierders waard de frije-merkekonomy ûnderdrukt troch de ynfiering fan ûnreälistyske priisoanpassings, bgl. troch prizen fan itenswaren keunstmjittich leech te hâlden. Dat systeem wurke yn it foardiel fan stedsjers, mar betsjutte tagelyk dat boeren, dy't 70% fan 'e befolking útmakken, minder betelle krigen foar harren produkten. Soks late yn 1983 ta in ekonomyske krisis, dy't Rawlings twong in grut diel fan syn fernijings werom te draaien. Neitiid waard oer in perioade fan hast tsien jier in weromkear nei de demokrasy taret.

Demokratysk keazen presidint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1992 naam Rawlings ûntslach út 'e kriichsmacht, rjochte as politike partij it Nasjonaal Demokratysk Kongres (NDC) op, en stelde himsels ferkiesber foar it amt fan presidint. By de ferkiezings, dy't op 3 novimber fan dat jier holden waarden, wûn Rawlings 61% fan 'e stimmen en syn wichtichste rivaal, perfester Adu Boahen, mar 31%. It wiene frije ferkiezings, mar gjin earlike, want wylst Rawlings gebrûk meitsje koe fan it hiele steatsapparaat om himsels oan te priizgjen, wiene de opposysjepartijen sterk beheind yn harren mooglikheden om harren boadskip út te dragen. Nettsjinsteande dat stelden de Commonwealth Observer Group fan sir Ellis Clarke en it Carter Center fan Jimmy Carter fêst dat der har gjin ûngerjochtichheden foardien hiene (d.w.s. stimbusfraude) dy't it neamen wurdich wiene. De opposysjepartijen wiene it dêr net mei iens en boycotten de koarte tiid letter holden parlemintsferkiezings, mei as gefolch dat it NDC 189 fan 'e 200 sitten wûn en Gana effektyf in ienpartijsteat waard.

Op 7 jannewaris 1993 waard Jerry Rawlings ynsward as de earste presidint fan 'e Fjirde Republyk fan Gana. Yn syn earste termyn joech er stadichoan syn behearsking fan 'e rjochterlike macht en de maatskippij yn it algemien op. It Ganeesk Heechgerjochtshôf waard wier ûnôfhinklik en de oprjochting fan selsstannige kranten en tydskriften waard tastien. Opposysjepartijen koene bûten it parlemint om frij operearje en parsekonferinsjes en demonstraasjes organisearje.

Foar de ferkiezings fan 1996 waard it Network of Domestic Election Observers (NEDEO) oprjochte om tafersjoch op it frije en earlike ferrin te hâlden. Dat wie in organisaasje dy't ek by de opposysjepartijen yn heech oansjen stie. De beide wichtichste kandidaten foar it presidintskip wiene Rawlings, op 'e nij foar it NDC, dy't in twadde termyn hawwe woe, en John Kufuor foar de Grutte Alliânsje, in koepelorganisaasje fan 'e Nije Patriottyske Partij (NPP) en de Folkskonvinsjepartij (PCP). Rawlings behelle 57% fan 'e stimmen en Kufuor 40%. By de parlemintsferkiezings, dy't tagelyk holden waarden, wûn it NDC 134 sitten en de Grutte Alliânsje 60.

Nei't syn twadde termyn (en dêrmei syn grûnwetlik maksimaal tastiene tal terminen) derop siet, loek Rawlings him yn 2001 út 'e Ganeeske polityk werom. Syn fise-presidint John Atta Mills naam it by de ferkiezings fan 2000 op tsjin John Kufuor, mar ferlear en joech syn ferlies ta. Kufuor waard presidint en fersloech Mills yn 2004 op 'e nij.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er presidint-ôf wurde wie, hold Rawlings him dwaande mei it jaan fan lêzings oan universiteiten, lykas de Universiteit fan Oxford. Ek rûn er geregeldwei konferinsjes en konvinsjes ôf. Hy ûntjoech him yn Afrikaanske fermiddens ta in respektearre steatsman, waans goerie gauris socht waard. Yn oktober 2010 waard er troch de Afrikaanske Uny oansteld as bemiddeler yn 'e oangeande Somalyske Boargeroarloch. Yn 2019 fertsjintwurdige er syn lân op 'e begraffenis fan 'e Simbabwaanske âld-presidint Robert Mugabe.

Rawlings troude yn 1977 mei Nana Konadu Agyeman, mei wa't er yn syn tiid op 'e middelbere skoalle yn 'e kunde kommen wie. Hja krigen trije dochters, Zanetor Rawlings, Yaa Asantewaa Rawlings en Amina Rawlings, en ien soan, Kimathi Rawlings.

Jerry Rawlings kaam op 12 novimber 2020 yn it Korle-Bu Akademysk Sikehûs yn Accra te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 73 jier. Hy wie in wike earder yn it sikehûs opnommen nei't er oanhelle rekke wie mei in sykte wêrfan't de krekte namme net bekend makke is. Der waard spekulearre dat er slachtoffer wurden wie fan 'e oangeande pandemy fan it koroanafirus. De Ganeeske presidint Nana Akufo-Addo rôp sân dagen fan nasjonale rou út.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.