James Calhoun (militêr)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
James Calhoun
Big battle symbol.svg militêr
James Calhoun soldier.jpg
persoanlike bysûnderheden
namme folút James Calhoun
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 24 augustus 1845
berteplak Cincinnati (Ohio)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18641876
yn tsjinst fan Flag of the United States.svg Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Flag of the United States Army (unofficial proportions).svg Amerikaanske Leger
heechste rang earste luitenant (sûnt 1872)
befel L Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Honsinger Bluff
Slach oan de Little Bighorn

James Calhoun (Cincinnati (Ohio), 24 augustus 1845 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Dêrby tsjinne er yn it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint ûnder it kommando fan syn sweager luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Yn 1876 kaam er om yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn tsjin in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Calhoun waard yn 1845 berne yn Cincinnati, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as in telch út in foaroansteande en rike keapmansfamylje. Hy hie in jongere broer dy't fan Frederick hiet, en in suster, Charlotte, dy't Lottie neamd waard. Doe't de Amerikaanske Boargeroarloch yn 1861 útbriek, wie Calhoun op rûnreis troch Jeropa. Trije jier letter, yn 1864, naam er mei njoggentjin jier tsjin yn it Noardlike Leger. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn it foarjier fan 1865, hied er de rang fan sersjant berikt.

Lid fan 'e Custer-klyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 1867 waard Calhoun oansteld as earste luitenant by de ynfantery. Yn dy hoedanichheid waard er legere yn Fort Riley, yn Kansas, dêr't ek it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint stasjonearre wie. De fjildkommandant fan dat regimint wie luitenant-kolonel George Armstrong Custer, en ek dy syn jongere broer Tom Custer tsjinne yn deselde ienheid. Calhoun kaam yn 1870 yn Fort Riley yn 'e kunde mei Margaret Custer doe't dy har beide bruorren besocht. Hja rekken fereale opinoar en trouden yn 1872. Noch foar it houlik waard Calhoun oerpleatst nei it 7e Kavaleryregimint troch de bemuoienis fan syn sweager George Armstrong Custer. Calhoun krige dêr de funksje fan ûnderbefelhawwer fan C Kompanjy taparte.

Hoewol't er fanwegen syn oantreklikens bekendstie as 'de Adonis fan 'e 7e Kavalery', liket Calhoun gjin rokkejeier west te hawwen. Troch syn houlik kaam er ta de Custer-klyk te hearren, dy't bestie út in stikmannich ofsieren dy't famylje of goed befreone wiene mei George Armstrong Custer. Ek Myles Moylan, dy't mei Calhoun syn suster troud wie, waard dêrta rekkene. Der binne in protte brieven bewarre bleaun fan Calhoun oan syn frou Maggie, sa't er har neamde. Dêrút blykt syn ûnbegryp en folsleine minachting foar de kultuer fan 'e lânseigen Yndaanske befolking fan 'e Grutte Flakten. Calhoun seach mei langstme út nei de tiid dat in post-yndustriële befolkingseksploazje it fuortbestean fan in nomadyske jager-sammelderkultuer ûnmooglik meitsje soe. Hy beskôge it útrûgjen fan 'e lânseigen befolking en de totale eksploitaazje fan 'e natoer as foarútgong en in saak dy't neistribbe wurde moast.

Under de Yndiaanske oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Calhoun naam yn 1873 diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje en focht yn 'e Slach by Honsinger Bluff foar it earst tsjin 'e Lakota. Teffens wied er yn 1874 oanwêzich by de kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, wêrby't goud yn 'e Black Hills fûn waard, in gebiet dat foar de Lakota hillich wie. As gefolch fan it feit dat Custer dy fynst daliks buorkundich makke, kaam doe de Goudkoarts fan 'e Black Hills op gong, dy't late ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Under dat konflikt, mei de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, tsjinne Calhoun as tydlik befelhawwer fan L Kompanjy fan it 7e Kavaleryregimint, mei as ûnderbefelhawwer twadde luitenant John Jordan Crittenden III. De eigentlike kompanjyskommandant wie nammentlik yn detasjearre tsjinst as adjudant fan generaal Philip Sheridan.

Slach oan de Little Bighorn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de simmerkampanje fan 1876 ûntdieken de ferkenners fan it 7e Kavaleryregimint op 25 juny in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana. Custer woe net harkje nei de rie fan syn ferkenners om net oan te fallen. Ynstee ferdielde er syn regimint foar it kommende treffen, dat bekend komme soe te stean as de Slach oan de Little Bighorn, yn fjouwer dielen: trije kompanjyen ûnder majoar Marcus Reno soene it doarp út it suden wei oanfalle; trije kompanjyen ûnder kaptein Frederick Benteen soene nei it súdwesten ride om 'e ûntsnapping troch de Yndianen ôf te snijen; ien kompanjy soe yn reserve holden wurde en de bagaazjetrein fan it regimint beskermje; en de oare fiif kompanjyen soene ûnder lieding fan Custer sels omride om it doarp út it noarden wei oan te fallen.

Custer syn fiif kompanjyen wiene C, E, F, I en L, en Calhoun hearde sadwaande ta dat detasjemint. Om't der gjin oerlibbenen fan dy groep wiene en de tsjûgenissen fan 'e Lakota en Sjajinnen inoar tsjinsprieken, is net folslein dúdlik wat der dêrnei bard is. Wierskynlik besocht Custer by Minneconjou Ford de rivier de Little Bighorn oer te stekken om in wraam op it doarp te dwaan. De folle machtiger Yndianen wiene tsjin dy tiid lykwols klear foar him en dreaune him en syn mannen mei ferliezen werom de rivier oer. Yngraven oan 'e eastkant fan 'e rivier slagge net omdat de Amerikanen fan boppe-ôf, op 'e kliffen oan dy kant fan 'e rivier, ûnder fjoer nommen waarden. Wat begûn as in organisearre weromtocht, feroare troch de oanhâldende oanfallen fan 'e Yndianen al rillegau yn in gaoatyske flecht, wêrby't Custer likernôch twa en in heale kompanjy ferlear, oftewol de helte fan syn sterkte.

Argeologysk bewiismateriaal liket derop te tsjutten dat Calhoun syn L Kompanjy it earste legerûnderdiel wie dêr't dissipline it ôflei tsjin ynstinkt, en wêrfan't de soldaten begûnen út te naaien wylst se har bombidige gewearen fuortsmieten om flugger fuortkomme te kinnen. Dêrby waarden se efterfolge en op 'e flecht deade troch de Yndiaanske krigers. Hoewol't de oerlibbenen fan 'e oare kompanjyen letter op in heuveltop besingele en útrûge waarden yn in gefjocht dat Custer's Last Stand neamd wurdt, stoar Calhoun yn in eigen last stand, op in ferhef dat neitiid Calhoun Hill neamd waard. Mei in restant fan syn mannen, wêrûnder luitenant Crittenden, besocht er dêr in organisearre ferdigening op te setten, mar se waarden ûnder de foet rûn ear't se dêrta komme koene. Nei de slach waarden de liken fan Calhoun en Crittenden mar in pear meter faninoar ôf oantroffen.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Calhoun syn stoflik omskot waard neitiid provysoarysk op it slachfjild begroeven, mar in jier letter oerbrocht nei it Nasjonaal Begraafplak Fort Leavenworth, yn Fort Leavenworth, yn Kansas, dêr't it yn it neijier fan 1877 werbegroeven waard. Behalven Calhoun sels kamen ek syn sweagers George Armstrong, Tom en Boston Custer en syn omkesizzer Autie Reed yn 'e Slach oan de Little Bighorn om. Syn sweager Myles Moylan, dy't ta it detasjemint fan majoar Reno hearde, oerlibbe de slach wol.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources and links, op dizze side.