Springe nei ynhâld

Myles Moylan

Ut Wikipedy
Myles Moylan
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Myles Moylan
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 desimber 1838
berteplak Amesbury (Massachusetts)
stoarn 11 desimber 1909
stjerplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
tsjinsttiid 18571893
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang majoar (1865; sûnt 1892)
befel A Komp./Am. 7e Kav. reg.
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Yellowstone Ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
Krieë-Oarloch
Geastedûnsoarloch
treffen(s) Slach by Shiloh
Slach by Gettysburg
Bloedbad fan de Washita
Slach by Honsinger Bluff
Slach oan de Little Bighorn
Slach by Canyon Creek
Slach by Bear Paw
Bloedbad fan Wounded Knee
ûnderskiedings Medal of Honor 1877

Myles Moylan (Amesbury (Massachusetts), 17 desimber 1838San Diego (Kalifornje), 11 desimber 1909) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Iersk komôf, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Nez Persé-Oarloch tsjinne. Hy waard benammen bekend om't er yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn focht. Teffens wied er belutsen by it Bloedbad fan de Washita, yn 1868, en it Bloedbad fan Wounded Knee, yn 1890. Yn 1877 krige er de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, foar moed op it slachfjild yn 'e oarloggen tsjin 'e Yndianen.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moylan waard yn 1838 berne yn Amesbury, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, as de soan fan Thomas Moylan en Margaret Riley. Oant er yn juny 1857 tsjinst naam yn it Amerikaanske Leger wurke er as skuonmakker. As soldaat tsjinne er yn it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, wêrby't yn oktober 1858 befoardere waard ta korporaal, yn oktober 1860 ta sersjant en yn 1861 ta sersjant 1e klasse.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Moylan foar it Noarden. Syn earste fjildslach wie de Slach by Wilson's Creek, yn Missoury, op 10 augustus 1861. Neitiid naam er yn 1862 diel oan 'e slaggen by Fort Henry, Fort Donelson en Shiloh, yn Tennessee, en oan it Belis fan Corinth, yn Mississippy. Yn maart 1863 waard er befoardere ta twadde luitenant yn it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint. As sadanich focht er yn july fan dat jier mei yn 'e ferneamde Slach by Gettysburg, yn Pennsylvania, dy't fan krúsjaal belang wie foar de ôfrin fan 'e oarloch.

Op 25 oktober 1863 waard Moylan lykwols út tsjinst ûntslein om't er yn Washington, D.C. sûnder ferlof syn rezjimint ferlitten hie. Dêrop naam er op 2 desimber fan dat jier ûnder de optochte namme fan Charles Thomas tsjinst by it 4e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Massachusetts, dêr't er oansteld waard as sersjant en al rillegau opklom ta earste luitenant. Op 1 desimber 1864 waard er befoardere ta kaptein en op 9 april 1865, krekt foar de ein fan 'e oarloch, ta majoar. Yn novimber fan dat jier waard syn rezjimint opheft en swaaide er sadwaande ôf.

Tsjinst ûnder de Yndiaanske oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid naam Moylan yn jannewaris 1866 op 'e nij (ûnder syn eigen namme) tsjinst as sljochtwei soldaat yn it Amerikaanske beropsleger. Op 1 septimber 1866 waard er ta sersjant-majoar oansteld yn it nijfoarme Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder it befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer yn Fort Riley, yn Kansas, legere waard. Moylan waard yn desimber alwer ta earste luitenant befoardere, en naam yn novimber 1868 diel oan it Bloedbad fan de Washita, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen oanfoel en foar in diel útmoarde.

Yn maart 1872 waard Moylan befoardere ta kaptein mei it befel oer A Kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint, wêrby't er luitenant Charles DeRudio as ûnderbefelhawwer hie. Datselde jiers troude er te Madison, yn Indiana, mei Charlotte 'Lottie' Calhoun, de suster fan luitenant James Calhoun, dy't ek by de 7e Kavalery tsjinne. Dat houlik soe lykwols sûnder bern bliuwe. Yn 1873 waard it 7e Kavaleryrezjimint oerpleatst nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Moylan naam dat jiers diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje en focht yn 'e Slach by Honsinger Bluff foar it earst tsjin 'e Lakota. Teffens wied er yn 1874 oanwêzich by de kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, wêrby't goud yn 'e Black Hills fûn waard, in gebiet dat foar de Lakota hillich wie, mei de Goudkoarts fan 'e Black Hills ta gefolch.

Under de Grutte Sû-Oarloch, naam Moylan yn juny 1876 diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint ferslein en foar grut part útrûge waard troch in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. By dat treffen makke Moylan diel út fan it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat twa dagen lang belegere waard, mar de slach grutdiels oerlibbe. De fiif kompanjyen fan it rezjimint dy't de Yndianen út it noarden wei oanfoelen, waarden lykwols folslein ferdylge. Under de deaden wiene ek Custer sels en Moylan syn sweager James Calhoun.

Yn 1877 focht Moylan yn 'e Nez Persé-Oarloch yn de Slach by Canyon Creek en de Slach by Bear Paw, yn westlik Montana, tsjin 'e Nez Persé, wêrby't er slim ferwûne rekke. Tsien jier letter, yn 1887, naam er diel oan in koarte strafekspedysje tsjin guon opstannige Krieën, dy't bekend kaam te stean as de Krieë-Oarloch. Neitiid wie Moylan ek oanwêzich by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, op 29 desimber 1890, wêrby't it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern.

Lêste jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moylan waard yn 1892 noch ta majoar befoardere, foar't er in jier letter, op 15 april 1893, ôfswaaide út it leger en mei pinsjoen gie. Foar syn hâlden en dragen yn 'e Slach by Bear Paw waard him op 27 novimber 1894 de Medal of Honor fan it Amerikaanske Kongres takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Moylan stoar op 11 desimber 1909, in wike foar syn 71ste jierdei, thús yn San Diego, yn súdlik Kalifornje, oan maachkanker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.