Springe nei ynhâld

Autie Reed

Ut Wikipedy
Autie Reed
persoanlike bysûnderheden
echte namme Henry Armstrong Reed
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 april 1858
berteplak Monroe (Michigan)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
wurkpaad
berop/amt feedriuwer
jierren aktyf 1876
reden
  bekendheid
kaam om yn 'e ferneamde
   Slach oan de Little Bighorn

Autie Reed (folút: Henry Armstrong Reed; Monroe (Michigan), 27 april 1858 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk feedriuwer yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger. Hy wie in omkesizzer fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, en kaam mei dyselde en ferskate oare famyljeleden om yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Begraafplak fan de famylje Reed yn Monroe (Michigan). Boppe rjochts mei blommen Aitie Reeds stien

Reed waard yn 1858 berne yn Monroe, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Hoewol't er ferskate susters hie, wied er de iennichste soan fan David Reed en Lydia Custer. Oan memmekant stamme er ôf fan Dútske ymmigranten út it Rynlân, wylst er oan heitekant fan Ingelsk komôf wie. As jonkje joech syn mem him de bynamme 'Autie', in ferbastering fan syn middelnamme Armstrong, en de rest fan syn libben stied er sadwaande yn famyljefermiddens bekend as 'Autie Reed'.

Reed syn mem wie in âldere healsuster fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer en kaptein Tom Custer, dy't allebeide by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint tsjinnen. Ek James Calhoun, dy't mei Reed syn muoike Margaret troud wie, tsjinne by datselde rezjimint, en letter joech syn omke Boston Custer him derby as foerazjeur. Under ynfloed fan syn omkes folge Reed yn harren fuotleasten en sette er begjin maaie 1876, doe't er achttjin jier wie, mei syn suster Emma ôf nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's, dêr't de 7e Kavalery legere wie. Op 10 maaie krige er dêr op foarspraak fan syn omke George, de fjildkommandant fan it rezjimint, in oanstelling as feedriuwer (mei't Amerikaanske militêre ienheden doedestiden op fjildtochten yn 'e bagaazjetrein in eigen keppel fleiskij meinaam om fan te iten).

Sadwaande joech Reed him by it 7e Kavaleryrezjimint koart foar it begjin fan 'e simmerkampanje fan 1876, dy't diel útmakke fan 'e Grutte Sû-Oarloch. Dêrby wied er faak oan 'e side te finen fan syn omke Boston, dy't as foerazjeur ek diel útmakke fan 'e ûnderstypjende funksjes fan it rezjimint. Op 25 juny 1876 naam Reed diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint ferslein en foar grut part útrûge waard troch in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Dy deis befûn Reed him mei Boston Custer by de bagaazjetrein, hielendal efteroan yn 'e marsfolchoarder fan 'e 7e Kavalery, mar doe't se fan boadskippers te hearren krigen dat luitenant-kolonel Custer om 'e reservemunysje frege hie foar it kommende gefjocht, laten se Boston syn pakezels gau-gau nei foarren ta, en foegen se har by de fiif kompanjyen dy't Yndianen út it noarden wei oanfoelen. De oppasser fan 'e bagaazjetrein, John Burkman, besocht noch om Reed safier te krijen dat er by de bagaazjetrein bleau, mar Reed sei tsjin him dat er gewoan jaloersk wie om't er sels net mei nei foarren ride koe. Sa kaam Autie Reed yn 'e mande mei syn omkes George, Tom, Boston en James Calhoun om doe't de troepen op in heuveltop besingele rekken en troch de oermacht oan Yndiaanske krigers alhiel ferdylge waarden. De rest fan 'e bagaazjetrein waard mei de oare sân kompanjyen fan it rezjimint twa dagen lang belegere, mar kaam net folle oer. As Reed op syn post bleaun wie, hied er de slach dus foar 't neist gewoan oerlibbe.

Reed sneuvele op Custer Hill, sa't de heuveltop neitiid neamd waard dêr't de restanten fan Custer syn detasjemint fan fiif kompanjyen har lêste ferset beaen. Nei de fjildslach waard syn lichem skalpearre en skeind weromfûn. In moarmeren tinkstien waard letter oprjochte op it plak dêr't er oantroffen wie. Krekt as alle oare sneuvelen waard Reed earst provisoarysk op it slachfjild begroeven, mar in jier letter waard syn stoflik omskot weromstjoerd nei it easten, en werbegroeven op it Woodland Begraafplak fan syn berteplak Monroe. Reed en syn omke Boston wiene de iennichste net-ofsieren dy't net op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn kamen te rêsten. Apart genôch wurdt Reed syn letter weromfûne skalp noch altyd tentoansteld as ûnderdiel fan 'e kolleksje fan it Museum of World Treasure, yn Wichita, yn 'e steat Kansas.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.