Ierlân
| |||||
Offisjele taal | Iersk Ingelsk | ||||
Haadstêd | Dublin | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
70.273 km² 2,0% | ||||
Ynwenners (2008) | 4.156.119 | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC 0 | ||||
Nasjonale feestdei | 17 maart | ||||
Lânkoade | IRL | ||||
Ynternet | .ie | ||||
Tillefoan | 353 |
- Dizze side giet oer de Republyk Ierlân. Foar it eilân, sjoch: Ierlân (eilân).
Ierlân is in lân yn West-Jeropa dat it súdlike en noardwestlike part fan it eilân Ierlân omfiemet. De haadstêd is Dublin en de presidint fan de republyk is sûnt 2011 Michael Higgins.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ierske eilân hat likernôch 84,421 km², dêr't fan 70,280 km² by de republyk Ierlân heart. It binnenlân fan Ierlân is in ridlik flak plato mei dêromhinne nei de see ta in heuveleftich gebiet. De heechste berch is mei 1.041 m de Carrauntoohil, dy't yn it súdwesten fan it lân leit.
Ierlân wurdt begrinzge troch:
- Noard-Ierlân yn it noardeasten;
- de Ierske See en Grut-Brittanje yn it easten;
- de Keltyske See yn it suden;
- de Atlantyske Oseaan yn it westen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 6 desimber 1921 waard Ierlân ûnôfhinklik. Noard-Ierlân bleau lykwols part fan Grut-Brittanje. Yn de Twadde Wrâldkriich bleau Ierlân offisjeel neutraal, dochs gienen 70.000 man yn tsjinst fan it Britske leger om tsjin Nazi-Dútslân te fjochtsjen.
De IRA dy't meidie oan de Ierske ûnôfhinklikenskriich bleau fjochtsjen tsjin de Britten en hat as doel de Britten út Noard-Ierlân te reagjen. Yn 'e twadde helte fan de njoggentiger jierren is de striid tusken it Britsk regear en de IRA belune.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it tiidrek 1850 oant 1950 wie der in delgong yn ynwennertal fan sân nei trije miljoen, de haadreden dêrfoar wie de minne ekonomyske situaasje. Underwilens hat Ierlân 4.2 miljoen ywenners [1].
Gearwurking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ierland is in stiftsjend lid fan de Rie fan Jeropa (1949). It lân is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes en sûnt 1973 fan de Jeropeeske Uny.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BYP per persoan is $46.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5% lânbou, 46% yndustry en 49% tsjinsten.
Militêr
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Struktuer
De Ierske definsje hat in lânmacht (ynklusyf loftmacht en marine).
- Mankrêft
Yn 2008 wienen der 1.024.635 Ierske manlju fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 854.982 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 28.610.
- Budzjet
Militêr budzjet $700 miljoen (fiskale jier 2000/01).
Persintaazje fan it BYP 0,9 % (fiskale jier 2000/01).
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wichtichste havens binne Cork, Dublin en Shannon Foynes. Dublin hat it grutste fleanfjild fan Ierlân. De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.
Ierlân hat (2006):
96.602 km ferhurde dyk.
3.237 km spoardyk.
956 km farwetter.
Ferwizing nei boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ireland fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |