Michael Higgins

Ut Wikipedy
Michael D. Higgins

Michael Daniel Higgins, as Michael D. Higgins (Iersk: Micheál D. Ó hUiginn) (Limerick, 18 april 1941), is in Iersk politikus, dichter en skriuwer. Sûnt 11 novimber 2011 is er presidint fan Ierlân.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Higgins waard in part fan syn bernejierren opbrocht op de pleats fan in omke en muoike yn County Clare. Higgins wie de earste yn syn famylje dy't nei de universiteit gie. Dat wie de Nasjonale Universiteit fan Ierlân yn Galway, dêr't er letter ek in baan krije soe. Hy joech dêr ûnderrjocht yn politikology en sosjology. Al yn syn súdzje waard Higgings warber yn de polityk. Foar de Irish Labour Party waard er lid fan de gemeenteried fan Galway. Letter jierren soe er in tal kearen keazen wurde ta boargemaster.

Yn 1969 besocht Higgins foar it earst om in de Dáil keazen te wurden, mar dat slagge net. Ek yn 1973 helle er it net. Dat jier waard er wol beneamd foar ien fan de sitten fan de universiteit yn Galway yn de Ierske senaat. Higgins waard 1981 foar it earst yn de Dail keazen foar it kiesdistrikt Galway West en soe mei in koarte ûnderbrekking triitch jier, oant de ferkiezings yn 2011, dat distrikt fertsjintwurdigje.

1993 waard hy minister yn it koälysjekabinet fan Labour en Fianna Fáil ûnder Albert Reynolds en hold dy post doe't dat kabinet nei in jier ferfongen waard troch in koälysje tusken Labour, Fine Gael en Demokratysk Links ûnder John Bruton.

Presidint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Higgins hie yn de oanrin nei de ferkiezings yn 2004 witte litten dat er gadingmakker foar it presidintskip wêze woe. Syn partij besleat lykwols yn dat jier gjin tsjinkandidaat yn it fjild te bringen tsjin de sittend presidint Mary McAleese dy't witte litten hie dat se wol op 'en nij keazen wurde woe. Omdat in presidint maksimaal twa terminen tsjinje mei soe McAleese yn 2011 net wer kanidaat wêze kinne. Higgings liet 2010 witte dat er gjin gadingmakker mear wêze soe foar de Dail by de ferkiezingen yn febrewaris 2011. Wol sei er doe dat er graach kandidaat wêze woe foar de presidintsferkiezingen yn 2011. Juny 2011 keas syn partij him as kandidaat.

De ferkiezingen wiene op 27 oktober 2011. Twa dagen letter kaam de útslach. Higgings helle 39,6% fan de saneamde 'earste foarkarsstimmen' en waard by de tredde telling keazen.