Henry M. Harrington

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Henry M. Harrington
Big battle symbol.svg militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Henry Moore Harrington
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 30 april 1849
berteplak Albion (New York)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18721876
yn tsjinst fan Flag of the United States.svg Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Flag of the United States Army (unofficial proportions).svg Amerikaanske Leger
heechste rang twadde luitenant (sûnt 1872)
konflikt(en) Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Honsinger Bluff
Slach oan de Little Bighorn

Henry M. Harrington (folút: Henry Moore Harrington; Albion (New York), 30 april 1849 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, en kaam om yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harrington waard yn 1849 berne yn Albion, yn 'e Amerikaanske steat New York, as de soan fan Shelby A. Harrington (1818-1877) en dy syn frou Nancy Kidder Moore († 1915). Hy hie in jongere broer, Charles, mei wa't er fjirtjin jier skeelde. Doe't er noch in lyts jonkje wie, ferhuzen syn âldelju mei him nei Coldwater, yn Michigan. Harrington genoat syn oplieding oan it Cleveland Ynstitút yn University Heights, yn Ohio. Der waard him in plak oanbean foar de Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis, mar dat wiisde er ôf om't er by de lânmacht woe, dat hy liet him yn 1868 ynstee ynskriuwe oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point.

Militêre karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er yn 1872 as op 18 nei bêste kadet fan syn klasse slagge wie foar syn eksamens, waard Harrington op 14 juny fan dat jier mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, dat doe noch legere wie yn Fort Riley, yn Kansas, mar fan 1873 ôf yn Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Dêrby waard er oansteld as ûnderbefelhawwer fan C Kompanjy, ûnder kaptein Tom Custer, de jongere broer fan 'e fjildkommandant fan 'e 7e Kavalery, luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Harrington syn earste post wie yn detasjearre tsjinst fan it regimint, as ûnderdiel fan 'e Noardlike besettingsmacht yn it yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fersleine Suden, wêrby't er stasjonearre wie yn Noard-Karolina.

Op 15 novimber 1872 troude Harrington mei Grace Bernard (1848-1919), út Highland Falls yn New York, de pakesizzer fan in dosint te West Point. Ut dat houlik kamen twa bern fuort: Grace Aileen (1872-1958), dy't berne waard yn Fort Abraham Lincoln, en Harry Bernard (1874-1916), dy't berne waard yn Fort Rice. Yn 1873 naam Harrington diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje, wêrby't er yn 'e Slach by Honsinger Bluff foar it earst tsjin 'e Lakota focht. Neitiid wied er belutsen by in skermutseling by Pompey's Pillar, yn Montana. Yn 'e winter fan 1873 op 1874 wie Harrington stasjonearre yn Fort Rice, yn Noard-Dakota. Yn 'e simmer fan 1874 naam er diel oan 'e kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, dêr't goud fûn waard op lân dat hillich wie foar de Lakota, mei as gefolch de Goudkoarts fan de Black Hills.

Fan 10 oktober 1875 oant 9 maart 1876 wie Harrington mei ferlof by syn skoanfamylje yn Highland Falls. Under de Grutte Sû-Oarloch sette er op 17 maaie 1876 mei de rest fan it 7e Kavaleryregimint ôf út Fort Abraham Lincoln om diel te nimmen oan 'e simmerkampanje fan dat jier tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Fan 10 oant 18 juny hie Harrington it befel oer C Kompanjy doe't er majoar Marcus Reno beselskippe op in ferkenningsmisje by de Powderrivier en de rivier de Tongue lâns, wylst de kompanjykommandant, kaptein Tom Custer, by de rest fan it regimint bleau.

Nei't Reno en Harrington har wer by de haadmacht fan it regimint jûn hiene, ûntdieken Yndiaanske ferkenners yn tsjinst fan it Amerikaanske Leger op 25 juny in grut doarp fan 'e Lakota en Sjajinnen oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana. Yn 'e dêropfolgjende Slach oan de Little Bighorn wie C Kompanjy ien fan 'e fiif kompanjyen dy't ûnder befel fan luitenant-kolonel Custer it doarp út it noarden wei oanfoelen. Dy wraam waard troch de Yndiaanske krigers lykwols ôfslein, en nei in weromtocht dy't útrûn op in gaoatyske flecht rekken de oerlibbenen fan 'e fiif kompanjyen besingele op in heuveltop, dêr't se oan 'e lêste man ta útrûge waarden. Dêrby kaam ek Harrington om.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harrington wie ien fan 'e trije ofsieren fan 'e 7e Kavalery fan wa't it stoflik omskot nei ôfrin fan 'e slach net identifisearre wurde koe (de oaren wiene James G. Sturgis en James Porter). Him waard dêrom de status 'fermist op it slachfjild' taparte, wêrby't men derfan útgie dat er dea wie. Syn widdo Grace Bernard Harrington makke ferskate kearen de lange reis nei it slachfjild om nei it lichem fan har man te sykjen of nei ynformaasje dat er de slach mooglik oerlibbe hie, mar dat wie om 'e nocht. It wurdt oannommen dat Harrington yn it massagrêf rêst dêr't yn 1877 de sljochtwei soldaten fan it 7e Kavaleryregimint dy't oan 'e Little Bighorn sneuvele wiene, seremonieel yn werbegroeven waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.