James Porter (militêr)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
James Porter
Big battle symbol.svg militêr
James Ezekiel Porter of Little Bighorn.jpg
persoanlike bysûnderheden
namme folút James Ezekiel Porter
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 2 febrewaris 1847
berteplak Strong (Maine)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18691876
yn tsjinst fan Flag of the United States.svg Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Flag of the United States Army (unofficial proportions).svg Amerikaanske Leger
heechste rang earste luitenant (sûnt 1872)
konflikt(en) Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

James Porter (folút: James Ezekiel Porter; Strong (Maine), 2 febrewaris 1847 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf dy't by de kavalery tsjinne. Hoewol't er net yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch focht, makke er letter diel út fan 'e Noardlike besettingsmacht yn it fersleine Suden. Yn 1876 kaam er ûnder de Grutte Sû-Oarloch om yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Porter waard yn 1847 berne yn it plak Strong, yn 'e Amerikaanske steat Maine, as de soan fan Jeremy W. Porter, in houtfabrikant en senator yn it Steatskongres fan Maine. Hy genoat syn ûnderwiis fan 1962 oant 1863 oan it Steatsseminaarje fan Maine (no it Bates Kolleezje) en dêrnei fan 1863 oant 1864 oan 'e Universiteit fan Norwich. Dêrnei waard Porter ynskreaun oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1869 as de op fyftjin nei bêste learling yn in klasse fan 39 slagge foar syn eksamens.

Ofsier yn it leger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid naam Porter tsjinst yn it Amerikaanske Leger en waard er as twadde luitenant oansteld yn it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, dat ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer yn Fort Riley, yn Kansas, legere wie. Fan 1871 oant 1873 wie Porter yn detasjearre tsjinst yn it Amerikaanske Suden, dat yn 1865 yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch ferslein wie, en dêr't er op ferskate plakken diel útmakke fan 'e Noardlike besettingsmacht. Sa wied er yn dy tiid û.m. stasjonearre yn Chester, yn Súd-Karolina, yn Rutherfordton en Lincolnton, yn Noard-Karolina, en yn Shelbyville, Lebanon en Louisville, yn Kentucky. As ûnderdiel fan 'e taken fan 'e Noardlike besettingsmacht wie Porter dêr û.m. drok mei it bestriden fan 'e rasistyske Ku Klux Klan.

Yn 1872 waard Porter befoardere ta earste luitenant. Doe't er yn 1873 weromkearde by it 7e Kavaleryregimint, wie dat oerpleatst nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's, dêr't er oansteld waard as ûnderbefelhawwer fan I Kompanjy, ûnder kaptein Myles Keogh. Fan 1873 oant 1874 wie Porter op 'e nij yn detasjearre tsjinst, no as ûnderdiel fan 'e militêre eskorte fan 'e lânmjitters dy't yn noardlik Minnesota de presize grins mei Kanada fêstleinen. Doe't kaptein Keogh yn 1874 sân moanne ferlof krige om syn famylje yn Ierlân te besykjen, naam Porter tydlik it befel oer I Kompanjy oer. Koart foar't yn 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek, frege er in oerpleatsing oan nei in stêffunksje, om't er útseach nei in kalmer bestean; Porter syn frou Eliza Frances Westcott († 1915), mei wa't er yn Portland (Maine) troud wie, hie doe krekt harren twadde bern te wrâld brocht, en it jonge gesin wie sûnt 1869 fjirtjin kear ferhuze.

Dea yn 'e Slach oan de Little Bighorn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ear't dy oerpleatsing lykwols syn beslach krije koe, sneuvele Porter op 25 juny 1876 yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana. Syn I Kompanjy wie dêrby ien fan 'e fiif kompanjyen dy't ûnder befel fan George Armstrong Custer omrieden om in grut Yndiaansk doarp dat oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn ûntdutsen wie, út it noarden wei oan te fallen. Dy oanfal waard troch de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho lykwols ôfslein, en ûnder in weromtocht dy't útrûn op in gaoatyske flecht waard I Kompanjy troch de nûmerike oermacht fan 'e krigers ûnder foet rûn. Der wiene fan dy ienheid gjin oerlibbenen, likemin as fan 'e oare fjouwer kompanjyen fan Custer.

Guon histoarisy wolle hawwe dat Porter ûnder de slach it befel fierde oer I Kompanjy, mar dat berêst op 'e misfetting dat Keogh syn lyk letter by Custer op 'e heuveltop oantroffen wêze soe dy't bekend kaam te stean as Custer Hill. Yn wurklikheid sneuvele Keogh middenmank syn kompanjy, dat oan 'e posysjes te sjen dy't de deade soldaten foarinoar oer ynnamen, oan it lêst ta ferbiten wjerstân bean hawwe moat. Oan Porter kin mooglik wol taskreaun wurde dat er (in diel fan) I Kompanjy foar de tebekwikende L Kompanjy fan 'e luitenants Calhoun en Crittenden oer opstelde, sadat de krigers dy't harren efterfolgen tusken twa fjurren kamen en har weromlûke moasten.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Porter wie ien fan trije ofsieren fan it 7e Kavaleryregimint fan wa't it stoflik omskot nei de slach nea identifisearre waard (de oaren wiene Henry M. Harrington en James G. Sturgis). Oer syn dea bestie lykwols gjin twifel, mei't syn trochblette unifoarmjas letter weromfûn waard. Fan sawol legerdokter Valentine McGillycuddy, dy't mei it Lakota-opperhaad Mâl Hynder spriek, as kaptein Charles King, dy't ferskate Yndiaanske oerlibbenen ûnderfrege, is de beskriuwing bekend fan ien inkele, net identifisearrre Amerikaanske ofsier, dy't op 't hynder troch de Yndiaanske besingeling hinne briek en hast ûntkaam, mar omseach, syn erfterfolgers gewaar waard en besleat dat er it net rêde soe, en doe mei syn tsjinstrevolver de hân oan himsels sloech. Der wurdt wol tocht dat dat Porter west hawwe moat, mar dêrfoar binne gjin bewizen. Yn 1910 waard foar Porter in tinkstien op it slachfjild pleatst, neffens histoarikus Michael L. Nunnally op in willekeurich plak, mei't net ien wis wêze koe fan it plak dêr't er sneuvele wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.