James G. Sturgis

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
James G. Sturgis
Big battle symbol.svg militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút James Garland Sturgis
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 24 jannewaris 1854
berteplak Albuquerque (Nij-Meksiko)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18751876
yn tsjinst fan Flag of the United States.svg Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Flag of the United States Army.svg Amerikaanske Leger
heechste rang twadde luitenant (sûnt 1875)
konflikt(en) Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

James G. Sturgis (folút: James Garland Sturgis; Albuquerque (Nij-Meksiko), 24 jannewaris 1854 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr fan mingd Dútsk-Ingelsk etnysk komôf. Hy wie de âldste soan fan kolonel Samuel D. Sturgis. James Sturgis tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint en sneuvele yn 1876 yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sturgis waard yn 1854 berne yn Albuquerque, yn it doetiidske Amerikaanske territoarium Nij-Meksiko, dêr't syn heit yn 'e Apache-Oarloggen tsjinne. Hy wie de soan fan kolonel Samuel D. Sturgis (1822-1889) en dy syn frou Jerusha Wilcox (1827-1915). Hy hie twa jongere bruorren: Samuel Davis jr. (1861-1933) en de jong stoarne Thomas Glenn (1870-1875), en trije susters: Nina Linn (1852-1930), Ella Marie (1859-1925) en Mary Agnes (1865-1943).

Folgjend yn syn heite fuotstappen liet Sturgis himsels yn 1871 ynskriuwe oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point, dêr't er yn 1875 slagge foar syn eksamens as op 28 nei bêste kadet út in klasse fan 43. Neitiid waard er op 16 juny mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, de ienheid dêr't syn heit doedestiden feitliks it befel oer hie. Om't syn heit (al jierren) yn detasjearre tsjinst wie, waard it regimint lykwols yn 'e praktyk oanfierd troch de ûnderbefelhawwer, luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Sturgis arrivearre op 29 oktober 1875 yn Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's, dêr't de 7e Kavalery op dat stuit legere wie.

Doe't yn 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek, waard Sturgis oansteld as ûnderbefelhawwer fan E Kompanjy ûnder earste luitenant Algernon Smith. Yn dy hoedanichheid naam er diel oan 'e simmerkampanje fan 1876. Op 25 juny kaam Sturgis yn 'e Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, om mei hiele E Kompanjy en alle leden fan fjouwer oare kompanjyen dy't Custer dy deis persoanlik oanfierde by in oanfal op in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn.

It tinken is dat Sturgis sneuvele wêze moat op Custer Hill, de heuveltop dêr't de lêste restanten fan 'e fiif kompanjyen troch de krigers fan 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho besingele rekken en oan 'e lêste man ta útrûge waarden, mar Sturgis is ien fan trije ofsieren fan wa't it stoflik omskot nea identifisearre is (de oaren wiene Henry Moore Harrington en Jame Porter). Sadwaande giet men derfan út dat er earst, lykas alle sneuvelen, profisoarysk begroeven is op it slachfjild, en yn 1877 mei de sljochtwei soldaten fan 'e 7e Kavalery yn in massagrêf op Custer Hill kommen is te rêsten. Syn mem, Jerusha Wilcox Sturgis, woe doe beslist it plak sjen dêr't har soan omkommen wie, en sadwaande rjochte it Amerikaanske Leger doe in neptinkstien foar James Sturgis op in willekeurich part fan it slachfjild op, sadat hja wat hawwe soe om nei te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: