Algernon Smith

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Algernon Smith
Big battle symbol.svg militêr
Algernon Smith.jpg
persoanlike bysûnderheden
namme folút Algernon Emory Smith
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 17 septimber 1842
berteplak Newport (New York)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18621876
yn tsjinst fan Flag of the United States.svg Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Flag of the United States Army (unofficial proportions).svg Amerikaanske Leger
heechste rang majoar (1865)
befel E Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Fort Fisher
Bloedbad fan de Washita
Slach oan de Little Bighorn

Algernon Smith (folút: Algernon Emory Smith; Newport (New York), 17 septimber 1842 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Hy tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, en waard bekend troch syn dea yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske Boargeroarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smith waard yn 1842 berne yn Newport, yn 'e Amerikaanske steat New York. Hy genoat syn oplieding oan it Hamilton Kolleezje, yn Clinton. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) naam er yn juny 1862, koart foar syn tweintichste jierdei, tsjinst yn it Noardlike Leger, dêr't er yndield waard by K Kompanjy fan it Amerikaanske 7e Ynfanteryregimint. Letter waard Smith oansteld as luitenant yn it 117e Frijwillige Ynfanteryregimint fan New York, oant er yn oktober 1863 in posysje as adjudant fan generaal-majoar Alfred Terry taparte krige. Yn jannewaris 1865 rekke er swier ferwûne by in treffen by Fort Fisher, yn Noard-Karolina. Neitiid waard er foar syn aksjes op it slachfjild befoardere ta de rang fan majoar.

Tsjinst yn it Westen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e oarloch waard Smith, fanwegen in oerskot oan ofsieren nei de ôfslanking fan it leger yn fredestiid, weromset yn rang nei twadde luitenant. Yn 1867 waard er tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, dat legere wie yn Fort Riley, yn Kansas. Dêr rekke er al rillegau goed befreone mei de fjildkommandant fan it regimint, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, en sadwaande makke er neitiid jierrenlang diel út fan 'e saneamde 'Custer-klyk', in groep famyljeleden en freonen fan Custer dy't yn 'e 7e Kavalery de tsjinst útmakken. Op 10 oktober 1867 troude Smith yn syn berteplak Newport mei Nettie B. Bowen († 1903).

Yn novimber 1868 naam Smith diel oan it Bloedbad fan de Washita, werby't it 7e Kavaleryregimint it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen oanfoel en foar in diel útmoarde. Letter datselde jiers waard er befoardere ta earste luitenant. Nei't it 7e Kavaleryregimint yn 1873 oerpleatst wie nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's, makke Smith ûnderdiel út fan 'e Yellowstone-ekspedysje nei Montana. Yn 1874 ferfolle er de funksje fan ûnderkertiermaster by Custer syn kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, wêrby't goud yn 'e Black Hills fûn waard, mei de Goudkoarts fan 'e Black Hills ta gefolch.

Grutte Sû-Oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek, wie Smith ûnderbefelhawwer fan A Kompanjy, ûnder kaptein Myles Moylan, dy't ek ta de Custer-klyk hearde. Foar de simmerkampanje fan 1876 joech Custer Smith lykwols it befel oer E Kompanjy, mei as ûnderbefelhawwer luitenant James G. Sturgis. De reden dêrfoar wie dat Custer de befelfierend ofsier fan E Kompanjy, luitenant Charles DeRudio, net lije mocht. Dy ofsier krige doe Smith syn âlde posysje as ûnderbefelhawwer fan A Kompanjy. Mei dat hinne-en-wer-gesko mei ofsieren rêde Custer iroanysk genôch it libben fan DeRudio en skreau er Smith foar de dea op.

Under de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, op 25 juny 1876, hearde Smith syn E Kompanjy nammentlik by de fiif kompanjyen dy't Custer meinaam om in grut Yndiaansk doarp, dat oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn ûntdutsen wie, út it noarden wei oan te fallen. Dy oanfal waard troch de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ôfslein, en nei in weromtocht dy't útrûn op in gaoatyske flecht rekken de oerlibbenen fan 'e fiif kompanjyen besingele op in heuveltop, dêr't se oan 'e lêste man ta útrûge waarden. Smith waard neitiid net by de soldaten fan E Kompanjy oantroffen, mar mank in lyts klútsje soldaten en ofsieren om Custer hinne. Syn stoflik omskot waard provisoarysk op it slachfjild beïerdige, mar yn it neijier fan 1877 oerbrocht nei it Nasjonaal Begraafplak Fort Leavenworth, yn Fort Leavenworth, yn Kansas, om dêr werbegroeven te wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.