Springe nei ynhâld

Gorden Kaye

Ut Wikipedy
Gorden Kaye
akteur
Gorden Kaye yn 1974.
Gorden Kaye yn 1974.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gorden Fitzgerald Kaye
nasjonaliteit Britsk
berne 7 april 1941
berteplak Huddersfield (Ingelân)
stoarn 23 jannewaris 2017
stjerplak Knaresborough (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf 19682017
offisjele webside
gjint

Gorden Kaye (tink derom: Gorden Kaye; wiere namme: Gordon Fitzgerald Kaye; Huddersfield (West-Yorkshire), 7 april 1941Knaresborough (Noard-Yorkshire), 23 jannewaris 2017) wie in Britsk akteur fan Ingelsk komôf. Hy waard benammen bekend yn syn rol fan René Artois, de útbater fan in Frânsk kafee ûnder de Dútske besetting, yn 'e komeedzjesearje ’Allo ’Allo!

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaye waard yn 1941 berne yn Huddersfield, yn West-Yorkshire, as it ienlingsbern fan Harold Kaye, in frachtweinsjauffeur en meganisiên yn in trekkerfabryk, en dy syn frou Gracie, dy't by syn berte 42 jier wie. As jonge spile Kaye yn Moldgreen yn it pleatslike rugbytiim. Hy genoat ûnderwiis oan 'e King James's Grammar School yn Huddersfield, en wurke letter yn itselde plak by de radiostjoerder fan it pleatslike sikehûs (wêrfoar't er yn 1965 in fraachpetear hie mei de Beatles). Oare baantsjes hied er as arbeider yn in tekstylfabryk, in wynmakkerij en in trekkerfabryk.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Kaye as akteur begûn te wurkjen, joech er him op by de British Actors' Equity Association, dêr't lykwols in typflater yn syn namme slûpte; dêrfandinne de ûngebrûklike stavering fan syn artystenamme ('Gorden' ynstee fan 'Gordon'). Nei't Kaye in rol hân hie yn in harkspul dat regissearre waard troch Alan Ayckbourn, rette dyselde him oan om audysje te dwaan foar it Bolton Octagon Theatre. Dêr waard er oannommen, en spile er yn toanielstikken as It Kersehôf, fan Anton Tsjechov, en Kening Oidipoes, fan Sofoklês.

Neitiid spile Kaye yn 1965 yn syn earste film, The Party's Over, en syn debút op 'e tillefyzje makke er yn 1968 as in oerweiwachter yn 'e dramasearje Champion House. It jiers dêrop waard er troch regisseur David Halliwell, dy't him yn Bolton yn it toanielstik Little Malcolm sjoen hie, frege foar in rol yn 'e soapsearje Coronation Street. Letter makke er yndruk op filmprodusint en senarioskriuwer David Croft mei gastrollen yn 'e tillefyzjesearjes It Ain't Half Hot, Mum en Come Back, Mrs. Noah. Hy spile yn 'e komyske koarte film The Waterloo Bridge Handicap (1978) en teffens, mei komyk Ronnie Barker, yn 'e filmferzje fan Porridge (1979).

Fierders wie Kaye ek te sjen yn 'e dramasearje All Creatures Great and Small, en yn 'e detektivesearje Shoestring. Yn 1981 spile er de rol fan Frank Broadhurst yn 'e bernesearje Codename Icarus. Om dyselde tiid hinne bea David Croft him de haadrol yn 'e searje Oh, Happy Band! oan, mar dy moast Kaye foarbygean litte om't er oare ferplichtings hie. Wol spile er yn trije ôfleverings fan 'e Croft syn ferneamde komeedzjesearje Are You Being Served? Yn 1985 hie Kaye in lyts roltsje as resepsjonist fan in hotel yn 'e film Brazil, fan Terry Gilliam.

Yn 1982 stjoerde David Croft Kaye it senario ta foar de pilotôflevering fan ’Allo ’Allo!, en nûge him út om dêryn de haadrol te spyljen. ’Allo ’Allo! wie in komeedzjesearje dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch spile yn it troch de Dútsers besette Frankryk. It personaazje fan René Artois, dat Croft foar Kaye op it each hie, wie in folle pleage útbater fan in kafee yn in lyts doarpke, dy't tsjin wil en tank it mulpunt waard fan ûntelbere healwize yntriizjes mei de Dútske besetters, it Frânske ferset, delsketten Ingelske piloaten, ferfalske skilderijen, ensfh. Kaye naam de rol oan en spile yn alle 84 ôfleverings fan 'e searje dy't tusken 1982 en 1992 makke waarden. Fierders wurke er ek mei oan 1.200 optredens yn it ramt fan 'e toanielferzje.

Kaye spile ek de rol fan dokter Grant yn 'e tillefyzje-adaptaasje fan Mansfield Park, en yn 1984 wied er te sjen as Lymoges, hartoch fan Eastenryk, yn in BBC-tillefyzjeproduksje fan it stik Kening Jan, fan William Shakespeare. Teffens gie er mei it Royal National Theatre op toernee yn 'e rol fan Touchstone, yn Shakespeare's Nei Jim Beleavjen. Yn 1986 waard Kaye op it toaniel oan 'e ein fan in optreden yn it Londenske West End oerfallen troch presintator Eamonn Andrews, dy't him meitroaide foar in ôflevering fan This Is Your Life. Yn 1993 die Kaye mei oan 'e krystspecial fan 'e kwis Family Fortunes.

Yn 2007 kearde Kaye noch ienris werom yn 'e rol fan René Artois, yn in tillefyzjereüny fan ’Allo ’Allo! Fierders wied er dat jiers ek op it toaniel noch in kear yn dyselde rol te sjen, yn it Australyske Brisbane, yn 'e mande mei Sue Hodge as Mimi Labonq en Guy Siner as luitenant Grüber.

Yn 1989 publisearre Kaye (mei ghostwriter Hilary Bonner) syn autobiografy René & Me: A Sort of Autobiography, wêryn't er syn persoanlike ûnderfinings beskreau as in bleue, homoseksuële, te swiere jonge akteur, dy't gauris typecast waard. Op 25 jannewaris 1990 krige Kaye ûnder de Burns' Day-stoarm in ferkearsûngemak dêr't er slimme ferwûnings oan 'e holle by oprûn. Hy lei dêr neitiid in skoftke yn kritike tastân foar yn it sikehûs en moast in harsensoperaasje ûndergean. Hoewol't er him der sels letter neat mear fan tebinnenbringe koe, hold er in fikse groede oer oan it houten reklameboerd dat dwers troch syn foarrút hinne bûtst wie.

Wylst Kaye opbettere, waard er yn it sikehûs tsjin syn wil fotografearre en ynterviewd troch sjoernalist Roger Ordish fan 'e Sunday Sport. Kaye klage dy krante letter oan yn 'e rjochtsaak Kaye v. Robertson, mar it Hof fan Berop fan Ingelân en Wales die yn 1991 de útspraak dat der ûnder de (doetiidske) Britske wet gjin ferbod bestie tsjin ynbrek op privacy.

Gorden Kaye kaam op 23 jannewaris 2017 yn in fersoargingstehûs yn Knaresborough, yn Noard-Yorkshire, te ferstjerren, nei't er twa jier earder mei demintens oanhelle rekke wie. Hy waard 75 jier âld.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.