Getswerdersyl (slûs)
De Getswerdersyl of Getsertersyl (Ned. Getswerderzijl) wie de noardlikste slûs yn de Slachtedyk yn Fryslân.
Troch de slûs yn de Seisbierrumer Feart waard wetter út Westergoa ôffierd nei de Waadsee by Roptasyl. De slûs (of syl) waard neamd nei Getswert, in terpke yn de neite en waard foar it earst fermelde yn 1407. De bebouwing yn de omjouwing krige de namme fan de slûs dy't him fan Gaetzwardera zyl (1544) ûntwikkele ta Getzerdezyl (1664), Getswerdersyl (1700) en Getswerderzijl (1852).
Getswerd/Gaetswert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'Gaetswert' of 'Getsert' wie in terpke yn de uterste noardwesthoeke fan Frjentsjerteradiel, dêr 't in pleats mei stimrjocht stie, in saneamde stimhawwende pleats. De eigener wie in famylje fan oansjen en draaide mei yn it rûlaasjeskema fan rjochters en grytmannen fan Frjentsjerteradiel.[1] Sa waard yn 1407 Peter Campstra fan Gaetswert keazen as rjochter, yn 1414 wie it Feddrick Sibada fan Gaetswerd, yn 1420 Jonga Peter Campstra fan Gaetswert, yn 1426 Tjaerd Jonga en yn 1432 Douwe Clasma.[2] Yn de sechtjinde iuw hjitte de pleats sate Ghaeswardt[3] en de syl Gaetzwardera zyl.[4] Yn de rin fan de iuwen is de bebouwing in de directe omjouwing fan de syl beperkt bleaun ta fjouwer oant seis gebouwen.
Wetterbehearsking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De slûsdoarren stiene gewoanwei iepen en waarden allinnich ticht dien yn tiden fan need, lykas by hurde stoarm as it gefaar bestie dat de seewarring beswike koe en de Slachte as slieperdyk it wetter keare moast. Fandêr de namme kearslûs. De slûs hie ek in wichtige rol yn de wetterbehearsking fan Westergoa. Oertollich wetter waard yn westlike rjochting ôffierd nei de Waadsee by Roptasyl en Harns. At by oanhâldende westwyn it wetter nei it easten opstode, waarden de doarren sluten.
Underhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie de slûs partikulier besit fan de famylje Liauckama, de bewenners fan de by Seisbierrum lizzende Liauckamastate. By Getswerdersyl kamen trije soarten ûnderhâld by elkoar. De syl sels waard ûnderholden troch Liauckema en syn erfgenamten. Dronryp hie fan de Slachte it earste perk oan de noardkant fan de syl yn ûnderhâld en Frjentsjer it stik op syn grûngebiet oan de súdkant. De Rie moast ûnderholden wurde troch Frjentsjer en Frjentsjerteradiel.
Dizze wurkferdieling late gauris ta skeel. Yn 1652 is der sprake fan fernijing fan de syl. Fanôf de 17e iuw rekke de slûs yn ferfal. Yn 1825 hie der wer striid west oer de ûnderhâldsplicht. Dit foarme foar de provinsje Fryslân de reden om de slûs yn 1841 oer te nimmen.
Fernijing en fergrutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1841 waard de slûs hielendal fernijd en fergrutte. It waard in houten brêge mei trije streamgatten dy’t mei slûsdoarren ôfsluten wurde koenen. It wie de ienige sluisyn de Slachte mei doarren. De doarren fan it middelste streamgat stiene yn prinsipe altyd iepen. Mar at it by stoarm spannend waard by de seediken koene dizze tydlik ticht sluten wurde.. De doarren yn de beide oare streamgatten wiene meastentiids ticht. Mar at der tefolle wetter ôffierd wurde moast nei de seeslûzen koene se iepene wurde. At it boezemwetter troch oanhâldende westewinen krekt opstood waard nei de midden fan de provinsje koene (krektas eartiids) ek alle doarre sluten wurde. De slûswachter krige foar it betsjinjen fan de doarren opdracht fanút de provinsje.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan reau moast it hynder stapfoets oer de brêge gean. Der mochten net twa reauwen tagelyk op de brêge wêze. By tsjinlizzers gou dat wa’t earst kaam earst mealde. De nije brêge soe grif wol twa reauwen drage kinne, mar foar it ûnderhâld wie it foardieliger at de brêge net te folle belêste waard en dus minder te lijen hie.
Skippen moasten de seilen strike, de mêst delhelje, de swurden in ein ophelje en de leppels fan it anker binnenboard helje. Ek hjir gou by tsjinlizzers dat dejinge dy ’t it tichtse by de syl wie foarrang hie, útsein at der hurde wyn of sterke stream stie. Dan gie it skip foar dat wyn of stream mei hie. Uteraard mochten de skippers met harren heaken en bomen de syl net beskeadigje en se mochten ek net yn of by de syl oanlizze.
Om 1900 hinne is de houten brêge ferfongen troch in betonkonstruksje.
Sloop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1982 waard de slûs sloopt. Op it plak fan de slûs is in betinkingsmonumint komd, dêr’t de oarspronklike tinkstienen út 1841 yn ferwurke binne (sjoch ôfbyld).
De sloop betsjutte foar de Alvestêdetocht dat dit plak net mear op redens foarby riden wurde koe en dat der in klúnplak makke wurde moast.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Silen fan de Slachtedyk | |
---|---|
Getswerdersyl
• Kystersyl
• Skieppesyl
• Payesyl
• Krommesyl
• Tolsumersyl
• Hidaardersyl
• Boazumersyl
• Sânleanstersyl
• Dillesyl
|