Slûzen en keardammen yn Fryslân
Appearance
Slûzen en keardammen yn Fryslân jout in oersjoch fan de slûzen en keardammen yn Fryslân. Dit type bouwurken is krektas de gemalen yn Fryslân, wichtich foar it peil op de Fryske boezem en de skipfeart.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestean ferskate typen slûzen:
- Spuislûs - oare beneamingen foar dit type slûs binne útwetteringsslûs, de grutte útwetteringsslûzen binne de Lauwersslûzen en de Lorentzslûzen (Ofslútdyk), en syl, wêroan guon plaknammen as Dokkumer Nije Silen en Eazumasyl te werkennen binne.
- Skutslûs - de gruttere skutslûzen binne te finen yn de plakken oan de Iselmar en Waadsee. Yn de kanalen, lykas de Tsjonger en Opsterlânske Kompanjonsfeart (beide meitsje diel út fan de Turfrûte), binne de lytsere slûzen en keardammen te finen. Guon plaknammen, meastal buorskippen, binne ûntstien troch tafoeging fan it wurd ferlaat (=skutslûs) oan in plaknamme, lykas Himrikerferlaat. In ferlaat by it plak De Himrik.
It komt ek wol foar dat beide typen slûzen of in keardaam njonken inoar lizze.
Tabel slûzen en keardammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boppesteand artikel is ien fan de oersjochsartikelen yn de searje oer Arsjitektuer yn Fryslân