Springe nei ynhâld

George Kennedy

Ut Wikipedy
George Kennedy
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme George Harris Kennedy jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 febrewaris 1925
berteplak New York (New York)
stoarn 28 febrewaris 2016
stjerplak Middleton (Idaho)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
jierren aktyf 19271943 & 19552015
prizen Oscar 1967
offisjele webside
George Kennedy yn 'e IMDb
Dizze side giet oer de akteur George Kennedy. Foar oare betsjuttings, sjoch: George Kennedy (betsjuttingsside).

George Kennedy (folút: George Harris Kennedy jr.; New York, 18 febrewaris 1925Middleton (Idaho), 28 febrewaris 2016) wie in Amerikaansk akteur en skriuwer fan mingd Dútsk, Iersk en Ingelsk etnysk komôf, dy't yn mear as twahûndert films en tillefyzjeprogramma's spile. Hy fertolke in breed skala oan rollen, en wûn yn 1967 in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol. By in jonger publyk stied er benammen bekend as haadynspekteur Ed Hocken, de gauris ta wanhoop dreaune sjef fan ynspekteur Frank Drebin (Leslie Nielsen) yn 'e Naked Gun-trilogy. Njonken syn aktearkarriêre skreau Kennedy twa misdieromans en in autobiografy.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kennedy waard yn 1925 berne yn New York, as telch út in laach fan artysten. Syn heit, George Harris Kennedy sr., wie in muzikant en orkestlieder mei Ierske en Ingelske woartels, dy't stoar doe't Kennedy sels noch mar fjouwer jier wie. Hy waard sadwaande grutbrocht troch syn mem, Helen A. Kieselbach, in balletdûnseresse fan Dútsk komôf. Kennedy makke syn debút as toanielakteur doe't er twa jier âld wie, en letter yn syn jonkheid wied er aktyf as harkspulakteur. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er fan 1943 ôf yn it Amerikaanske Leger, dêr't er by de legerradiostjoerder wurke.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e oarloch bleau Kennedy oant 1959 yn militêre tsjinst. As ûnderdiel fan syn wurk foar it Foarljochtingsburo fan it Amerikaanske Leger wied er yn 'e 1950-er jierren as technysk adviseur belutsen by de tillefyzjesearje The Phil Silvers Show, wêryn't er, dêrta oanfitere troch Phil Silvers sels, ek in weromkearende rol as militêre plysje fertolke. Nei't er ôfswaaid wie, sette Kennedy om 1960 hinne serieus útein mei in karriêre as akteur. Datselde jiers hied er in hiel lyts roltsje yn 'e histoaryske dramafilm Spartacus, oer de Slave-opstân fan Spartakus yn it Romeinske Ryk.

Kennedy as pastoar Sarge Cavenaugh yn 'e tillefyzjesearje Sarge (1971).

Syn earste gruttere rol hie Kennedy yn 'e film The Little Shepherd of Kingdom Come (1961). Yn 'e 1960-er jierren hied er fierders rollen yn ferskate grutte Hollywood-produksjes, wêrûnder de westernfilms Lonely Are the Brave (1962), The Sons of Katie Elder (1965), Bandolero! (1968) en Guns of the Magnificent Seven (1969), de romantyske komeedzje Charade (1963), de skriller Strait-Jacket (1964), de dramafilm The Flight of the Phoenix (1965) en de oarlochsfilms Shenandoah (1965) en The Dirty Dozen (1967). Yn 1967 wûn Kennedy in Oscar foar de bêste manlike byrol mei syn rol yn 'e film Cool Hand Luke as Dragline, in ta twangarbeid feroardiele finzene dy't earst in hekel hat oan it titelpersonaazje (spile troch Paul Newman), mar him úteinlik as in soarte fan idoal begjint te sjen. Foar dy rol waard er ek nominearre foar in Golden Globe yn deselde kategory.

Yn dyseldichste snuorje hie Kennedy gastrollen yn withoefolle tillefyzjesearjes, wêrûnder in protte westernsearjes, lykas Gunsmoke, Rawhide, Bonanza, The Virginian, The Big Valley, Laredo, The Legend of Jesse James en Daniel Boone. Ek wied er te sjen yn 'e komeedzjesearjes The Andy Griffith Show en McHale's Navy en de rjochtbankdramasearje Perry Mason. Kennedy hie de haadrol as pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavanaugh yn 'e detektivesearje Sarge (1971) en as Bumper Morgan yn 'e plysjesearje The Blue Knight (1975).

Yn 1970 spile er de rol fan Joe Patroni yn 'e bekroande rampefilm Airport, wêrfoar't er jitris nominearre waard foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste manlike byrol. Kennedy kearde noch trije kear yn dyselde rol werom, yn 'e ferfolchfilms Airport 1975 (1974), Airport '77 (1977) en The Concorde... Airport '79 (1979). Yn 'e 1970-er jierren wurke er ek gear mei John Wayne, yn 'e westernfilm Cahill, U.S. Marshal (1973), en mei Clint Eastwood, yn 'e lichtfuottige roadmovie Thunderbolt and Lightfoot (1974) en de spionaazjeskriller The Eiger Sanction (1975). Fierders wied er yn 1974 te sjen yn 'e rampefilm Earthquake, mei û.o. Charlton Heston en Ava Gardner, en yn 1978 spile er yn 'e detektivefilm Death on the Nile, mei û.m. David Niven en Peter Ustinov.

Yn 1984 wie Kennedy de tsjinspiler fan Bo Derek yn 'e flop Bolero. Neitiid makke er noch ferskate oare mindere films, lykas Savage Dawn (1985), The Delta Force (1986) en The Gunfighters (1987), foar't er yn 1988 min ofte mear by tafal nij súkses fûn mei de kaskreaker The Naked Gun: From the Files of Police Squad! Dat wie in slapstickeftige komeedzjefilm wêryn't Kennedy de rol fan haadynspekteur Ed Hocken spile, dy't by fleagen ta wanhoop dreaun wurdt troch de nuvere eksploaten fan syn knoffelige ûnderhearrige, ynspekteur Frank Drebin, spile troch Leslie Nielsen. Kennedy kearde noch twaris werom as Hocken foar de beide ferfolchfilms út 'e Naked Gun-trilogy: yn 1991 yn The Naked Gun 2½: The Smell of Fear, en yn 1994 yn Naked Gun 33⅓: The Final Insult.

Underwilens fertolke Kennedy op 'e tillefyzje fan 1988 oant en mei 1991 de rol fan 'e korrupte oaljetycoon Carter McKay yn 'e ferneamde soapsearje Dallas. Yn 1996 en 1998 wied er op 'e nij yn dy rol te sjen yn 'e tillefyzjefilms Dallas: J.R. Returns, resp. Dallas: War of the Ewings. Yn 1995 spile Kennedy de rol fan generaal Nelson A. Miles yn 'e westernminysearje The Gambler Part III: The Legend Continues, mei Kenny Rogers yn 'e titelrol. Yn 1998 wurke er fierders as stimakteur mei oan 'e tekenfilm Small Soldiers. Neitiid makke Kennedy ferskate ûnôfhinklike films, foar't er yn 2003 weromkearde op 'e tillefyzje yn 'e rol fan Albert Miller yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Kennedy bleau oan syn dea ta mei lytse roltsjes yn films en op 'e tillefyzje aktyf. Foar syn bydrage oan 'e Amerikaanske filmyndustry krige er in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame, op 6352 Hollywood Boulevard.

Kennedy as plysjeman Bumper Morgan yn 'e tillefyzjesearje The Blue Knight (1976).

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn aktearwurk wie Kennedy ek yn it spier as skriuwer. Yn 1983 publisearre er it moardmystearje Murder on Location, wêrfoar't er in filmset as setting brûkte. In twadde roman, Murder on High, kaam út yn 1984. Syn trêde en lêste boek wie syn autobiografy, Trust Me, dy't yn 2011 ferskynde.

Kennedy troude yn 1959 mei Norma Wurman, fan wa't er him yn 1971 skiede liet. Neitiid wertroude er yn 1978 mei Joan McCarthy, mei wa't er in dochter, Shaunna, krige. Nei't dyselde yn it tichthûs belâne, adoptearren Kennedy en de frou harren pakesizzer, it famke Taylor. Kennedy hie in fleanbrevet en fleach as piloat gauris yn syn eigen Cessna 210 Centurion- en Beechcraft Bonanza-priveefleantugen.

George Kennedy wenne yn Eagle, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Idaho. Op it lêst bedarre er yn in fersoargingssintrum yn it deunby leine Middleton. Dêr kaam er op 28 febrewaris 2016 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 91 jier.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1956–1959 The Phil Silvers Show militêre plysje-sersjant Kennedy weromkearende rol; 14 ôfl.
1959 Cheyenne Lee Nelson gastrol; ôfl. Prisoner of Moon Mesa
1959 Colt .45 Hank gastrol; ôfl. The Rival Gun
1959 The Deputy Tex gastrol; ôfl. The Big Four
1959 Sugarfoot Sykes gastrol; ôfl. The Canary Kid, Inc.
1960 Gunsmoke Emil gastrol; ôfl. The Blacksmith
1960 Route 66 Thad Skinner pilotôflevering: Black November
1960 Peter Gunn Karl gastrol; ôfl. The Crossbow
1960 Sugarfoot Ross Kuhn gastrol; ôfl. Funeral at Forty Mile
1960 Shotgun Slade Tex gastrol; ôfl. The Spanish Box
1960 Laramie trewant fan Gallagher gastrol; ôfl. Duel at Alta Mesa
1960 Have Gun – Will Travel Tarnitzer gastrol; ôfl. The Legacy
1960 Maverick helpsheriff Jones gastrol; ôfl. Hadley's Hunters
1960 Lawman Burt gastrol; ôfl. To Capture the West
1960 Have Gun – Will Travel luitenant John Bryson gastrol; ôfl. A Head of Hair
1961 Bat Masterson sheriff Zeke Armitage gastrol; ôfl. The Fourth Man
1961 Have Gun – Will Travel Preston gastrol; ôfl. The Road
1961 Gunsmoke Pat Swooner gastrol; ôfl. Big Man
1961 Have Gun – Will Travel Deke gastrol; ôfl. The Vigil
1961 The Untouchables Birdie gastrol; ôfl. The King of Champagne
1961 Have Gun – Will Travel Rud Saxon gastrol; ôfl. A Proof of Life
1961 Gunslinger sheriff gastrol; ôfl. The Buried People
1961 Bonanza Peter Long gastrol; ôfl. The Infernal Machine
1961 Have Gun – Will Travel frater Grace gastrol; ôfl. Squatter's Rights
1961 Gunsmoke Jake Bayloe gastrol; ôfl. Kitty Shot
1962 The Tall Man Hyram Killgore gastrol; ôfl. One for All
1962 Rawhide George Wales gastrol; ôfl. The Peddler
1962 Gunsmoke Hug gastrol; ôfl. The Boys
1962 Have Gun – Will Travel Big John gastrol; ôfl. Don't Shoot the Piano Player
1962 Going My Way Mike gastrol; ôfl. A Man for Mary
1962 Death Valley Days Steamboat Sully gastrol; ôfl. Miracle at Whiskey Gulch
1962 Outlaws Joe Ferris gastrol; ôfl. Farewell Performance
1963 The Andy Griffith Show resjersjeur fan 'e steatsplysje gastrol; ôfl. The Big House
1963 Have Gun – Will Travel frater Grace gastrol; ôfl. The Eve of St. Elmo
1963 Dr. Kildare Joe Cramer gastrol; ôfl. To Each His Own Prison
1963 Perry Mason George Spangler gastrol; ôfl. The Case of the Greek Goddess
1963 The Travels of Jaimie McPheeters Angus gastrol; ôfl. The Day of the Long Night
1963–1964 McHale's Navy Big Frenchy weromkearende rol; 2 ôfl. (French Leave for McHale en The Return of Big Frenchy)
1964 Gunsmoke Cyrus gastrol; ôfl. Crooked Mile
1964 Bonanza Waldo Watson gastrol; ôfl. The Scapegoat
1964 The Virginian Jack Marshman gastrol; ôfl. A Gallows for Sam Horn
1964 Gunsmoke Warden Stryker gastrol; ôfl. The Warden
1965 Daniel Boone Zach Morgan gastrol; ôfl. A Rope for Mingo
1965 Laredo Jess Moran gastrol; ôfl. Pride of the Rangers
1965 The Virginian Tom "Bear" Suchette gastrol; ôfl. Nobility of Kings
1965 A Man Called Shenandoah Mitchell Canady gastrol; ôfl. A Special Talent for Killing
1966 Gunsmoke Ben Payson gastrol; ôfl. Harvest
1966 The Legend of Jesse James Blodgett gastrol; ôfl. Return to Lawrence
1966 Dr. Kildare brigadier Hensley weromkearende rol; 2 ôfl. (Mercy or Murder en Strange Sort of Accident)
1966 The Virginian Huck Harkness gastrol; ôfl. The Trail to Ashley Mountain
1966 The Big Valley Jack Thatcher gastrol; ôfl. Barbary Red
1967 Tarzan Crandell gastrol; ôfl. Thief Catcher
1971 Ironside pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavanaugh gastrol; ôfl. The Priest Killer, tagelyk ek de pilotôfl. foar de spin-offsearje Sarge
1971 Sarge pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavenaugh fêste rol; 16 ôfl.
1974 A Cry in the Wilderness Sam Hadley tillefyzjefilm
1975 The Blue Knight Bumper Morgan fêste rol; 24 ôfl.
1979 Backstairs at the White House presidint fan 'e Feriene Steaten Warren G. Harding   gastrol; ôfl. #1.2
1981 Saturday Night Live himsels as presintator; ôfl. George Kennedy/Miles Davis
1983 Fantasy Island Adam Cobb gastrol; ôfl. God Child/Curtain Call
1986 Benson himsels gastrol; dûbele ôfl. Reel Murder (diel 1 en 2)
1988–1991 Dallas Carter McKay fêste rol; 67 ôfl.
1994 Lonesome Dove rjochter J.T. "Rope" Calder minysearje; ôfl. Judgement Day
1995 The Commish Al Scali gastrol; ôfl. The Golden Years
1995 The Gambler Part III: The Legend Continues generaal Nelson A. Miles minysearje
1996 Wings himsels gastrol; ôfl. What About Larry?
1996 The Real Adventures of Jonny Quest generaal Axton gastrol; ôfl. DNA Doomsday
1996 Dallas: J.R. Returns Carter McKay tillefyzjefilm
1998 Dallas: War of the Ewings Carter McKay tillefyzjefilm
2003 The Young and the Restless Albert Miller weromkearende rol; ôfl. #1.7762, #1.7763 en #1.7764
2004 The Complete History of U.S. Wars 1700–2004 himsels as presintator fan in dokumintêresearje; 8 ôfl.
2010 The Young and the Restless geast fan Albert Miller gastrol; ôfl. #1.9553
films
1960 The Crowded Sky plysjeman net fermeld op 'e ôftiteling
1961 The Little Shepherd of Kingdom Come Nathan Dillon
1962 Lonely Are the Brave helpsheriff Gutierrez
1962 The Silent Witness Gus Jordan
1963 The Man from the Diners' Club George
1963 Charade Herman Scobie
1964 Strait-Jacket Leo Krause
1964 McHale's Navy Henri Le Clerc
1964 Island of the Blue Dolphins Aleoetyske haadman
1964 Hush... Hush, Sweet Charlotte Foreman
1965 In Harm's Way kolonel Gregory
1965 Mirage Willard
1965 Shenandoah kolonel Fairchild
1965 The Sons of Katie Elder Curley
1965 The Flight of the Phoenix Mike Bellamy
1967 Hurry Sundown sheriff Coombs
1967 The Dirty Dozen majoar Max Armbruster
1967 Cool Hand Luke Dragline Oscar foar bêste byrol fan in akteur
nom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur
1967 The Ballad of Josie Arch Ogden
1968 Bandolero! sheriff July Johnson
1968 The Pink Jungle Sammy Ryderbeit
1968 The Legend of Lylah Clare Matt Burke net fermeld op 'e ôftiteling
1968 The Boston Strangler resjersjeur Phil DiNatale
1969 Guns of the Magnificent Seven Chris Adams ek bekend as The Magnificent Seven 3
1969 The Good Guys and the Bad Guys Big John McKay
1969 Gaily, Gaily Axel P. Johanson yn dielen fan Jeropa útbrocht as Chicago, Chicago
1970 ...tick...tick...tick... John Little
1970 Airport Joe Patroni nom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur
1970 Zig Zag Paul R. Cameron ek bekend as False Witness
1970 Dirty Dingus Magee Herkimer "Hoke" Birdsill
1971 Fools' Parade Dallas "Doc" Council ek bekend as Dynamite Man from Glory Jail
1973 Lost Horizon Sam Cornelius
1973 Cahill, U.S. Marshal Abe Fraser
1974 Thunderbolt and Lightfoot Red Leary
1974 Airport 1975 Joe Patroni
1974 Earthquake brigadier Lew Slade
1975 The Eiger Sanction Ben Bowman
1975 The "Human" Factor John Kinsdale
1977 Airport '77 Joe Patroni
1977 Ningen no Shōmei Ken Shuftan Japanske film; de titel betsjut "Bewiis fan 'e Man"
1978 Mean Dog Blues haadynspekteur Omar Kinsman
1978 Death on the Nile Andrew Pennington
1978 Brass Target generaal George S. Patton
1979 Search and Destroy Anthony Fusqua
1979 The Double McGuffin kommissaris Talasek
1979 Steel Big Lew Cassidy
1979 The Concorde ... Airport '79 Joe Patroni
1980 Death Ship kaptein Ashland
1980 Virus admiraal Conway Japanske produksje; Japanske titel: Fukkatsu no Hi = "Dei fan 'e Weropstanning"
1980 Hotwire Farley en Harley Fontenot
1981 Just Before Dawn Roy McLean
1981 Modern Romance himsels / Zoron
1981 The Archer: Fugitive from the Empire Brakus
1982 Wacko Doctor Graves
1982 The Jupiter Menace himsels dokumintêre
1984 Chattanooga Choo Choo Bert
1984 A Rare Breed Nathan Hill
1984 Bolero Cotton
1984 Rigged Ben
1985 Radioactive Dreams Spade Chandler
1985 Savage Dawn Tick Rand
1986 The Delta Force pastoar O'Malley
1987 Creepshow 2 Ray Spruce
1987 The Gunfighters Deke Turner
1988 Born to Race Vincent Duplain
1988 Counterforce Vince Colby
1988 Demonwarp Bill Crafton
1988 Nightmare at Noon sheriff Hanks
1988 Top Line Heinrich Holzmann Italjaanske film; yn 'e Feriene Steaten útbrocht as Alien Terminator
1988 Uninvited Mike Harvey
1988 The Naked Gun: From the Files of Police Squad!   haadynspekteur Ed Hocken
1989 The Terror Within Hal
1989 Ministry of Vengeance dûmny Hughes
1989 Esmeralda Bay Wilson
1990 Brain Dead Vance
1990 Hired to Kill Thomas
1990 Mayumi Bachreinske resjersjeur Súdkoreaanske film; ek bekend as Mayumi: The Virgin Terrorist
1991 Hangfire Warden E. Barles
1991 Driving Me Crazy John McCready
1991 The Naked Gun 2½: The Smell of Fear haadynspekteur Ed Hocken
1991 Intensive Care dokter Bruckner Nederlânske film
1992 Final Shot: The Hank Gathers Story pastoar Dave
1992 Distant Justice Tom Bradfield
1994 Naked Gun 33⅓: The Final Insult haadynspekteur Ed Hocken
1994 River of Stone ûnbekend
1997 Cats Don't Dance L.B. Mammoth as stimakteur
1997 Bayou Ghost plysjeman Lowe
1998 Small Soldiers Brick Bazooka as stimakteur
1998 Dennis the Menace Strikes Again pake Johnson
2003 View from the Top passazjier dy't om wodka freget cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
2005 Three Bad Men Ed Fiske
2005 Truce dokter Peter Gannon
2005 Don't Come Knocking regisseur
2007 Sands of Oblivion John Tevis
2008 The Man Who Came Back rjochter Duke
2010 Six Days in Paradise Monty Crenshaw
2010 Mad Mad Wagon Party J.B. Scotch
2011 Another Happy Day Joe Baker
2014 The Gambler Ed

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.