Springe nei ynhâld

Fryske ûndernimming fan it Jier

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De Ferkiezing Fryske ûndernimming fan it Jier dy’t nei de earste edysje yn 1989 útgroeid ta in jierlikse tradysje. Hjirfoar is yn 2000 in Stichting ynsteld dy’t de taak hat om ûndernimmings mei kreativiteit en fernijings, dus treflik ûndernimmerskip te nominearjen. Dêrta screent in wurkgroep earst potinsjele kandidaten. Nei in beoardieling presintearret de wurkgroep de bedriuwen oan de sjuery. De sjuery bestie yn 2010 út Sj.H. Galema Deputearre Ekonomyske Saken fan Fryslân, H. Snijder Haadredakteur Ljouwerter Krante, I. van der Wey Managing fan de Friesland Bank en A.J. Zwart, directeur EcoSyle. De sjuery siket dan trije kandidaten út en begeliedet dizze trije nominearren nei de feestlike finale.

De prizen binne in sulveren skulptuer en in cheque (€ 7500,-) fan de Keamer fan Keaphannel Fryslân dy't bestege wurde moat oan PR en kommunikaasje.

Fryske Undernimming fan it Jier wienen:

Jier Bedriuw Produkt Plak
2010 Jongbloed drukkerij It Hearrenfean
2009 Holiday Ice iisprodukten Sint Nyk
2008 De Vries skipsbou Makkum
2007 gjin ferkiezing
2006 Vitalis NV helpmiddels Drachten
2005 Tichelaar ierdewurk Makkum
2004 Dokkumer Flaggen Sintrale flaggen Dokkum
2003 Hoekstra ynstallaasjetechnyk Suwâld
2002 CSK Food fiedings yngrediïnten Ljouwert
2001 Asset Control finansjele software Lippenhuzen
2000 gjin ferkiezing
1999 gjin ferkiezing
1998 De Haske Publikaasjes blêdmuzyk Aldehaske
1997 Biddle klimaatbehearsking Koatstertille
1996 Rentex Floron tekstylwaskerij Boalsert
1995 Rooth Multi-service skjinmeitsjen Snits
1994 AVEK bêden Surhústerfean
1993 Farmex betoneleminten Drachten
1992 Bijkon staal- en systeembou De Harkema
1991 DuinenZathe attraksjepark Appelskea
1990 Pâques BV biotechnology Balk
1989 Koga BV fytsen It Hearrenfean

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: