Springe nei ynhâld

Jongbloed BV

Ut Wikipedy
Royal Jongbloed
Jongbloed It Hearrenfean
Jongbloed It Hearrenfean
algemien
nasjonaliteit Nederlân
sektor Utjouwerij
haadkertier It Hearrenfean
oprjochte 1862
oprjochter Auke Jongbloed
fuortk. út Printerij Auke Jongbloed, Ljouwert
mem Eisma Media Groep
sifers
aktyf yn ynternasjonaal
offisjele webside
http://royaljongbloed.com/

Jongbloed (Jongbloed Uitgeversgroep BV) is in útjouwerij op It Hearrenfean, spesjalisearre yn it printsjen fan bibels en lieteboeken. Jongbloed BF hat him foaral talein op it drukken op tige tin papier, lykas 24 grams. Dêrmei hawwe boeken fan likernôch 2.200 siden in dikte fan twa sm. Sa kinne tsjokke boeken, lykas de bibel, tin bliuwe en binne se maklik mei te nimmen.

Jongbloed BF is fuortkommen út de printerij fan Auke Jongbloed yn Ljouwert. Dy begûn healwei de 19e iuw mei it printsjen fan bibels en lieteboeken. Begjin 20e iuw waard Jongbloed in NF.

Njoggetich prosint fan de bibels dy't by Jongbloed printe wurde binne foar de eksport. Yn hast alle lannen dêr't bibels yn omrin binne fynt men bibels fan Jongbloed.

Per 1 septimber 2009 is Utjouwerij Medema part fan Utjouwrij Jongbloed. De aktiviteiten yn Vaassen waarden ferpleatst nei It Hearrenfean; publikaasjes fan Medema ferskine noch wol ûnder it eigen label. Mids 2011 waarden ek de aktiviteiten fan it dat jier fallyt ferklearre Inspirit Media troch Jongbloed oernaam.[1] Yn novimber 2017 naam Jongbloed de útjouwerij Ark Media oer.[2]

Jongbloed mei sûnt simmer 2013 it predikaat ‘Keninklik' fiere en hjit sûnt Royal Jongbloed. It bedriuwslogo krige doe in kroantsje.[3]

Yn 2022 waard Utjouwerij Jongbloed oernaam troch de Eisma Mediagroep út Ljouwert. De namme fan Jongbloed waard doe feroare yn Jongbloed Christelijke Media. De direkteur fan Jongbloed komt yn it direksjeteam fan de Eisma Media Groep en sil lieding jaan bliuwe oan Jongbloed [4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Uitgeverij Jongbloed neemt bladen Inspirit over, IKON Kerknieuws.nl, 28 july 2011
  2. Overname Ark Media door Royal Jongbloed moet slagkracht vergroten, Boekblad.nl, 30 novimber 2017
  3. Bijbeldrukker Jongbloed nu koninklijk, Ljouwerter Krante 2 july 2013
  4. Eisma Media Groep neemt Uitgeverij Jongbloed onder haar vleugel. Rieplachte op 13 maaie 2022.