Springe nei ynhâld

Folle Spul om Neat

Ut Wikipedy
Folle Spul om Neat
algemiene gegevens
oarspr. titel Much Ado About Nothing
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1598 of 1599
1e publikaasje 1600, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Folle Spul om Neat
publikaasje 1962, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Folle Spul om Neat, yn it oarspronklike Ingelsk: Much Ado About Nothing, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't ferhellet oer de swierrichheden dy't twa pearkes ûnderfine op harren wei nei it houlik. It stik wurdt yn 'e regel beskôge as ien fan Shakespeare syn bêste komeedzjes, mei't it hilariteit kombinearret mei serieuze prakkesaasjes oer eare, skamte en polityk. Folle Spul om Neat moat skreaun wêze yn 1598 of 1599, en waard foar it earst publisearre yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.

It stik spilet yn Messina, in havenstêd op Sisylje oan 'e kust fan 'e Strjitte fan Messina, dy't it eilân skaat fan 'e Lears fan Itaalje. Sisylje hearde doedestiden ta de besittings fan 'e Kroan fan Aragon.

Folle Spul om Neat iepenet as in boadskipper yn Messina it nijs bringt dat don Predro, in Aragoneeske prins, en syn ofsieren Claudio en Benedick, ûnderweis werom binne, nei in oerwinning op it slachfjild. It is de bedoeling dat se in moanne yn Messina ferbliuwe sille. Leonato, de gûverneur fan Messina, seit dat de prins en syn mannen wolkom binne. Syn omkesizzer, Beatrice, freget de boadskipper nei Benedick, mar makket dan sarkastyske opmerkings oer Benedick syn ûnbehelplikheid as soldaat. Leonato leit de boadskipper út dat der "in fleurige oarloch" geande is tusken Benedick en har.

Sadree't de trije mannen arrivearre binne, sette Beatrice en Benedick útein mei tsieren. Claudio, oan 'e oare kant, rekket fuort by it wersjen al op 'e nij smoarfereale op Leonato syn dochter Hero, en al rillegau fertelt er oan Benedick dat er fan doel is en trou mei har. De synyske Benedick besiket syn freon dat te ûntpraten, mar don Pedro falt Claudio by. Benedick swart dan dat hy yn elts gefal nea trouwe sil, wêrop't don Pedro en Claudio him útlaitsje.

Op in maskere bal, dat holden wurdt om 'e Aragoneeske oerwinning te fieren, makket don Pedro fan 'e omstannichheden gebrûk om him foar te dwaan as de bleue Claudio, sadat er syn freon helpe kin troch foar him yn 't plak Hero it hof te meitsjen. Don Juan, de oerwûne broer fan don Pedro en in ferkeardeling dy't nocht oan ûnnocht hat, sjocht dêryn in mooglikheid om foar swierrichheden te soargjen troch Claudio wiis te meitsjen dat don Pedro sels om Hero stiket. Claudio wurdt poerrazen en wol mei don Pedro op 'e fûst, mar it misferstân wurdt al rillegau de wrâld útholpen, en Claudio en Hero jouwe inoar tawurd.

De brulloft sil pas oer in wike plakfine, dat om 'e ferfeling te ferdriuwen, beslute don Pedro en syn mannen om Beatrice en Benedick oaninoar te keppeljen. Se oerlizze mei Hero en har selskipsdames en mei-inoar briede se in plan út. De manlju beävensearje it sa dat Benedick in petear tusken harren ôflústeret wêryn't se it deroer hawwe dat Beatrice smoarfereale op him wurden is mar it him net doar te fertellen. De froulju dogge itselde by Beatrice. De mûklist hat it winske effekt, mei't sawol Benedick as Beatrice der feringele mei is om te ûntdekken dat de oare in ûnbeäntwurde leafde foar him/har field. Allebeide beslute se om 'e "fleurige oarloch" te beëinigjen en te sjen oft it wat wurde kin mei de oare.

Underwilens makket don Juan snoade plannen dêr't er de brulloft mei hopet foar te kommen en syn healbroer don Pedro mei yn ferlegenheid bringe wol. Hy fertelt don Pedro dat Hero har ferseine ûntrou is, en bewurkmasteret it sa dat don Pedro en Claudio sjen kinne hoe't Borachio, ien fan don Juan syn trewanten, Hero har sliepkeamer yngiet dêr't er de leafde mei har bedriuwt. Yn wurklikheid is it Margareta, ien fan Hero har selskipsdames, dêr't Borachio mei omslacht, mar dat witte don Pedro en Claudio net, en se traapje der moai yn. Claudio swart dat er Hero publyklik fernederje sil.

Hero falt derhinne yn 'e tsjerke, op in skilderij fan Alfred W. Elmore, út 1846.

De oare deis, by de houliksseremoanje, wiist Claudio Hero foar it each fan 'e feralterearre gasten by it alter ôf troch har foar in ljidske út te meitsjen, wêrnei't er mei steand seil de tsjerke ferlit. Hero falt derhinne, en har heit Leonato, dy't djip yn ferlegenheid brocht is nei Claudio syn iepenbierings, seit dat er wol woe dat se dea wie. Mar de preester, de iennichste dy't yn Hero har ûnskuld leaut, komt tuskenbeiden. Hy suggerearret dat de famylje beare moat as hie Hero harsels tekoart dien, mei't er fan tinken is dat allinnich dêrmei de wierheid boppe wetter komme sil. Leonato lit him troch de preester beprate. Underwilens binne Benedick en Beatrice troch de skokkende foarfallen oantrune om harren leafde oaninoar te bekennen. Mar it earste dat Beatrice Benedick dêrnei freget, is om Claudio út te daagjen ta in duël, mei't er de eare fan har nicht Hero besmodzge hat. Benedick griist der earst fan om mei syn maat te duëllearjen, mar hy lit him troch Beatrice oerhelje. Sa komt it dat Claudio koart dêrnei útdage wurdt ta trije duëls, troch Leonato en dy syn broer Antonio, om 'e sabeare dea fan Hero, en troch Benedick.

Lokkigernôch, lykwols, hat op 'e nacht fan don Juan syn smjuntestreek de kneukelhouwerige stedswacht, oanfierd troch de ferbaal beheinde konstabel Dogberry, Borachio en syn maat Conrade oppakt. Nettsjinsteande har knoffeligens hiene leden fan 'e stedswacht it twatal nammentlik har aaklik plan bepraten heard. Lang om let wurdt der in bekentenis út 'e beide mannen loskrigen, en dan kin konstabel Dogberry op syn wenstige betize manear Leonato fan 'e wiere tadracht op 'e hichte bringe. Don Juan ûntflechtet dêrop de stêd, mar de wet sit him efter de hakken.

Claudio, dy't nei Hero har sabeare dea alhiel yn 'e lytse loege sit, stimt ta yn 'e eask fan Leonato dat er no mei Antonio syn dochter trouwe sil, dy't as twa drippen wetter op Hero lykje soe. Op 'e trouwerij docht lykwols bliken, as de wale optild wurdt, dat it Hero sels is, dy't noch libbet. Claudio is dêr alhiel feringele mei. Dêrta oanfitere troch harren freonen litte Beatrice en Benedick op 'e brulloft foar it earst yn it iepenbier harren leafde foarinoar blike. It stik einiget as der in boadskipper arrivearret mei it nijs dat don Juan finzen nommen is, mar dat syn bestraffing útsteld wurdt, sadat de beide pearkes no earst fan harren nij-fûne gelokkigens genietsje kinne.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Much Ado About Nothing waard ûnder de titel Folle Spul om Neat yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1962 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. III, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare Shakespeariaanske komeedzjes, lykas De Fleurige Wyfkes, Nei Jim Beleavjen en Lyk om Lyk. Yn 2005 kaam der noch in twadde Fryske oersetting út, ûnder de titel In Protte Spul om Neat. Dy wie fan 'e hân fan Tryntsje van der Zee, nei in Nederlânsktalige bewurking troch Hans Brans.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. III: Komeedzjes: Folle Spul om Neat, De Fleurige Wyfkes, Nei Jim Bileavjen, Trije Keningejoun, Lyk om Lyk, Ein Goed, Alles Goed, Drachten, 1962 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.
  • Shakespeare, William, In Protte Spul om Neat (bew. Hans Brans; oers. Tryntsje van der Zee), 2005 (eigen behear), sûnder ISBN; Tresoar oanfraachnû. 11708 fr folio bis.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater