Springe nei ynhâld

Strjitte fan Messina

Ut Wikipedy
Strjitte fan Messina
geografy
type wetter seestrjitte
lokaasje tusken de Lears fan Itaalje
   en Sisylje
lân Itaalje
regio Kalaabrje
Sisylje
koördinaten 38°14′45″ N, 15°37′57″ E
ûnderdiel fan Tyrreenske / Ioanyske See
sifers
maks. lingte 32 km
maks. breedte 16 km
djiptegemiddelde 80 m
djipste punt 250 m
kaart
Strjitte fan Messina (Itaalje)
Strjitte fan Messina
De lizzing fan 'e Stjitte fan Messina yn Itaalje.

De Strjitte fan Messina (Italjaansk: Stretto di Messina, Sisyljaansk: Strittu di Missina) is in seestrjitte yn Itaalje dy't it eilân Sisylje skiedt fan Kalaabrje op it Apenynske Skiereilân en dy't de ferbining foarmet tusken de Tyrreenske See yn it noarden en de Ionyske See yn it suden.

Skipfeart yn de Strjitte fan Messina

De strjitte is neamd nei de Sisyljaanske havenstêd Messina. De foarnaamste stêd oan de Kalaabryske kant is Reggio Calabria. De measte fearboaten farre tusken Messina en it noardliker Villa San Giovanni, omdat it measte ferkear fan en nei noardliker gebieten giet en de strjitte hjir boppedat smeller is. Der wiene konkrete plannen om 2005 útein te setten mei de bou fan in brêge (Ponte di Messina) oer de seestrjitte, in brêge dy't de langste hingbrêge fan de wrâld wurde moat en boppedat ierdskoddingen (sa as dy yn 1908, dy't Messina ferwoastge) ferneare kinne moat. De plannen waarden fersteld. De bou fan de brêge waard op 23 desimber 2009 mei begûn. De seestrjitte hat sterke seestreamingen.

De Strjitte fan Messina is bekend om de protte swurdfisk dy't dêr sit en is in wichtich plak foar trekfûgels dy't de Midslânske See oerstekke wolle.

  • Spadi, F. (2001) "The Bridge on the Strait of Messina: 'Lowering' the Right of Innocent Passage?", International and Comparative Law Quarterly, nr. 50, sd. 411-419

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]