Fleanende Hauk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fleanende Hauk
Chief Flying Hawk3.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Čhetáŋ Kiŋyáŋ
oare namme Flying Hawk
nasjonaliteit Flagge United Sioux Tribes.PNG (Sioux)
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne maart 1854
berteplak oan 'e Rapid Creek
   (Súd-Dakota)
stoarn 24 desimber 1931
stjerplak Pine Ridge (Súd-Dakota)
etnisiteit Flagge United Sioux Tribes.PNG Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e
   Oglala-Lakota
aktyf as skiedkundige, filosoof
jierren aktyf 18661931
bekendste
  wurk(en)
Firewater and Forked
   Tongues

Fleanende Hauk (Lakota: Čhetáŋ Kiŋyáŋ, útspr.: [ʧʰe:'tã: Kĩ'jã:], likernôch: "tsj-heetaang kyngjaang"; Ingelske oersetting: Flying Hawk; oan 'e rivier de Rapid Creek (Súd-Dakota), maart 1854Pine Ridge (Súd-Dakota), 24 desimber 1931) wie in opperhaad fan 'e Lakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. As jongeman focht er yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en naam er û.m. diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn. Letter joech er him by de wyldwestshow fan Buffalo Bill Cody en ûntwikkele er him ta skiedkundige en filosoof. Tegearre mei Israel McCreight skreau er it wurk Firewater and Forked Tongues, in Yndiaanske sjenswize op 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fleanende Hauk waard yn 1854 berne oan 'e rivier de Rapid Creek, yn wat letter de Amerikaanske steat Súd-Dakota wurde soe. Hy wie in soan fan Swarte Foks (±1800-1880), in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota, en dy syn frou Izerne Seder, en hie fjouwer bruorren en susters en acht healbruorren en -susters (de bern fan 'e âldere suster fan Izerne Seder, dy't ek mei Swarte Fox troud wie). Under Fleanende Hauk syn bruorren wie Skoppende Bear, dy't letter namme meitsje soe as medisynman en oanhinger fan 'e geastedûns. Fierders wie Fleanende Hauk in folle neef fan it ferneamde Oglala-opperhaad Mâl Hynder, en in omkesizzer fan 'e foaroansteande Hûnkpapa-sjamaan Sittende Bolle, dat in broer fan Izerne Seder wie.

Libben as kriger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste gefjocht dêr't Fleanende Hauk yn behelle wie, fûn plak yn 1864, doe't er noch mar tsien jier wie. Dêrby gie it om in oerfal op in karafaan fan kapweinen fan blanke kolonisten dy't ûnder de beskerming fan in ôfdieling Amerikaanske kavalery oer it Bozeman Trail nei it Westen ta teach. Neffens Fleanende Hauk begûn dat gefjocht doe't de senuweftige soldaten it fjoer iepenen op in groepke Yndianen dy't fan in ôfstân de karafaan yn it each holden. Neitiid naam Fleanende Hauk diel oan 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), wêrby't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, ûnder lieding fan it Oglala-opperhaad Reade Wolk, mei súkses besochten en ferdreau it Amerikaanske Leger út syn forten oan it Bozeman Trail. As jonge kriger wie Fleanende Hauk fierders belutsen by de striid tsjin 'e Kro en de Pigan-substamme fan 'e Swartfuotten, dat tradysjonele fijannen fan 'e Lakota wiene.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 joech Fleanende Hauk him by de folgelingen fan syn omke Sittende Bolle, dy't bûten de reservaten ferbleaune. Hy wie yn 1876 en 1877 belutsen by hast alle wichtige konfrontaasjes mei it Amerikaanske Leger, wêrûnder de Slach oan de Rosebud, wêrby't de opmars fan 'e troepen fan brigadegeneraal George Crook ta stilstân brocht waard, en de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht waard. Yn 1877 wie Fleanende Hauk mei syn bruorren Skoppende Bear en Swarte Foks de Jongere en syn neven Earnetonger en Rinnende Earn ien fan 'e fiif folle neven fan it opperhaad Mâl Hynder dy't by de saneamde Lêste Sinnedûns har bloed en fleis ta syn eare opofferen. Nei't er him yn maaie 1877 mei Mâl Hynder oerjûn hie oan 'e Amerikaanske autoriteiten, wie Fleanende Hauk yn septimber fan dat jier yn Fort Robinson oanwêzich doe't Mâl Hynder arrestearre en by in wrakseling mei guon soldaten ferriedlik deade waard mei in bajonetstek.

Fleanende Hauk op in foto makke troch Gertrude Käsebier, út 1898.

Yn 1880, doe't er 26 jier âld wie, troude Fleanende Hauk met twa susters, Giet-Derút-om-te-Sjen en Wite Dei. Mei Giet-Derút-om-te-Sjen krige er in soan, Felix Flying Hawk; syn houlik mei Wite Dei bleau sûnder bern. Mei 32 jier waard er yn 1886 oansteld as opperhaad. Fleanende Hauk wie yn desimber 1890 oanwêzich by it Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern.

Dielname oan wyldwestshows[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1898 joech Fleanende Hauk him by de wyldwestshow fan William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill. Dêrmei reizge er de hiele Feriene Steaten troch en besocht er ek Jeropa. Nei it ferstjerren fan it opperhaad Izerne Sturt, yn 1916, waard Fleanende Hauk de oanfierder fan 'e Yndiaanske artysten fan 'e show. Letter trede er op mei de Miller Brothers 101 Ranch en it Sells Floto Circus. Fleandende Hauk wie nei alle gedachten it langst fan alle Yndianen aktyf yn wyldwestshows, fan 1898 oant 1930. By in optreden yn New York, yn 1898, kaam er yn 'e kunde mei de fotografe Gertrude Käsebier, dy't him frege om foar har te posearjen. Dy gearwurking smiet in yndrukwekkende fotorige op.

Omslach fan it boek Firewater and Forked Tongues, troch Fleanende Hauk en Israel McCreight.

Teffens krige Fleanende Hauk troch syn wurk as wyldwest-artyst kunde oan majoar Israel McCreight, in âld-legerofsier dy't by syn wente yn Du Bois, yn 'e steat Pennsylvania, in sterk beboske perseel lân hie, dat er beskikber stelde oan 'e Yndiaanske leden fan wyldwestshows om op te kampearjen. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw naam Fleanende Hauk de Ingelske namme Moses Flying Hawk oan. Nei't er yn 1930 opholden wie mei optreden, kearde er werom nei it Pine Ridge Yndianereservaat fan Súd-Dakota. Yn 'e winter fan 1930 op 1931 skreau er dat hy en syn folk inkeld fan 'e hongerdea rêden wiene troch jeften fan byldhouwer Gutzon Borglum en it Reade Krús. Doe't er ein desimber 1931 yn 'e âlderdom fan 77 jier kaam te ferstjerren, waard sein dat er fan honger omkommen wie.

Erfskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan Fleanende Hauk lei syn freon McCreight him ta op it fertellen fan it libbensferhaal fan it opperhaad. By de besiken dy't er oant 1929 oer in perioade fan tritich jier oan McCreight brocht hie, hied er dêr al in grut diel fan ferteld en diktearre. Sadwaande publisearre McCreight yn 1936 it wurk Chief Flying Hawk's Tales: The True Story of Custer's Last Fight, oer de Slach oan de Little Bighorn. Yn 1943 kaam The Wigwam: Puffs from the Peace Pipe út, mei de biografy en filosofy fan Fleanende Hauk. Dat waard yn 1947 folge troch de publikaasje fan it bekendste wurk fan McCreight en Fleanende Hauk, Firewater and Forked Tongues: A Sioux Chief Interprets U.S. History, wêryn't de Yndiaanske sjenswize oangeande de skiednis fan 'e Feriene Steaten jûn waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.