Springe nei ynhâld

Field Museum

Ut Wikipedy
Field Museum foar Natoerhistoarje
Field Museum of Natural History
  museum
Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 1400 S. Lake Shore Drive
koördinaten 41°51′58″ N 87°37′01″ W
Algemiene gegevens
ôfkoarting Field Museum
hist. namme Kolumbiaansk Museum fan
   Chicago (1893-1905)
Natoerhistoarysk Museum
   fan Chicago (1943-1966)
type natoerhistoarysk museum
wurkmêd skiednis fan 'e natoer
en fan 'e minsklike kultuer
oprjochting 1893
oprjochter Edward E. Ayer
Marshall Field
Arsjitektuer
arsjitekt William Pierce Anderson
boujier 1921
boustyl neoklassisisme
monumint. status NRHP (1975)
monumintnûmer 75000647
Offisjele webside
www.fieldmuseum.org
Kaart
Field Museum (Chicago)
Field Museum
Lokaasje fan it Field Museum yn it sintrum fan Chicago.

It Field Museum, folút: Field Museum foar Natoerhistoarje (Ingelsk: Field Museum of Natural History), soms ôfkoarte ta FMNH, is in tige foaroansteand museum yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat yn 1893 oprjochte waard. It leit him ta op natoerhistoaryske ûnderwerpen en hat op dat mêd ien fan 'e grutste kolleksjes fan 'e wrâld. Dêrnjonken hat it museum alteast in diel fan syn status te tankjen oan 'e omfang en kwaliteit fan syn edukative en wittenskiplike programma's. De rûnom as treflik beoardiele fêste tentoanstellings yn it Field Museum rinne útinoar fan meteoriten en de ierst bekende fossilen oant de hjoeddeistige kultueren fan 'e wrâld en alles dat dêr tuskenyn sit. De hiele kolleksje fan it museum beslacht mear as 24 miljoen foarwerpen, mei dêropta in bibleteek mei mear as 275.000 boeken, deiboeken (û.m. fan ûntdekkingsreizgers) en foto-argiven. It Field Museum ferwolkommet jiers mear as 2 miljoen besikers.

It Field Museum hie syn woartels yn 'e Mondiale Kolumbiaanske Tentoanstelling, dy't yn 1893 yn Chicago holden waard, en dêr't argeologyske en natoerhistoaryske fynsten út 'e Amearika's útstald waarden. Om dy tusken 1891 en 1893 gearfandele kolleksje nei ôfrin fan dat evenemint net ferlern gean te litten, beprate sakeman Edward E. Ayer de warehûsmagnaat en miljonêr Marshall Field om 'e stifting fan in museum te finansieren. De oprjochting fan wat doe noch it Kolumbiaansk Museum fan Chicago (Ingelsk: Columbian Museum of Chicago) hiet, fûn plak op 16 septimber 1893. As doelstelling waard dêrby opjûn: "it sammeljen en fersprieden fan kennis en it behâld en de útstalling fan foarwerpen dy't keunst, argeology, wittenskip en skiednis yllustrearje." It Kolumbiaansk Museum fan Chicago waard fêstige yn Jackson Park, yn it iennichste gebou fan 'e Mondiale Kolumbiaanske Tentoanstelling dat nei it ôfsluten fan dat evenemint stean bleau; dêr is hjoed de dei it Museum foar Wittenskip en Niverheid húsfêste.

In loftfoto fan it Field Museum, mei boppe-oan de kust fan 'e Michiganmar.

Yn 1905 waard it Kolumbiaansk Museum fan Chicago omneamd ta it Field Museum foar Natoerhistoarje, om 'e filantroop Marshall Field te earjen, dy't de oprjochting mooglik makke hie. Letter stie it museum fan 1943 ôf bekend as it Natoerhistoarysk Museum fan Chicago (Ingelsk: Chicago Natural History Museum), foar't it yn 1966 wer de namme út 1905 krige. Yn 1921 ferhuze it Field Museum fan syn oarspronklike lokaasje yn Jackson Park nei in nij gebou oan South Lake Shore Drive yn 'e binnenstêd, deunby de kust fan 'e Michiganmar, dat yn neoklassisistyske styl spesjaal foar dat doel boud wie nei in ûntwerp fan arsjitekt William Pierce Anderson fan it buro Graham, Anderson, Probst & White. Tsjin 'e ein fan 'e 1930-er jierren hie it Field Museum him ûntjûn ta ien fan 'e trije meast foaroansteande natoerhistoaryske museä yn 'e Feriene Steaten, njonken it Amerikaansk Museum foar Natoerhistoarje yn New York en it Nasjonaal Museum foar Natoerhistoarje (in ûnderdiel fan it Smithsonian Ynstitút) yn Washington, D.C.

Sûnt hat it Field Museum dy reputaasje witten te behâlden troch oanhâldende groei, de útwreiding fan syn wurkmêd en kolleksjes, publikaasjes fan wittenskiplik ûndersyk en it opsetten fan kwalitatyf treflike, priiswinnende tentoanstellings en edukative programma's. Yn 'e earste fyftich jier fan syn bestean allinnich al finansierde it Field Museum 144 ekspedysjes nei alle dielen fan 'e wrâld om dierlike en plantaardige eksimplaren en oare foarwerpen te bemachtigjen. Yn 1975 krige it gebou fan it Field Museum in monumintale status doe't it opnommen waard yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP). Hjoed de dei makket it Field Museum ûnderdiel út fan 'e saneamde Museumkampus fan Chicago, yn 'e mande mei it John G. Shedd Akwarium en it Adler Planetarium.

Permaninte tentoanstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De minskesliners fan Tsavo, opset yn it Field Museum.

Yn 'e Animal Halls (Bistesealen) binne útstallings te sjen dy't bisten toane yn harren natuerlike habitat. Der binne seis sealen: de Nature Walk ("Natoerkuier"), de Stanley Field Hall ("Stanley Field Seal"), Mammals of Africa ("Sûchdieren fan Afrika"), Mammals of Asia ("Sûchdieren fan Aazje"), Messages from the Wilderness ("Boadskippen út 'e Wyldernis", oer bisten út 'e Amearika's) en Sea Mammals ("Seesûchdieren"). Dêryn binne in protte opsette eksimplaren fan bisten te sjen:

Ek stiet der in opset eksimplaar fan 'e Afrikaanske oaljefant yn 'e Stanley Field Hall. Opmerklike eksimplaren binne fierders de opsette lichems fan 'e beruchte Minskesliners fan Tsavo, twa liuwen dy't fan maart oant en mei desimber 1898 oant 135 deadlike slachtoffers makken (almeast ûnder arbeiders dy't it spoar fan Kenia nei Oeganda oanleine), ear't se sels deade wurde koene.

De Stanley Field Hall of haadseal fan it museum, mei twa opsette Afrikaanske oaljefanten.

Evolving Planet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Evolving Planet ("Untwikkeljende Planeet") is in útstalling dy't de evolúsje fan it libben op 'e Ierde beljochtet oer in perioade fan 4 miljard jier. Der wurde fossilen toand fan iensellige organismen, synapsiden út it Perm, dinosauriërs, útstoarne bisten en iere minskeftigen. De kolleksje net-sûchdierlike synapsiden fan it Field Museum bestiet út mear as 1.100 katalogisearre eksimplaren, wêrûnder 46 holotypen.

Inside Ancient Egypt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inside Ancient Egypt ("Yn it Alde Egypte") is in útstalling dy't it bestean yn 'e Egyptyske Aldheid sjen lit. De kolleksje fan it Field Museum omfiemet 23 minsklike mummys, mei dêropta de mummifisearre resten fan in protte bisten. Dizze tentoanstelling omfettet ek in trije ferdjippings tellende replika fan 'e grêftombe fan Unis-Anch, de soan fan Unas, de lêste farao fan 'e Fyfde Dynasty, mei twa autentike keamers mei 5.000 jier âlde hieroglifen op 'e muorren. Dêrnjonken is der in Aldegyptyske merk te sjen mei artefakten út it deistich libben, in hillichdom foar de kattegoadinne Bastet, en diorama's dy't it balsemingsproses fan 'e deaden sjen litte as tarieding foar in bestean yn it hjirneimels.

The Ancient Americas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Ancient Americas ("De Alde Amearika's") beljochtsje 13.000 jier minsklik skiednis yn Noard- en Súd-Amearika, dêr't hûnderten tige útinoar rinnende en heech ûntwikkele maatskippijen bestiene foar't de earste Jeropeänen der ea foet oan lân setten. De útstalling lit it kolonisaasjeproses fan 'e Amearika's troch de Yndianen sjen fan it Arktysk Gebiet oant en mei Fjoerlân, en de kulturele ûntjouwings dy't dêrnei folgen.

In bôgesjitter fan it Terrakotta Leger (byld út 'e Qin-dynasty, 221-206 f.Kr.).

De tentoanstellings yn 'e Cultural Halls ("Kulturele Sealen") omfiemje seksjes oer de kultueren fan Sina en Tibet, mei û.m. in ferskaat oan tradisjonele dracht. Der is ek in útstalling oer Afrika, dêr't de besikers kennis bybrocht wurdt oer de withoefolle ferskillende kultueren op dat wrâlddiel, en in tentoanstelling dêr't men ferskate eilannen yn 'e Stille Súdsee besykje kin, mei û.m. in autentyk njoggentjinde-iuwsk riedshûs fan 'e Maöary, ôfkomstich út it Nijseelânske Tokomaru Bay.

Yn 'e Geology Halls ("Geologysealen") wurde dylchstoffen tentoansteld. De Grainger Hall of Gems ("Grainger Seal fan Ealstiennen") húsfêstet in grutte kolleksje diamanten en oare ealstiennen fan oer de hiele wrâld, en ek in Louis Comfort Tiffany-glês-yn-leadrút. Yn 'e Hall of Jades ("Seal fan Jadestiennen") leit in kolleksje Sineeske artefakten útstald dy't oer in perioade fan 8.000 jier makke binne fan jade.

Underground Adventure

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Underground Adventure ("Undergrûnsk Aventoer") jout de museumbesikkers ynsjoch yn 'e wrâld fan it lytse wrimeljende dierte dêr't se yn it deistich libben gjin acht op slane. Alles is werjûn as wiene se sels like grut as sokke lytse bistkes, en sa kinne se sjen hoe't ynsekten en ierde der op dy grutte útsjogge. Tagelyk leare se dêrby hoe wichtich oft biodiversiteit en in sûn miljeu binne.

Working Laboratories

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Working Laboratories ("Wurkaboratoaria") besteane út trije dielen:

  • it DNA Discovery Center ("DNA Untdekkingssintrum"): besikers kinne tasjen hoe't wiere wittenskippers DNA ûntlûke oan in ferskaat oan organismen. Hoewol't besikers en wittenskippers skaat wurde troch in glêzen wand, is it foar de besikers mooglik om 'e wittenskippers fragen te stellen oer harren wurk en oer DNA yn it algemien.
  • it McDonald's Fossil Prep Lab ("McDonald's Tariedingslab foar Fossilen"): besikers kinne sjen hoe't paleöntologen echte fossilen preparearje foar fierdere bestudearring.
  • it Regenstein Pacific Conservation Laboratory ("Regenstein Pasifysk Konservearringslaboratoarium"): in fasiliteit fan 150  dêr't besikers sjen kinne hoe't konservators wurkje oan it behâld en de bestudearring fan antropologyske foarwerpen fan oer de hiele wrâld.
De Tyrannosaurus rex Sue.
De Wikipedy hat ek in side Sue (dinosaurus).

Sûnt 17 maaie 2000 is yn it Field Museum ek Sue te sjen, it grutste fossyl fan in Tyrannosaurus rex dat ea ûntdutsen is, mei in lingte fan mear 12 m en in hichte fan 4 m. It fossyl is nei alle gedachten sa'n 67 miljoen jier âld, en hie by libben in gewicht fan nei skatting 8½ oant 14 ton. De dinosaurus is ferneamd nei Sue Hendrickson, dy't it fossyl oarspronklik ûntdiek yn it Cheyenne River Yndianereservaat fan Súd-Dakota. Nettsjinsteande dat is it geslacht fan it bist eins ûnbekend.

De fossilisearre bonken fan 'e Tyrannosaurus rex binne yn it Field Museum yn in sa natuerlik mooglike foarm werjûn, wêrby't lykwols in replika fan 'e plasse tafoege is. De wiere skedel wurdt apart tentoansteld, om't er op 4 m hichte foar de besikers net goed te sjen wêze soe, en ek om't it makliker is om in lichte neimakke skedel op dy hichte op te hingjen ynstee fan 'e echte fossilisearre plasse, dy't leadswier is. Sue wie achttjin jier lang te sjen yn 'e hal fan it Field Museum, mar waard yn 2018 ferpleatst nei in eigen romte yn 'e ôfdieling Evolving Planet.

Restearjende kolleksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e begjintiid fan it Field Museum wie de hiele kolleksje te besichtigjen. No kin dat net mear, om't de kolleksje dêr fierstente grut foar is. Sa hat it Field Museum ien fan grutste kolleksjes fisken fan 'e wrâld, de op trije nei grutste kolleksje op it mêd fan fûgelhûden en de op fjouwer nei grutste kolleksje yn Noard-Amearika op it mêd fan weakdieren. Om in foarbyld te jaan: fuort nei de iepening, yn 1893, wie de hiele weakdierekolleksje te sjen; dy naam doe al ien hiele tentoanstellingsseal yn beslach, dêr't 3.000 soarten weakdieren útstald wiene op krapoan 440 . Tsjin 1910 wiene der 20.000 weakdiereskulpen útstald, mei nochris 15.000 opslein yn in magazyn.

Yn it Field Museum fan tsjintwurdich is mar in lytse fraksje fan 'e folsleine kolleksje foar it publyk tagonklik. De grutte mearderheid leit opslein yn magazinen, is útliend oan oare museä of wurdt brûkt foar wittenskiplik ûndersyk. Wittenskippers fan oer de hiele wrâld kinne foarwerpen opsykje yn 'e online-katalogus fan it Field Museum en dan in oanfraach yntsjinje om se te lienen. It is folslein normaal dat sokke foarwerpen harren dan tastjoerd wurde. Der binne fansels wol fêstleine en publisearre betingsten oan sokke útlienings ferbûn, dy't soargje moatte dat de útliende foarwerpen ek wer yn goede steat weromkomme. Is dat net sa, dan hoecht de ferantwurdlike wittenskipper der net op te rekkenjen dat er ea noch wat oars te lien kriget. Yn 2012 ferwurke it Field Museum 419 lienoanfragen en ferstjoerde it yn ferbân dêrmei mear as 42.000 foarwerpen út 'e kolleksje nei de wittenskippers dy't se te lien frege hiene.

In njoggentjinde-iuwsk riedshûs fan 'e Maöary.
It fossyl fan in wolhierrige mammoet.

Mei de bibleteek fan it Field Museum waard yn 1893 úteinset. De kolleksje omfiemet boeken (almeast wittenskiplike útjeften), deiboeken (û.m. fan ûntdekkingsreizgers) en foto-argiven. De bibleteek is tagonklik foar de wittenskiplike stêf fan it museum, besykjende wittenskippers, studinten en, op oanfraach, foar leden fan it algemiene publyk. De Main Research Collections ("Algemiene Undersykskolleksjes") besteane út mear as 275.000 útjeften op it mêd fan biology, taksonomy, de evolúsjeteory, antropology, botany, geology, argeology, museology en dêrmei besibbe ûnderwerpen. Ta de Main Research Collections hearre ek de folgjende dielkolleksjes:

de Ayer Collection
de priveekolleksje fan Edward E. Ayer, de earste direkteur fan it Field Museum, dy't frijwol alle wichtige wurken oer ornitology omfettet dy't ea útjûn binne.
de Laufer Collection
de kolleksje dy't gearstald waard troch dr. Berthold Laufer, de earste Amerikaanske sinolooch en de konservator fan 'e ôfdieling antropology fan it Field Museum oant syn dea yn 1934. Ta dizze kolleksje hearre sa'n 7.000 wurken yn it Sineesk, Japansk, Tibetaansk en ferskate Westerske talen, dy't geane oer antropology, argeology, religy, wittenskip en reizgjen.
Karl P. Schmidt Memorial Herpetological Library
In kolleksje fan mear as 2.000 herpetologyske wurken ferneamd nei de Amerikaanske herpetolooch Karl Patterson Schmidt.
de foto-argiven
De foto-argiven fan it Field Museum omfiemje mear as 250.000 ôfbyldings op it mêd fan antropology, botany, geology en soölogy, mei dêropta fotomateriaal fan 'e skiednis en arsjitektuer fan it museum sels, de tentoanstellings dy't der te sjen west hawwe, de stêf dy't der wurke hat en ekspedysjes dy't troch it museum finansierd binne. Yn 2008 kamen twa kolleksjes út 'e foto-argiven fan it Field Museum beskikber foar it wrâldwide publyk fia de Digitale Argiven fan Illinois (IDA). Dêrby gie it om 'e kolleksjes oer de Mondiale Kolumbiaanske Tentoanstelling út 1893 en oer Stedslânskippen fan Illinois. Yn april 2009 waarden de foto-argiven ûnderdiel fan Flickr Commons.

It Field Museum yn 'e popkultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Field Museum hawwe opnamen plakfûn foar de folgjende films: de horrorfilm Damien: Omen II (1978), de komeedzje She's Having a Baby (1988) en de skriller Chain Reaction (1996). De horrorfilm The Relic (1997) waard hast hielendal yn it Field Museum opnommen. Yn 'e literatuer spile it Field Museum in wichtige rol yn 'e roman Dead Beat (2005), út 'e urban fantasy-rige The Dresden Files. Dêryn wekket tsjoender en privee-detektive Harry Dresden de Tyrannosaurus rex Sue wer ta libben as in somby, en riidt har it museum út om in machtige nekromantikus te ferslaan.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.