Springe nei ynhâld

Enough Said (film)

Ut Wikipedy
Enough Said
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Nicole Holofcener
produsint Anthony Bregman
Stefanie Azpiazu
senario Nicole Holofcener
kamerarezjy Xavier Pérez Grobet
muzyk Marcelo Zarvos
filmstudio Fox Searchlight Pictures
Likely Story
TSG Entertainment
Ingenious Media
Big Screen Productions
distribúsje Fox Searchlight Pictures
spilers
haadrollen Julia Louis-Dreyfus
James Gandolfini
byrollen Catherine Keener
Toni Colelette
Eve Hewson
Tracey Fairaway
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 septimber 2013
foarm langspylfilm
sjenre romantysk komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $8 miljoen
opbringst $25,3 miljoen

Enough Said is in Amerikaansk romantysk komeedzjedrama út 2013 ûnder rezjy fan Nicole Holofcener, mei yn 'e haadrollen Julia Louis-Dreyfus en James Gandolfini. De titel betsjut letterlik: "Genôch Sein", frij fertaald: "Ik Wit Genôch" of "Dúdlik". It ferhaal giet oer Eva, in fysioterapeute yn har middeljierren, dy't in relaasje begjint mei Albert, in skieden man. Dan ûntdekt se dat Albert de eks-man is fan har klant en freondinne Marianne. Nei in fjochtskieding hawwe dy beiden net folle goeds oerinoar te sizzen. Eva beslút om stil te hâlden dat se kontakt mei allebeide hat. Enough Said waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Fan 'e filmkritisy krige dizze ûnôfhinklike film rûnom lof taswaaid en hy wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Enough Said waard nominearre foar ferskate wichtige prizen, wêrûnder de Golden Globe foar bêste aktrise foar Louis-Dreyfus. Har tsjinspiler Gandolfini ferstoar foar't Enough Said útkaam en sadwaande waard de film oan him opdroegen.

Eva is in skieden frou yn har middeljierren en de mem fan in teenagedochter, Ellen. Se wennet yn Los Angeles en ûnderhâldt harsels as fysioterapeute. As se ris mei har freonen Will en Sarah, in troud pear, op in feest is, moetet Eva dêr de bekende dichteresse Marianne. By deselde gelegenheid stelt Will har foar oan in bekende fan him: in burdige, wat korpulinte man fan Eva har jierren, dy't Albert hjit. Nei ôfrin fan it feest freget Albert Will om it tillefoannûmer fan Eva. Letter skillet er har op en freget har mei út op in ôfspraakje. Eva wifket, mei't se har net fysyk ta Albert oanlutsen fielt, mar se stimt ta en as se ienris mei him op en út is, falt it har net ôf. Ek Marianne nimt kontakt mei har op om in ôfspraak te meitsjen foar in massaazje. Eva besiket har thús, sa't se dat mei al har klanten wend is. De beide froulju reitsje oan 'e praat, hawwe in klik en wurde freondinnen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Eva giet op 'e nij út mei Albert en begjint mear foar him te fielen. Se slagje mei-inoar op bêd, wat yn 't earstoan gjin ûnferdield súkses is, mar ek dat giet better neigeraden dat se it faker dogge. Albert nimt har mei nei in restaurant om har yn 'e kunde te bringen mei Tess, de teenagedochter fan him en syn freeslike eks-frou, dy't krekt as Eva har dochter Ellen risselwearret om út 'e hûs te gean om te studearjen. Underwilens fertelt Marianne by har moetings mei Eva it hûndert út oer it leafdeleaze houlik dêr't se oan ûntsnapt is en har aaklike eks-man mei alle nuvere kluchten dy't er altyd hie. Op in kear, as Eva by Marianne is, hat dy it wer oer har eks-man en fertelt se hoe't er altyd de stikjes sipel út 'e salsa hellet foar't er it opite wol, eat dêr't Marianne har dea oan ergere. Eva rekket fan it ferhaal yn betizing, mei't Albert har ferteld hat dat er net fan sipel hâldt en dêrom earst altyd de stikjes sipel út 'e guacamole hellet foar't er it opyt. Fuort letter komt Tess deryn, dy't Marianne oankrûpt en har "mem" neamt. Eva beseft op dat stuit dat Marianne de freeslike eks-frou fan Albert is en Albert de aaklike eks-man fan Marianne.

Ynstee dat se oan it ljocht bringt dat se omgong mei allebeide hat, mei't se ommers neat ferkeard dien hat, is Eva har earste, ynstinktive reäksje om harsels te ferskûljen, sadat Tess har net sjocht. Neitiid jout se har halje-trawalje ôf, mar thús bringt besinning gjin ferstannich beslút om oan Marianne en Albert op te bychtsjen wat der geande is. Ynstee beslút se har ûntdekking stil te hâlden en giet se út in soarte fan morbide nijsgjirrigens troch mei it útkloarkjen fan Marianne oer Albert, wêrnei't se de jammerklachten fan syn eks-frou ferliket mei har eigen ûnderfinings mei him. Har doel is, sa hâldt se harsels foar, om potinsjele swierrichheden yn har relaasje mei Albert te identifisearjen, mar al rillegau kin se net mear beoardielje oft de dingen dêr't Marianne oer klaget no echte problemen binne of net. Se lit harsels en Albert dêrom troch Will en Sarah útnûgje foar in itentsje, wêrby't se besiket it mooglike "probleemgedrach" fan Albert oan har freonen foar te lizzen. De jûn einiget yn mineur wannear't Albert dêr oanstjit oan nimt.

By in nije moeting mei Marianne komt de moard út wannear't Albert Tess by har mem thúsbringt. Sawol Albert as Marianne fiele harren ferret as bliken docht dat Eva witten en mienen mei harren beiden omgiet en dat geheim hâldt. De freonskip fan Eva mei Marianne is dan oer, en Albert makket syn relaasje mei Eva út. In wykmannich letter bringe Eva en har eks-man Peter, mei wa't se in freonskiplike relaasje holden hat, Ellen op it fleantúch om oan in universiteit oan 'e oare kant fan it lân oan har stúdzje te begjinnen. Neitiid giet it libben foar Eva wer troch, hoewol't se fral Albert tige mist en iensum is yn har lege hûs no't Ellen fuort is. In pear moannen letter, mei Thanksgiving, set se de auto eefkes stil by Albert syn hûs, sa't se dat de lêste tiid wol faker docht. Diskear sjocht er har en komt er nei bûten ta. Se stapt út en jout har by him en tegearre geane se op 'e râne fan 'e weranda sitten. Se fertelle inoar dat se inoar mist hawwe en begjinne foarsichtich op 'e nij oan in relaasje.

Julia Louis-Dreyfus.
James Gandolfini.
haadrollen
personaazje   akteur/aktrise
Eva Julia Louis-Dreyfus
Albert James Gandolfini


byrollen
personaazje            akteur/aktrise
Marianne Catherine Keener
Sarah Toni Collette
Tess Eve Hewson
Ellen Tracey Fairaway
Will Ben Falcone
Peter Toby Huss
Cathy Anjelah Johnson
Hilary Michaela Watkins
Debbie Amy Landecker
Cynthia Jessica St. Clair
Hal Christopher Nicholas Smith
Fran Kathleen Rose Perkins
Jason Philip Brock
Chloe Tavi Gevinson

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Enough Said waard regissearre troch Nicole Holofcener nei in senario dat se sels skreaun hie. Nei it útkommen fan har fjirde film, Please Give, yn 2010, naam filmstudio Fox Searchlight Pictures kontakt mei har op mei it oanbod om har folgjende film te produsearjen, op it betingst dat dy mear mainstream wêze soe as har eardere wurk. Holofcener skreau dêrop oer in perioade fan in healjier trije ferzjes fan it senario. Dat wie neffens harsels foar in part ynspirearre troch har eigen libben as skieden mem fan teenagebern, dy't yn har nije relaasje mei in oare man besocht net deselde flaters te meitsjen as yn har houlik mei har eks-man.

As produsinten wiene Anthony Bregman en Stefanie Azpiazu by it projekt belutsen foar de filmstudio's Fox Searchlight Pictures, Likely Story, TSG Entertainment, Ingenious Media en Big Screen Productions. Dêrmei wie Enough Said in ûnôfhinklike film. Foar de film wie in budget beskikber fan $8 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Xavier Pérez Grobet, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marcelo Zarvos. De opnamen foar Enough Said fûnen plak op lokaasje yn Los Angeles oer in pearioade fan 24 dagen yn it foarjier fan 2012. Haadrolspiler James Gandolfini ferstoar krapoan in jier letter, yn juny 2013, oan in hertoanfal, noch foar't de film útkommen wie. Enough Said waard dêrom oan him opdroegen.

De distribúsje fan Enough Said waard fersoarge troch Fox Searchlight Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 7 septimber 2013 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Hy gie dêrnei op 18 septimber yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Enough Said kaam op 14 jannewaris 2014 út op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Enough Said oer it algemien loovjende resinsjes. Sa fûn A.O. Scott fan The New York Times dat de film "regel foar regel, sêne foar sêne ien fan 'e bêst skreaune Amerikaanske komeedzjefilms út it resinte ferline [is]". Yn 'e Los Angeles Times skreau Kenneth Turan dat Enough Said it bewiis wie foar "it talint fan Holofcener om it libben te portrettearjen sa't it libbe wurdt". In protte filmkritisy hie ek lof foar haadrolspilers Julia Louis-Dreyfus en James Gandolfini. Sa woe Ann Hornaday fan The Washington Post hawwe dat Gandolfini syn rol bejeftige mei "sublime gefoeligens en neakene kwetsberens", wylst Ty Burr fan The Boston Globe de rol fan Gandolfini karakterisearre as "in optreden fan ûnbidige tearens en sjarme". Oangeande Louis-Dreyfus skreau Burr: "Holofcener djippet in kwetberens op dy't je fergetten hiene dat dizze aktrise yn har hie."

Ien fan 'e seldsume wanklanken yn it lofsjongend koar fan filmkritisy wie Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle, dy't skreau dat er it finen fan 'e leafde tusken de personaazjes fan Gandolfini en Louis-Dreyfus ûnoannimlik fûn. Dêropta brocht er op 't aljemint dat er de ferwizings yn 'e film nei de obesitas fan Albert, it personaazje fan Gandolfini, "ferfelend, makaber en alhiel net oangenaam" fûn, it ferstjerren fan Gandolfini foar de premiêre fan 'e film yn acht nommen.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Enough Said in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 190 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Enough Said is drûchwei sjarmant, aldertreflikst aktearre en úteinlings gâns bitterswiet; dêrmei is it in folwoeksen film yn 'e bêste sin fan it wurd." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Enough Said in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 44 resinsjes.

Enough Said brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $17,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $7,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $25,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $8 miljoen betsjut dat in winst fan $17,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Enough Said waard nominearre foar in grut tal wichtige prizen, mar wist dêrfan net ien te winnen. Haadrolspylster Julia Louis-Dreyfus waard nominearre foar de Golden Globe, de Satellite Award en de Critics' Choice Movie Award yn 'e kategory bêste aktrise. Har tsjinspiler James Gandolfini waard nominearre foar de Screen Actors Guild Award, Independent Spirit Award en Critics' Choice Movie Award foar bêste byrol fan in akteur en ek foar de Critics' Choice Movie Award foar bêste akteur yn in komeedzjefilm. Fierders wiene der nominaasjes foar de Satellite Award en de Independent Spirit Award foar bêste senario en de Critics' Choice Movie Award foar bêste komeedzjefilm.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.