Springe nei ynhâld

Eastlik wangpûdiikhoarntsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eastlik wangsekiikhoarntsje)
eastlik wangpûdiikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai echte wangpûdiikhoarntsjes
   (Tamias) Illiger, 1811
soarte
Tamias striatus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It eastlike wangpûdiikhoarntsje (wittenskiplike namme: Tamias striatus), ek wol de eastlike chipmunk neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), it boppeskaai fan 'e wangpûdiikhoarntsjes (Tamias) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e echte wangpûdiikhoarntsjes (Tamias). Dizze soarte komt foar yn hast de hiele eastlike helte fan Noard-Amearika. It is miskien wol de bekendste soarte wangpûdiikhoarntsjes, mei't de Disney-tekenfilmfigueren Knabbel en Babbel derop basearre binne.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eastlike wangpûdiikhoarntsje libbet yn it grutste part fan 'e eastlike helte fan Noard-Amearika, útsein Floarida en de kuststreken by de Golf fan Meksiko lâns yn Alabama, Mississippy en Louisiana, en by de Atlantyske Oseaan lâns yn Georgia, Súd-Karolina en Noard-Karolina. De uterste noardgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint troch it sintrale part fan 'e Kanadeeske provinsje Kebek fan 'e súdlike ein fan 'e Jamesbaai yn it westen nei de Saint Lawrencebaai yn it easten.

In eastlik wangpûd-iikhoarntsje.

Westlik fan 'e Jamesbaai komme eastlike wangpûdiikhoarntsjes yn Kanada ek foar yn it suden en de midden fan Ontario, it suden fan Manitoba en it súdeasten fan Saskatchewan. Dêrwei rint de westgrins fan har areaal oer de Grutte Flakten al bochtsjend nei it súdsúdeasten, om úteinlik by de rivier de Mississippy yn Louisiana út te kommen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eastlike wangpûdiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 13½-19 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 7¾-11⅓ sm en in gewicht fan 66-139 g. It is in relatyf lyts dierke, mei in readbrune pels op 'e rêch en de boppekant fan 'e kop. Oer de wringe rint yn 'e lingterjochting in swarte streek omjûn troch readbrún hier, mar boppe-oan de fangen rinne noch twa swarte streken, tichter opinoar, mei in ljochte, gielige streek dertuskenyn. Dêrûnder binne de fangen ljochter fan kleur as de rêch, ljochtbrún, dat nei de bealch ta stadichoan oergiet yn ljochtbêzje oant krêmkleurich hier. De sturt is dûnkergriis behierre, en de kiel hat deselde kleur as de bealch. Oer de sydkanten fan 'e kop, dy't fierders readbrunich is, rinne fan 'e snút nei de earen, ûnder en boppe de eagen lâns, twa gielige streken.

Krekt as oare wangpûdiikhoarntsjes hawwe eastlike wangpûdiikhoarntsjes grutte wangpûden, dêr't se fretten yn opslaan kinne. Op dy manear kinne se fluch in protte fretten bemachtigje en it dan meinimme nei in feilige plak dêr't se it yn alle rêst beplúzje kinne. It foardiel dat se dêroan ûntliene, is dat se dêrmei koarter bleatsteane oan predaasje en dat se har mei in lading fretten by har dochs fluch, want mei alle fjouwer poaten frij, ferpleatse kinne. Eastlike wangpûdiikhoarntsjes ferskille fan oare wangpûdiikhoarntsjes trochdat har gebit út twa tosken minder bestiet en trochdat se oan 'e foarpoaten mar fjouwer teannen hawwe (hoewol't de efterpoaten wol oer in folle fiif teannen beskikke).

Eastlike wangpûdiikhoarntsjes jouwe de foarkar oan biotopen besteande út leafwâlden mei rotspartijen en strewelleguod, mar komme ek foar yn mingde wâlden, stedsparken en grutte tunen.

In eastlik wangpûdiikhoarntsje stoppet in pinda yn syn wangpûde.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eastlike wangpûdiikhoarntsje is benammen oerdeis aktyf, en bringt in grut part fan 'e tiid troch mei foerazjearjen. Hy kin sûnder muoite yn beammen klimme, mar graaft ûndergrûnske hoalen om yn te wenjen, dy't faak besteane út komplekse tunnelstelsels mei ferskate yn-/útgongen. Om 'e lokaasje fan har hoale geheim te hâlden, loegje se har wangpûden fol mei útgroeven ierde, dy't se op in hiel oar plak útspije. De yngongen wurde fierder kamûflearre mei blêden, stiennen, twigen en oar materaal, sadat se frijwol net te sjen binne. Eastlike wangpûdiikhoarntsjes binne alhiel net skou, en sykje gauris piknikplakken op om te sjen oft de minsklike besikers dêre noch wat fan har gading hawwe. Se frette benammentlik bollen, sieden, fruchten, nuten, griene planten, poddestuollen, ynsekten, wjirms en soms sels fûgelaaien.

Sin oan pinda's.

It eastlike wangpûdiikhoarntsje libbet it grutste part fan it jier in solitêr bestean, en ferdigenet syn hoale fûleindich tsjin soartgenoaten. Winterdeis bringt er soms langere tiid troch yn it steat fan winterrêst, mar in wiere wintersliep hâldt er net. Inkeld yn 'e peartiid, dy't fan febrewaris oant april en nochris fan juny oant augustus falt, siket er it selskip fan soartgenoaten op. De wyfkes smite jiers ien of twa nêsten fan 3-5 jongen. Yn it wyld libje eastlike wangpûdiikhoarntsjes trochstrings mar in jier as trije, mar yn finzenskip kinne se wol acht jier wurde. De wichtichste natuerlike fijân is foar eastlike wangpûdiikhoarntsjes de langsturtwezeling (Mustela frenata), mar ek ferskate soarten hauken, foksen en slangen, de waskbear, de reade lynks en de hûskat snippe der wolris ien.

In eastlik wangpûdiikhoarntsje.

It eastlike wangpûdiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Der binne alve erkende ûndersoarten fan it eastlike wangpûdiikhoarntsje:

  • Tamias striatus doorsiensis
  • Tamias striatus fisheri
  • Tamias striatus griseus
  • Tamias striatus lysteri
  • Tamias striatus ohioensis
  • Tamias striatus peninsulae
  • Tamias striatus pipilans
  • Tamias striatus quebecensis
  • Tamias striatus rufescens
  • Tamias striatus striatus
  • Tamias striatus venustus

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.