Drive Angry

Ut Wikipedy
Drive Angry
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Patrick Lussier
produsint Michael De Luca
Luc Besson
Adam Fields
senario Todd Farmer
Patrick Lussier
kamerarezjy Brian Pearson
muzyk Michael Wandmacher
filmstudio Nu Image
Michael De Luca Production
distribúsje Summit Entertainment
spilers
haadrollen Nicolas Cage
Amber Heard
byrollen William Fichtner
Billy Burke
David Morse
Katy Mixon
Charlotte Ross
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 febrewaris 2011
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $41 miljoen

Drive Angry is in Amerikaanske fantasy-aksjefilm út 2011 ûnder rezjy fan Patrick Lussier, mei yn 'e haadrollen Nicolas Cage en Amber Heard. De titel bestjut: "Autoriid Lulk". It ferhaal giet oer de ûndeade krimineel John Milton, dy't ûntsnapt is út 'e hel om ôf te weven mei de sektelieder dy't syn dochter en skoansoan fermoarde en syn pakesizzer stellen hat om 'e poppe te offerjen yn in satanysk ritueel. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en die it net goed yn 'e bioskopen, sadat er lang net út 'e kosten kaam.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Milton, in ûndeade krimineel, is ûntsnapt út 'e hel en hat Goddeader stellen, it gewear fan Satan, dêr't er Jonah King mei fermoardzje wol. King is de lieder fan in gewelddiedige satanyske sekte, dy't de dochter en skoansoan fan Milton ombrocht en harren poppe stellen hat. Hy is fan doel om it famke te offerjen yn in satanysk ritueel, wêrfan't er mient dat it de hel op 'e ierde loslitte sil. As er yn 'e Amerikaanske steat Colorado guon folgelingen fan King ûnderfreget (en dêrnei fermoardet), ûntdekt Milton dat it ritueel plakfine sil yn Stillwater, in âld leechsteand tichthûs yn Louisiana.

Underweis dêrhinne moetet er de servearster Piper yn in weirestaurant, dy't har aaklike seksistyske baas Fat Lou it mannewaar opseit en ûntslach nimt. Om't Milton syn auto yn in eardere efterfolging total loss rekke is, hat er by it weirestaurant de auto fan Piper sabotearre. Hy set geandefoets by it restaurant wei ôf, en as er har letter mei pech oan 'e kant fan 'e wei tsjinkomt, biedt er oan om har auto te reparearjen yn ruil foar in lift yn 'e rjochting fan Stillwater. As Piper thúskomt, blykt har frijer Frank mei in oare frou om te slaan, wat har derta bringt om se allebeide in pear flinke klappen te ferkeapjen. Dêrop slacht Frank har del, mar Milton komt tuskenbeiden en jout Frank in wan bruien. Neitiid naaie Milton en Piper yn Frank syn auto út.

Underwilens arrivearret de Boekhâlder by it weirestaurant. Hy is in assistint fan Satan, dy't nei de ierde stjoerd is om Milton wer yn te rekkenjen en him Goddeader ôf te nimmen. Troch earst Piper har kollega Norma Jean en dêrnei Frank te ûnderfreegjen, komt er derefter dat Milton en Piper ûnderweis binne nei Louisiana. Norma Jean, dy't him freonlik behannelet, lit er libje, en hy yntimidearret har baas om har te helpen. Frank, dy't him bepaald net freonlik behannelet, fermoardet er. Neitiid docht er him foar as in FBI-agint om in pear plysjes safier te krijen dat se him helpe en spoar Milton op.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Milton en Piper bringe de nacht troch yn in motel fan twifelich gehalte, dêr't Milton seksuële omgong hat mei in servearster út in deunby kafee, wylst Piper op bêd rekket mei in oare kafeebesiker. It leafdesspul wurdt ûnderbrutsen troch in oanfal fan King en syn trewanten, mar Milton deadet de measten fan harren. Milton en Piper sette de efterfolging yn op King, en de Boekhâlder, dy't net lang nei de oanfal it motel berikt, efterfolget Milton en Piper. De Boekhâlder hellet harren by, mar Milton brûkt Goddeader om him mei syn plysje-auto fan in brêge ôf te sjitten, wat him tydlik tsjinhâldt.

As Milton en Piper it spoar fan King nei in tsjerkegebou folgje, blykt dat smoarfol te sitten mei sekteleden. Se wurde yn in mûklaach lokke en finzennommen, wêrnei't Piper ûntfierd wurdt yn in camper, wylst King Milton foar dea efterlit. Yn syn ûndeade steat is Milton lykwols ûnfetber foar de dea, dat hy komt wer by en deadet it meastepart fan 'e mannen dy't King by it tsjerkegebou efterlitten hat. Dan set er op 'e nij de efterfolging op King sels yn. Yn 'e camper wit Piper los te kommen út har boeiens. Se fjochtet mei King en ûntkomt oan 'e dea, as er har fermoardzje wol, troch út 'e camper op 'e auto fan Milton te springen. King beëiniget dit diel fan 'e efterfolging troch de motor fan dy auto oan grôt te sjitten.

Se binne no lykwols yn in diel fan 'e Feriene Steaten bedarre dêr't Milton bekend is. Hy nimt Piper mei nei syn freon Webster, in garaazjehâlder, dy't him in nije auto jout. Fan Webster komt Piper oan 'e weet dat Milton syn dochter yn 'e steek litte moast om har te beskermjen tsjin syn eardere kriminele kunde. Dat joech King de mooglikheid om har fia manipulaasje safier te krijen dat se har by syn sekte joech, foar't er har fermoarde doe't se har dêr wer los fan meitsje woe. Webster fertelt Piper ek dat Milton tsien jier lyn omkommen is by in sjitpartij en dat hy, Webster, persoanlik ien fan 'e mannen wie dy't by de begraffenis Milton syn deakiste droegen. Piper ûntdekt fierders dat it gewear Goddeader de macht hat om immens siel folslein te ferneatigjen, sadat der foar dy persoan hielendal gjin hjirneimels mear is, of dat no de himel of de hel west hie.

Underwilens arrivearret de Boekhâlder by it tsjerkegebou. Om't er sa njonkelytsen nijsgjirrich wurden is nei de reden foar Milton syn fêsthâldende efterfolging fan King, ûnderstiet er dêr in oerlibjend sektelid oer, en kriget er it ferhaal te hearren oer Milton syn pakesizzer.

Milton wol allinne fierder, om't er nei de aventoeren yn 'e tsjerke en de camper ynsit oer Piper har feilichheid. Mar Piper bewissiget him derfan dat se wol foar harsels soargje kin, en dat se meikomt. Se witte de plysjes fan sheriff Cap, dy't harren opwachtsje, te ûntwiken, en komme oan yn Stillwater. Dêr nimt de Boekhâlder Piper finzen en twingt Milton sa om Goddeader by him yn te leverjen. Om't er lykwols sympaty krigen hat foar Milton syn bedoelings, no't er begrypt wat de man besielt, stiet er him ta om te besykjen syn pakesizzer fan King en syn folgelingen te rêden, foar't er mei werom moat nei de hel. Dêrby komt oan it ljocht dat Satan net it ultime kwea is, mar eins de kalme bestjoerder fan in boppenatuerlik tichthûs, en dat er eins in grouwéligen hekel hat oan satanisten en minske-offers.

Wylst Milton de sekteleden ôfslachtet foar't se de poppe offerje kinne, ûntsnapt Piper oan 'e Boekhâlder, mei it gewear Goddeader yn 'e hannen. As King Milton oermânsk wurdt, fjurret Piper it gewear op him ôf, mar se mist en rekket ynstee ien fan syn oerbleaune trewanten. De weromslach fan it gewear is sa slim, dat se der bewusteleas fan rekket. King oarderet ien fan syn folgelingen om 'e poppe te deadzjen, mar de frou, deselde dy't foar it bern soarge hat sûnt King Milton syn dochter en skoansoan fermoarde hat, kin it net oer har hert krije om dat te dwaan, ta razernij fan King. As de Boekhâlder King ôfliedt, sjocht Milton syn kâns skoan om Goddeader te gripen. Hy sjit King mei it wapen del en ferneatiget sa dy syn siel.

Neitiid pakt de Boekhâlder de poppe op en stiet er Milton ta om ôfskie te nimmen. Milton jout it famke oan Piper, dy't him ûnthjit om har grut te bringen en te beskermjen. Webster jout him dan by har, en tegearre sjogge se ta wylst Milton 'stjert'. Nei't Webster en Piper fuortgien binne, blykt Milton noch altyd ûndea te wêzen. Hy komt wer oerein en stimt deryn ta om no sûnder ferset mei de Boekhâlder werom te gean nei de hel. Hy fynt lykwols dat er in goede reden hie foar wat er dien hat, en hy warskôget de Boekhâlder dêrom dat er op 'e nij ûntsnappe sil as dêr gjin rekken mei holden wurdt by de bestraffing dy't him yn 'e hel te wachtsjen stiet. De Boekhâlder seit dat er dêr nei útsjocht, wêrmei't er suggerearret dat er noch nea sa'n wille hân hat as by syn efterfolging fan Milton. Hy lit in swarte auto ferskine, dêr't hy en Milton ynstappe om troch de poarten fan 'e hel nei binnen te riden.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nicolas Cage.
Amber Heard.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
John Milton Nicolas Cage
Piper Amber Heard


byrollen
personaazje akteur/aktrise
de Boekhâlder William Fichtner
Jonah King Billy Burke
Webster David Morse
Norma Jean Katy Mixon
Candy Charlotte Ross
Mona Elkins Christa Campbell
Roy Pruitt Taylor Vince
Frank Todd Farmer
sheriff Cap Tom Atkins
Fat Lou Jack McGee

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drive Angy waard regissearre troch Patrick Lussier nei in senario fan Todd Farmer en himsels. As produsinten wiene Michael De Luca, Luc Besson en Adam Fields by it projekt belutsen, foar de filmstudio's Nu Image en Michael De Luca Production. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Brian Pearson, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Michael Wandmacher. De film waard opnommen yn 3D mei special effects fan Gary Tunnicliffe. Der wie foar Drive Angry in budget fan $50 miljoen beskikber. De opnamen fûnen plak op lokaasje yn Minden, Plain Dealing en Shreveport yn 'e Amerikaanske steat Louisiana.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Drive Angry waard fersoarge troch Summit Entertainment. De film gie op 25 febrewaris 2011 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre. Hy kaam op 31 maaie fan dat jier út op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drive Angry krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa joech Roger Ebert yn 'e Chicago Sun-Times de film twa fan fjouwer stjerren. Hy neamde it "in oefening yn opsetlike fulgariteit, grouwélige eksessen, de pornografy fan geweld en, net te ferjitten, de gewoane hûs-, tún- en koken-fariëteit fan pornografy." Yn 'e Washington Post skreau Mark Jenkins dat Drive Angry "sels op syn alderluguberst […] in bytsje saai is. En it wurdt allinne mar minder pakkend wat mear der fan 'e eftergrûn bekend wurdt." Elizabeth Weitzman skreau yn 'e New York Daily News: "Drive Angry is […] sa tawijd oan syn eigen pulp-eftigens, dat it, op syn eigen wize, in genot is om nei te sjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Drive Angrey in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 122 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't der aksjesênes yn sitte dy't yn it healwize binne, jout [de film] der de foarkar oan om feilich binnen de […] formule te wurkjen ynstee fan wat te dwaan dat echt unyk is." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Drive Angry in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 21 resinsjes. Amerikaanske bioskoopgongers dy't nei ôfrin fan it bioskoopbesyk befrege waarden, joegen de film in 71/2 op in skaal fan 1 oant en mei 10.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drive Angry brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $10,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $30,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst fan 'e film dêrmei út op mar $41 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjutte dat in ferlies fan $9 miljoen, en dêr wiene de marketingkosten noch net iens yn meinommen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.