Springe nei ynhâld

De Windhond (Saandam)

Ut Wikipedy
De Wynhûn
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plakSaandam
koördinaten52° 28' N 4° 49' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjebik- en slypmûne
flecht3,75 m
boujier1890
oare ynformaasje
eignerStifting De Zaanse Schans
monumintale statusgemeentlik monunimt
Kaart
De Windhond (Saanstêd)
De Windhond

De Wynhûn (offisjeel De Windhond) is in lyts mûntsje op 'e Saanske Skâns yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd.

It mûntsje is yn 1890 troch Jan Swart boud en wie in jierdeiskado foar syn 7 jier âlde soan Tijmen. Yn dy tiid waarden sokke mûntsjes faak foar bern boud, dy't dêrmei in hanneltsje yn bikstien driuwe koene. Bikstien waard fral brûkt om mei te skjirjen. De Wynhûn is de lêste mûne yn syn soarte.

Nei omswalkingen yn Saandam waard it mûntsje lang om let yn 1965 oan 'e stifting De Zaanse Schans skonken. It mûntsje hie doe ek in seagerij, mar dy is by de ferhûzing nei de Saanske Skâns net wer boud. Der binne wol njoggen stampers foar bikstien meigien en yn 1980 is der noch in slypstien byset. Op it eardere plak hie it mûntsje ek noch in skuorre derby, dy't net lang ferlyn rekonstruearre is, sadat de mûne wer it oansjen fan eartiids hie.

It mûntsje is in gemeentlik monumint en regelmjittich yn bedriuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
· · Berjocht bewurkje