Springe nei ynhâld

De Schoolmeester (Westsaan)

Ut Wikipedy
De Skoalmaster
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plak Westsaan
adres Guispad 3
koördinaten 52° 28' N 4° 47' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje papiermûne
flecht 20,70/20.72 m
boujier 1692
oare ynformaasje
eigner fer. De Zaansche Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 40013
Webside
www.zaanschemolen.nl
FB-side
Kaart
De Schoolmeester (Saanstêd)
De Schoolmeester

De Skoalmaster is in mûne yn it Noard-Hollânske plak Westsaan. It is de iennige papiermûne fan 'e wrâld dy't noch op wynkrêft funksjonearret. Oan 'e Saan stiene eartiids likernôch 40 papiermûnen. De mûne stiet oan 'e dearinnende âlde Guisweg en oan 'e Gouw en fan 'e Rykswei 8 ôf te sjen.

Oarspronklik waard de mûne yn 1692 boud en hy wurdt hjoed-de-dei noch alle dagen brûkt. Der wurdt ambachtlik Zaansch Bord, in stevich soarte papier, produsearre. Eigner is sûnt 1976 de feriening De Zaansche Molen. De mûne waard as seiskant boud, in seldsume ferskining dy't mar sân oare mûnen ha.

De Skoalmaster hat sûnt de bou yn 1692 altiten yn bedriuw west foar de papierproduksje.

Yn 1852 kaam de mûne yn it besit fan Gerbrand de Jong en nei him syn twa soannen, dy't de firmanamme Gebroeders de Jong brûkten. Dy namme bleau sûnt yn gebrûk. Yn 1877 waard de mûne modernisearre. Foar de oandriuwing fan in nije langseefmasine waard in stoommasine delset. Dy is yn 1948 ferfongen troch in Ford benzinemotor, dy't oant 1964 tsjinst die. Tusken 1964 en 1979 waard de masine oandreaun troch in diselmotor, sûnt draait de mûne op in elektromotor.

Op 28 augustus 1957 is de Skoalmaster troch de feriening fan de Nederlandsche Papierfabrikanten oankocht fan 'e N.V. Papier- en Papierwarenindustrie Gebr. de Jong. It bedriuw hierde sûnt de mûne fan 'e feriening. Yn 1976 is de mûne oerdroegen oan 'e feriening De Zaansche Molen.

De Skoalmaster is in seiskante stellingmûne op in twa ferdjippingen tellende ûnderbou. De stelling is op in hichte fan 3,80 m boppe de grûn. De mûne sels stiet tusken lange, grien betimmere drûchloadsen mei oranje dakpannen. De kape en it seiskant is reiddutsen. De wjukken ha in flecht fan 20,70 / 20.72 m en binne Ald-Hollânsk ophekt. De jitizeren boppe-as waard yn 1860 getten troch de masinefabryk D.A. Schrettlen & Co út Leien. It kruien fan 'e mûne fynt plak mei de sturt en in lier. De fjouwer wjukken driuwe de ferskillende soarten papiermasines oan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en oare ferwizings op nl:De Schoolmeester (Westzaan)


Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
· · Berjocht bewurkje