Springe nei ynhâld

De Zoeker

Ut Wikipedy
De Siker
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plakSaandam
adresKalverringdijk 31
koördinaten52° 28' N 4° 49' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjeoaljemûne
flecht22,50/22,00 m
boujier1676
oare ynformaasje
eignerDe Zaansche Molen
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer40127
Webside
www.zaanschemolen.nl
Kaart
De Zoeker (Saanstêd)
De Zoeker

De Siker is in oaljemûne oan 'e Kalverringdijk op 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. Oaljemûnen waarden brûkt om oalje út ferskillende soarten planten te produsearjen. Eartiids stiene yn 'e omkriten hûnterten fan sokke mûnen. De Siker is ien fan 'e fiif noch besteande oaljemûnen yn 'e Saankrite. Tichteby steane noch twa oare oaljemûnen: De Ooijevaar en de Bonte Hen.

De mûne waard oarspronklik om 1672 hinne yn Saandyk boud. Dêr stie de mûne súd fan 'e Sluissloot yn it iepen fjild en west fan it lettere spoar Amsterdam-Uitgeest. In diel fan 'e yn 1672 boude mûne wie noch âlder, want by de bou waard in ûnderdiel fan in oare mûne brûkt. Neffens guon soe dat in ûnderdiel west ha fan ien fan 'e mûnen dy't de Beemster drûch makken, mar oare boarnen betwifelje dat.

Yn 1891 waard besletten om De Siker as farvemûne yn te rjochtsjen, mar dat duorre net lang en tsien jier letter waard it oaljewurk fan 'e ôfbrutsen mûne Rad van Avontuur ynstallearre.

Nei 't de mûne yn 1925 troch in wynhoas skansearre rekke, like it der op dat ek De Siker ôfbrutsen wurde soe. Mar de mûneleafhawwer Frans Mars naam doe aksje en wat letter waard de feriening De Zaansche Molen oprjochte.

De spektakulêre ferhûzing yn 1968.

De doetiidske gemeente Saandyk kocht yn 'e jierren 1950 de mûne oan. Yn augustus 1968 ferhûze de mûne en troch it spektakulêre transport waard dy ferhûzing wrâldnijs. Nachts waard it achtkant oer de boppelieding fan it spoar tild om de mûne te ferhûzjen nei in lokaasje oan 'e Saan dêr't earder ea de ôfbaarnde oaljemûne De Wind stien hie. Doe't de mûne op dat plak wer opboud wie, waard de mûne oan 'e Zaansche Molen oerdroegen. Sûnt foarmet de Siker ien fan 'e mûnen op 'e Saanske Skâns, dy't alle jierren troch in soad toeristen besocht wurde. Simmerdeis draait de mûne op professionele basis.

De Siker is in achtkante, reiddutsen stellingmûne. De wjukken ha in flecht fan 22,50/22,00 m en binne Ald-Hollânsk ophekt. De mûne is mealree. De skuorre by de mûne is foar in part ynrjochte as mûnderswente.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Wynmûnen yn 'e Saankrite
    Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
    Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
    Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
    Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
    Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
    · · Berjocht bewurkje