Springe nei ynhâld

Het Jonge Schaap

Ut Wikipedy
It Jonge Skiep
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plakSaandam
adresKalverringdijk 31a
koördinaten52° 28' N 4° 48' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjehoutseachmûne
flecht20,50/20,68 m
boujier1680
rekonstruksje 2007
sloopjier1942
oare ynformaasje
eignerDe Zaansche Molen
Webside
De Zaansche Molen
Kaart
Het Jonge Schaap (Saanstêd)
Het Jonge Schaap

Het Jonge Schaap is in houtseachmûne oan 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd.

De oarspronklike mûne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike mûne waard yn 1680 boud en is yn 1942 ôfbrutsen. De âlde lokaasje wie west fan it spoar yn it ferlingde fan 'e Stationsstraat. Nei't de ôfbraakplannen bekend waarden is der in soad war dien om dat tefoarren te kommen, mar om 'e nocht.

Tekening mûneûnderdielen fan Anton Sipman.

Tusken 2005 en 2007 waard wurke oan 'e rekonstruksje fan 'e mûne op it plak tusken De Zoeker en de Os oan 'e Saanske Skâns op it plak dêr tusken 1685 en 1798 De Ster stie. De mûne is rekonstruëarre mei help fan krekte tekeningen, dy't flak foar de ôfbraak makke binne troch de mûnesaakkundige Anton Sipman (1906-1985). Ea wiene der yn 'e Saankrite likernôch 109 boppekruiende houtseachmûnen en Het Jonge Schaap is dêr de lêste fan. Bysûnder is dat de mûne ien fan 'e acht seiskante mûnten yn Nederlân is en dêrfan de iennige houtseachmûne. De mûne is noch jong, mar de boppe-as fan 'e mûne is tige âld en hat earder yn twa âldere mûnen tsjinne.

Al gau nei it stekken fan 'e roeden en it setten fan 'e kape op 27 febrewaris 2007 koe de mûne draaie en yn 'e simmer waard de mûne mealree makke. Op 27 septimber waard de mûne offisjeel yn gebrûk steld.

De rekonstruksje fan Het Jonge Schaap wie oant dan it grutste projekt fan 'e feriening De Zaansche Molen. It projekt koste 1,9 miljoen euro en koe mei subsydzjes fan 'e provinsje Noard-Hollân, de gemeente en grutte en lytse sponsors en ledenaksjes opbrocht wurde. De belangrykste ynkomstenboarne is it ferkeapjen fan hout.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Wynmûnen yn 'e Saankrite
    Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
    Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
    Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
    Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
    Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
    · · Berjocht bewurkje