Springe nei ynhâld

De Jonge Dirk

Ut Wikipedy
De Jonge Dirk
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plakWestsaan
adresGuisweg
koördinaten52° 27' N 4° 47' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjepapiermûne
flecht8,10 m
boujier1908/1959
oare ynformaasje
eignerfer. De Zaansche Molen
monumintale statusgemeentlik monumint
Webside
www.zaanschemolen.nl
Kaart
De Jonge Dirk (Saanstêd)
De Jonge Dirk

De Jonge Dirk is in mûne yn it Westzijderveld fan Westsaan. De mûne stiet op in stik lân east fan 'e Gouw en noard fan 'e Weelsloot.

De Jonge Dirk waard yn 1908 boud as 'Het Indiës Welvaren' oan it Blauwe Pad yn Saandam as speserijemûne. Yn 1958 waard de lokaasje yn it ramt fan gemeentlike útwreidingsplannen beboud en alles wat der stie lykas ek de mûntsjes Het Indiës Welvaren en De Huisman moast ferdwine. Het Indiës Welvaren ferhûze doe nei Westsaan, dêr't de mûne ek hjoed-de-dei noch as 'De Jonge Dirk' troch frijwilligers draait.

Yn 'e jierren 1970 sette in nije eigner mealwurk yn 'e mûne, sadat der ek papier produsearre wurde koe, lykas by 'De Schoolmeester', de grutte broer oan 'e oare kant. De mûne waard yn 1981 oan Hessel de Vries ferkocht, de lêste partikuliere eigner fan 'e mûne. Om 't de mûne te lyts waard, liet dy yn 1983 in skuorke oan 'e westkant oanbouwe.

Nei it hommelse ferstjerren fan Hessel de Vries stie it mûntsje in skoft stil. Op 8 maaie 2014 hat it neiteam fan Hessel de Vries de mûne oan 'e feriening De Zaansche Molen oerdroegen. Der waard in nije ploech mûnders gearstald en de leden fan dy ploech litte de mûne regelmjittich draaie.

Yn 2016 waarden nije roeden stutsen. Op basis fan âlde ôfbylden binne dy safolle mooglik yn 'e styl fan Het Indiës Welvaren holden. Ek waard de stelling wer yn 'e âlde styl werom brocht. Yn 'e simmer is de betimmering fan it achtkant foar in grut part fernijd.

Njonken De Jonge Dirk stiet it lytse wipmûntsje 'De Zwaan'. Dat mûntsje hat lykas syn buorman ek al hiel wat meimakke en waard nei de skea by in stoarm yn 2004 op 'e nij boud. Beide mûnen lizze op in eilân en binne allinne oer it wetter te berikken. De mûne is op ôfspraak te besjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Wynmûnen yn 'e Saankrite
    Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
    Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
    Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
    Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
    Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
    · · Berjocht bewurkje