Springe nei ynhâld

De Ooijevaar

Ut Wikipedy
De Earrebarre
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plak Saandam
adres Diederik Sonoyweg 19
koördinaten 52° 28' N 4° 48' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje oaljemûne
flecht 21.80 m
boujier 1622
oare ynformaasje
eigner De Zaansche Molen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 40032
Webside
www.zaanschemolen.nl
Kaart
De Ooijevaar (Saanstêd)
De Ooijevaar

De Earrebarre, offisjeel De Ooievaar (ek wol stavere as De Ooijevaar), is in oaljemûne súd fan 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. Oaljemûnen waarden brûkt om oalje út ferskillende soarten planten te produsearjen. Eartiids stiene yn 'e omkriten hûnterten fan sokke mûnen. Op 'e Saanske Skâns steane tichteby noch twa oare oaljemûnen: De Zoeker en de Bonte Hen.

De Earrebarre waard oarspronklik yn 1622 yn Assendelft boud, dêr't de mûne op 'e hichte fan 'e Kerkbuurt oan 'e Delft stie. Yn dy tiid hie de mûne noch gjin namme. Yn 1670 kocht Pieter van der Leij de mûne. Dy liet de mûne ôfbrekken en op 'e hjoeddeiske lokaasje wer opbouwe. Dêrnei wie de mûne yn gebrûk foar it slaan fan oalje en letter foar it meallen fan doppen en kakaoskroat. De mûne rekke yn 1936 syn funksje kwyt en sûnt stie de mûne te fertutearzgjen.

Mei't de feriening De Zaansche Molen yn 1955 eigner waard, folge in jier letter in grutte restauraasje fan it boufal. Dêrby waard ek it hiele achtkant ferfongen. Nei restauraasjes yn 1978 en 2000 is de mûne op frijwillige basis yn bedriuw.

Njonken de mûne steane grutte fabrykshallen fan Duyvis, dy't it biotoop fan 'e mûne bot oantaaste. Om't de mûne op it gebiet fan it fabryk stiet, koe de mûne net besichtige wurde. Sûnt 2014 brûkt in wynmûnemakkerij Saendijck de skuorre as wurkplak. Yn 2015 waard nei it winnen fan in priis de mûne wer restaurearre en is ek de haven en de kraangong rekonstruearre, sadat de mûne oer it wetter tagonklik is.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
· · Berjocht bewurkje