Springe nei ynhâld

De Gekroonde Poelenburg

Ut Wikipedy
De Kroande Poelenburg
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plakSaandam
adresKalverringdijk 27
koördinaten52° 28' N 4° 49' E
bysûnderheden
type mûnepaltrokmûne
funksjehoutseachmûne
flecht20,36 m
boujier1866, werbou: 1904, 1963
oare ynformaasje
eignerDe Zaansche Molen
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer40093
Webside
De Zaansche Molen
Kaart
De Gekroonde Poelenburg (Saanstêd)
De Gekroonde Poelenburg

De Gekroonde Poelenburg is in paltrokmûne oan 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. De mûne is mealree.

De mûne hat in komplekse skiednis. De skiednis fan 'e Poelenburg giet werom op in nei alle gedachten yn 1730 troch Pieter Jochemss Poelenburg as balkeseager boude paltrokmûne. Yn 1731 waard dy mûne yn it wynpachtregister fan 'e Banne Eastsaan ynskreaun. Om't de pacht neitiid betelle waard, moat de mûne yn 1730 boud wêze. Oare boarnen neame 1733 as boujier, it jier dat de mûne foar in brânfersekering ynskreaun waard. Dy mûne baarnde op 11 desimber 1903 ôf. Fuort dêrnei waard op dat plek in besteande mûne út Keech oan de Saan boud, dy't earder De Locomotief hiet, mar op it nije plak de namme De Gekroonde Poelenburg krige.

De Locomotief wie yn 1866 of 1867 boud en ferfong doe de doe al 200 jier âlde De Groene Jager, dy't foar de oanlis fan it spoar ôfbrutsen wurde moast. Under de nije namme De Poelenburg bleau de mûne yn Keech oan 'e Saan oant 1950 yn bedriuw. De mûne rekke yn it neigean en waard yn 1961 ôfbrutsen om dêrnei yn 1962-1963 oan 'e Saanske Skâns wer opboud te wurden op it plak dêr't earder de pelmûne De Grootvorst stien hie, dy't yn 1928 ôfbaarnde.

De seachflier.

Yn 2005 krige de mûne de âlde griene kleur werom nei't dy earder swart tarre wie. Ek waarden de planken potdeksele, lykas dat oarspronklik ek sa wie. Yn 2008 waard de felle griene kleur wat donkerder oerskildere, yn 2011 folge it fernijen fan 'e seachflier en yn 2015 waarden nije roeden stutsen.

De mûne moast yn 2017-2018 behannele wurde fanwegen oantaasting troch de bûnte kjifkrobbe.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Wynmûnen yn 'e Saankrite
    Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
    Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
    Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
    Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
    Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
    · · Berjocht bewurkje