Springe nei ynhâld

De Os (mûne)

Ut Wikipedy
De Okse
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plakSaandam
adresKalverringdijk 33
koördinaten52° 28' N 4° 49' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjeoaljemûne
flechtoarspr. 22,5 m
boujier1649
oare ynformaasje
eignerpartikulier eigendom
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer40048
Kaart
De Os (Saanstêd)
De Os

De Okse, offisjeel De Os, is in oaljemûne oan 'e Kalverringdijk op 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd.

De wynbrief fan 'e Okse waard op 14 maaie 1649 ôfjûn en dêrmei is de Okse de âldste mûne op 'e Skâns. De Kat wie mei in wynbrief fan 11 jannewaris 1646 as oaljemûne noch âlder, mar dy ferbaarnde op 27 novimber 1782 en waard doe op 'e nij boud.

Yn 1915 waard de Okse troch kakaoferwurker Jan Stuurman oankocht, dy't 3500 gûne foar de mûne betelle. Der waard in stiennen gebouke mei in motor by de mûne set en sûnt yn 'e mûne waard kakoafet út kakoadoppen parse. Om't de kape, de roeden en de stelling no oerstallich wiene, waarden dy ôfbrutsen.

Op 18 april 1923 ûntstie der brân yn 'e mûne, mar it slagge om dy op 'e tiid te dwêsten. Nei de brân waard it reiden tek troch planken ferfongen, sadat de mûne minder kwetsber wie foar brân, boppedat wie de mûne no ek steviger om de krêft fan de motor op te fangen. Yn 1995 waarden de planken wer troch reid ferfongen.

De mûne is fierder noch kompleet mei binnenwurk, allinne de kape en de wjukken ûntbrekke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Wynmûnen yn 'e Saankrite
    Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
    Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
    Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
    Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
    Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
    · · Berjocht bewurkje