Springe nei ynhâld

De Zwaan (Westsaan)

Ut Wikipedy
De Zwaan (Westsaan)
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plakWestsaan
adresGuisweg
koördinaten52° 27' N 4° 47' E
bysûnderheden
type mûnegreidemûne
funksjepoldermûne
flecht6,7 m
boujierûnbekend
oare ynformaasje
eignerfer. De Zaansche Molen
Webside
FB side.
Kaart
De Zwaan (Saanstêd)
De Zwaan

De Swan (offisjeel De Zwaan) is in greidemûntsje yn it Noard-Hollânke doarp Westsaan. De mûne stiet hjoed-de-dei njonken de speserijmûne De Jonge Dirk.

It mûntsje stie earst by de oaljemûne Het Pink yn Koog aan de Zaan, dêr't er yn 1974 omwaaide. De Swan waard restaurearre en ferhûze doe nei de hjoeddeiske lokaasje, dêr't it mûntsje yn sirkwy meallet. By grutte wetteroerlêst bemeallet it mûntsje it hiele eilantsje dêr't it op stiet.

Mei de oedracht fan De Jonge Dirk oan de feriening De Zaansche Molen yn 2014 waard ek De Swan oan De Zaansche Molen oerdroegen.

De Swan is útrist mei in houten waaierpompe en wurdt regelmjittich yn bedriuw set. De mûne is tagelyk mei De Jonge Dirk op ôfspraak te besjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Wynmûnen yn 'e Saankrite
    Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
    Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
    Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
    Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
    Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
    · · Berjocht bewurkje